CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B05 Brief college - Ofhanneling tasizzing 'Stipe by it winnen fan fûnsen foar nije boartersplakken'

Raadsvergadering 22 april 2025, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)339 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

vaer

Saaknûmer: 0086213775 1/1

gemeente

Opsterland Oan ‘e ried

Jo skaaimerk:

Jo brief fan:

Us skaaimerk:

Behannele troch:

Telefoan

0086168468

Jan Wim Ensing

0512 — 386 222

Underwerp: Ofhanneling tasizzing ‘Stipe by it winnen fan fûnsen foar nije boartersplakken’

Taheakke(n):

_Beetstersweach, 1 april 2025 Ferstjoerd op: 3 april 2025

Achte ried, By de riedsgearkomste fan 21 oktober 2024 hat wethâlder Durksz tasein dat boarterstúnkommisjes / Pleatslik Belangen stipe krije út de gemeente wei by it winnen fan fûnsen foar it ferfangen fan boarterstastellen. Oanlieding dêrfoar wie de berneboargemaster dy't oanspruts yn de gemeenteried

oer boarterstunen. Dêr kaam ûnder oare yn nei foaren dat de boarterstúnkommisje yn Jonkerslân it

dreech hie om fûnsen te winen foarit ferfangen fan in boarterstastel.

Boarterstúnkommisjes binne oanwiisd op it winnen fan fûnsen foar it keapjen fan in nij boarterstastel, de gemeentlike bydrage fan 20% mei in maksimum fan € 2000,- it tastel is meastentiids net genôch. Om ferienings en stiftingen te helpen by it winnen fan fûnsen hawwe wy in oersjoch beskikber steld op ús webside. Op oanfraach fan in boarterstúnkommisje kin it Doarpeteam advisearje oer it winnen fan fûnsen. Somtiden is advisearje net genôch. Yn it letter dit jier fêst te stellen wolwêzensbelied sil dêrom de mooglikheid om in ferieningsstiper oan te stellen ûndersocht wurde. Dêrneistsil der dit jier in evaluaasje wêze fan it boarterstúnbelied mei de boarterstúnkommisjes, dêr't ek oandacht by wêze sil foar finânsjes en it winnen fan fûnsen. Yn it gefal fan Jonkerslân hat de boarterstúnkommisje it winnen fan fûnsen mei súkses ôfrûne en is it boarterstastel yntusken besteld. Wy beskôgje dêrmei de moasje as ôfdien. As jo oer dizze brief fragen hawwe kinne jo kontakt opnimme mei Jan Wim Ensing, 0512 -386 222 of fia janwim.ensing@opsterland.nl Mei freonlike groetnis,

boargemaster en wethâlders,

degemeentesekretaris,

-

de boärgemaster,

N

Sandra van 't Hooge Postbus 10.000

Hoofdstraat 82

T (0512) 386 222

E _gemeente@opsterland.nl

IBAN NL82 BNGH 028.50.06.606

9244 ZP Beetsterzwaag

9244 CR Beetsterzwaag

F_

L_wwwopsterland.nl

BTW _NL001950149B01

(0512) 381 875

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=f0999d0c-97c7-4429-bbc8-ef27ab8003ce