CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B04 Riedsbrief Wurkbesite wethâlder Koonstra oan Denemarken

Raadsvergadering 10 november 2026, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)577 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

zaaknummer: 0086264490 | 1 / 2 Oan ‘e ried Jo skaaimerk: | Portefeuillehâlder: | Us Skaaimerk: | Behannele troch: | Telefoan: | Taheakke: Bert Koonstra | 0086264490 | J.W. Ensing | (0512) 386 222 | gjin Ünderwerp: | Beetstersweach, 22 septimber 2026 Wurkbesite wethâlder Koonstra oan Denemarken | Ferstjoerd op: 24 septimber 2026 Achte ried, Wethâlder Koonstra en in beliedsmeiwurker Doarpen hawwe fan 31 augustus oant en mei 2 septimber op wurkbesite west nei Denemarken. Op basis fan de Gedragscode integriteit collegeleden gemeente Opsterland 2016 leit hy mei dizze brief ferantwurding ôf oer dizze reis. Oan de wurkbesite wiene gjin kosten ferbûn foar de gemeente Opsterlân. Wurkbesite Denemarken Fan 31 augustus oant en mei 2 septimber brocht de provinsje Fryslân mei acht Fryske gemeenten en twa DorpsOntwikkelingsMethode-tinkers in wurkbesite oan de Deenske gemeente Syddjurs. Syddjurs wie ien fan de partners yn it Gocore projekt dêr't kennis útwiksele wurdt tusken sân ferskillende lannen oer ûnder oare tema’s op it mêd fan leefberens. Mei saneamde 'fillaazje klusters' wurkje ferskate doarpen yn Syddjurs gear oan harren mienskiplike takomst. Net elk doarp hoecht alles sels te hawwen: troch foarsjenningen, ideeën en krêften te bondeljen, ûntstiet in sterker gehiel. Mei in mienskiplike identiteit, fyzje én aksjeplan.

Sintraal stie it doarpekluster ‘Developing Mols’, in gearwurking fan 24 doarpen op de skiereilannen Mols en Helgenæs mei sa’n 3.800 ynwenners. De oanlieding foar de gearwurking wie yn 2013 dúdlik: demografyske feroarings, fergrizing, minder bern, tanimming fan leechsteande wenten en de driging dat in part fan it ûnderwiis ferdwine soe. Ynstee fan elk doarp foar himsels te organisearjen, is keazen foar in mienskiplike gebietsbenadering mei in dielde identiteit, in fleksibele organisaasje en in grut tal projektgroepen. Molsværket is it meast sichtbere resultaat dêrfan: in mienskiplik moetings- en aktiviteitesintrum dêr’t ûnderwiis, berne-opfang, sport, kultuer en it moetsjen byinoar komme. De efterlizzende gedachte is wichtiger as it gebou sels: safolle mooglik funksjes diele en sa foarsjennings sterker, effisjinter en mear fan de mienskip meitsje. Alle aktiviteiten steane yn it teken fan it oanfiterjen fan sûn gedrach ûnder de bern. Ek by Naturbo, in wenprojekt mei 59 wenten foar 50-plussers, en by Havmøllen, in renovearre hoeve foar lokale ynset oan de kust, kaam deselde brede opfetting fan leefberens werom: wenjen, natuer, moetingen, frijwilligerswurk, kultuer en mienskipskrêft hingje mei-inoar gear. Ferfolg foar Opsterlân De provinsje Fryslân wurket op dit stuit oan in nije DOM-regeling. De ferwachting is dat yn de hjerst de nije DOM-regeling bekend makke wurdt.

Wat al wol bekend is: wêr't foarhinne doarpen harren yndividueel oanmelde koene foar in DOM-trajekt sil it no sa wêze dat allinnich klusters fan doarpen harren oanmelde kinne. Elke Fryske gemeente kin yn de earste ronde in doarpekluster oanmelde foar in DOM-trajekt. Zaaknummer: 0086264490 2 / 2 Foar Opsterlân betsjut dat dat wy ûndersykje sille hokker doarpen har ferienigje wolle yn in kluster om har sa mei-inoar oan te melden foar in DOM-trajekt. Fragen? Wy fertrouwe derop jo hjirmei foldwaande ynformearre te hawwen oer de wurkbesite. Hawwe jo noch ynhâldlike fragen oer de wurkbesite? Dan kinne jo kontakt opnimme mei Jan Wim Ensing, adviseur Doarpen. Hy is te berikken op it mailadres janwim.ensing@opsterland.nl of telefoannûmer 06-45449074. Hawwe jo fragen oer de gong fan saken oangeande wurkbesites? Dan kinne jo kontakt opnimme mei Carlijn Ausems, direksjesekretaris. Sy is te berikken op it mailadres carlijn.ausems@opsterland.nl of telefoannûmer 06-13378891. Mei freonlike groetnis, boargemaster en wethâlders, de gemeentesecretaris, Sandra van ’t Hooge de burgemeester, Andries Bouwman

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://opsterland.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/091abc5d-7bb1-485f-ad42-e0169f0c0c29?agendaItemId=cf4ac8c4-7fe6-4e87-8d0b-8331de83b9df