CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B04 Taheakke 1 Skriftlike fragen FNP oer steat fan ûnderhâld bushalten Opsterlân

Raadsvergadering 30 juni 2026, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)356 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

SKRIFTLIKE FRAGEN (Artikel 39 Reglemint fan Oarder) Datum: 16-05-2026 Fraachsteller: Sikke Visser Underwerp: Steat fan ûnderhâld bushalten Opsterlân Taljochting: ROCAV Fryslân is in organisaasje dy ‘t opkomt foar reizgers yn it iepenbier ferfier. ROCOV hat in ynventarisaasje dien nei de steat fan de bushalten yn Fryslân. Der is sjoen nei fyts feiligens, steat fan de oanrin- en fytsrûtes, sosjale feilichheid en ûnderhâld. Oanlieding foar dit ûndersyk is it bestjoersakkoart tagonklikheid Provinsje Fryslân. Yn dy ynventarisaasje binne trije halten yn Opsterlân meinommen. 1. Trijhoek, wurdt as posityf beoardiele; 2. Oertûn, wurdt as negatyf beoardiele; 3. Wynjewâld N381, wurdt as negatyf beoardiele. Dêrneist hat de provinsje in subsydzje beskikber stelt fan maksimaal 25.000 de halt foar ferbetterings. Fragen: It kolleezje wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen: 1. Yn it rapport stiet dat it net helder is wa as ferantwurdlik is foar it ûnderhâld fan de bushalten yn de gemeente Opsterlân. Kin it kolleezje oanjaan hoe as it behear en ûnderhâld regele is fan de bushalten yn de gemeente Opsterlân? 2. Ut it rapport blykt dat sosjale feiligens by bushalten yn Opsterlân in oandachtspunt is. Kin it kolleezje oan jaan hoe as de sosjale feiligens by bushalten yn de gemeente Opsterlân ferbettere wurdt? 3.

Kin it kolleezje oanjaan as yn de gemeente Opsterlân op regelmjittige basis alle halten ynventarisearre wurde op de neamde punten yn it rapport fan ROCOV? 4. Kin it kolleezje de ried in oersjoch jaan fan de ynventarisaasje fan de halten op neamde ûnderwerpen neamt yn it rapport fan ROCOV? 5. Kin it kolleezje oanjaan op hokker termyn halten dy ‘t net yn oarder binne oanpakt wurde? 6. Kin it kolleezje oanjaan as de steat fan de halten byhâlden wurdt op de DOVO halte viewer en as de ynformaasje dêrop aktueel is?

7. Is it kolleezje op de hichte fan de subsydzje fan de provinsje? 8. Kin it kolleezje oanjaan as de Gemeente Opsterlân gebrûk makket of fan plan is op gebrûk te meitsjen fan bedoelde subsydzje? 9. Sjocht it kolleezje oanlieding om nei oanlieding fan it rapport maatregels te nimmen foar ferbettering fan bushalten yn Opsterlân? Sikke Visser, FNP Opsterlân

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://opsterland.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/f04fa08c-7645-404f-bb3f-f3302a6b87b8?agendaItemId=a18de465-0253-4f1f-8b31-5ad9953b11ed