CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B04 Riedsbrief beäntwurding fragen FNP oer ûnderhâld bushaltes

Raadsvergadering 30 juni 2026, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)858 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

zaaknummer: 0086255476 1 / 3 Achte ried, Op 16 maaie hat menear Visser fan de fraksje fan de FNP skriftlike fragen steld oer de steat fan it ûnderhâld fan de bushaltes yn de gemeente Opsterlân Nei oanlieding fan it rapport Ynventarisaasje Bushaltes yn Fryslân d.d. 5 juny 2025 fan ROCOV Fryslân. Yn dizze brief beäntwurdzje wy de fragen. Yn de bylage fine jo de fragen van de FNP mei de taljochting. 1. Yn it rapport stiet dat it net helder is wa as ferantwurdlik is foar it ûnderhâld fan de bushalten yn de gemeente Opsterlân. Kin it kolleezje oanjaan hoe as it behear en ûnderhâld regele is fan de bushalten yn de gemeente Opsterlân? Fan eltse wei witte wy wa’t de weibehearder is. De weibehearder is ferantwurdlik foar it behear en ûnderhâld fan de bushaltes en de omjouwing. Binnen de gemeente Opsterlân binne dit de gemeente en provinsje Fryslân. 2. Ut it rapport blykt dat sosjale feiligens by bushalten yn Opsterlân in oandachtspunt is. Kin it kolleezje oan jaan hoe as de sosjale feiligens by bushalten yn de gemeente Opsterlân ferbettere wurdt? It kolleezje hat in oare lêzing fan it rapport. Pagina 18 fan it rapport jout in rangoarder fan de beoardieling fan Sosjale Feiligens fan de ferskate gemeenten dy't ûndersocht binne. Gemeente Opsterlân stiet op de nr. 2 heechst skoarende fan alle gemeenten.

Spesifyk is yn Opsterlân de halte oan de provinsjale dyk N381 as leech beoardiele mei as oarsaak de lizzing fan de halte. By ús binne yn de lêste fiif jier gjin meldingen registrearre dy't gean oer de sosjale feiligens by bushaltes. It kolleezje sjocht op dit stuit dan ek gjin oanlieding om de sosjale feiligens fan haltes te ferbetterjen. 3. Kin it kolleezje oanjaan as yn de gemeente Opsterlân op regelmjittige basis alle halten ynventarisearre wurde op de neamde punten yn it rapport fan ROCOV Wy sjogge net spesifyk nei de punten lykas yn it rapport neamd. De bushaltes en romte om de bushaltes hinne wurde kontrolearre en ûnderhâlden sa't fêststeld is yn it Byldkwaliteitsplan Behear Iepenbiere Romte. Dêrneist antisipearje wy as der meldingen oer in spesifyk plak dien wurde. Oan ‘e ried Jo skaaimerk: Gjin Jo brief fan: 16 maaie 2026 Ús kaaimerk: 0086255476 Behannele troch: Herman Pieter Klaster Telefoan: (0512) 386 222 Taheakke(n): 1 Ûnderwerp: Beantwurding skriftlike fragen FNP ûnderhâld bushaltes Beetstersweach, 16 juny 2026 Ferstjoerd op: 18 juny 2026

Zaaknummer: 0086255476 2 / 3 4. Kin it kolleezje de ried in oersjoch jaan fan de ynventarisaasje fan de halten op neamde ûnderwerpen neamt yn it rapport fan ROCOV? De ynventarisaasje fan halten binne opnommen op side 2 fan it rapport en digitaal te rieplachtsjen fia de webside fan ROCOV Fryslân. It kolleezje hat gjin oanfoljende ynventarisaasje op de beneamde ûnderwerpen. 5. Kin it kolleezje oanjaan op hokker termyn halten dy ‘t net yn oarder binne oanpakt wurde? De gemeente Opsterlân stiet yn de “Overall ferliking gemeenten” op nûmer 4 fan de 14 ûndersochte gemeente (side 15 fan it rapport). Yn totaal binne 262 halten ûndersocht. De gemeente Opsterlân hat 5 fan de 32 halten dy't it bêste skoare yn de provinsje (side 20 fan it rapport). Der steane gjin stasjons fan de gemeente Opsterlân yn de min skoarende halten. Wy fine it dêrom net nedich om fierdere ferbetteringen troch te fieren. 6. Kin it kolleezje oanjaan as de steat fan de halten byhâlden wurdt op de DOVO halte viewer en as de ynformaasje dêrop aktueel is? Binnen it gearwurkingsferbân DOVA (Decentrale OV-Autoriteiten) binne der ôfspraken makke oer data. As weibehearder hawwe wy hjiryn in beheinde rol en leveret allinnich periodyk gegevens oan by wizigingen en / of meldings. Wy sjogge gjin oanlieding om kontrôles út te fieren of de datasystemen fan tredden aktueel binne. 7.

Is it kolleezje op de hichte fan de subsydzje fan de provinsje? Ja, it kolleezje is op 'e hichte fan de subsydzjemooglikheden foar it ferbetterjen fan haltes foar tagonklikens. Yn it ferline hawwe wy dêr in soad gebrûk fan makke. 8. Kin it kolleezje oanjaan as de Gemeente Opsterlân gebrûk makket of fan plan is op gebrûk te meitsjen fan bedoelde subsydzje? By in werynrjochting fan de iepenbiere romte wol it kolleezje gebrûk meitsje fan dizze subsydzje. In halte is faak ien ûnderdiel fan it tagonklik meitsjen fan de totale iepenbiere romte. De halte wurdt dan yntegraal opnommen binnen de werynrjochting en dan biedt de subsydzje hjiryn ekstra finansjele mooglikheden.

Zaaknummer: 0086255476 3 / 3 9. Sjocht it kolleezje oanlieding om nei oanlieding fan it rapport maatregels te nimmen foar ferbettering fan bushalten yn Opsterlân? Sjoch it beäntwurdzjen by fragen 2 en 5. It kolleezje is fan miening dat der gjin direkte needsaak is om haltes te ferbetterjen. Wol is der altyd romte foar ferbettering en nimme wy de ûndersyksresultaten mei by takomstige werynrjochtingen. Wy fertrouwe derop jo hjirmei genôch ynformearre te hawwen. Mochten jo noch oanfoljende fragen hawwe, dan kinne jo kontakt opnimme mei ús ferkearskundige; Rico Bade. Hy is te berikken op rico.bade@opsterland.nl. Mei freonlike groetnis, boargemaster en wethâlders,, de gemeentesekretaris, de boargemaster, ​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​ ​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​​ Sandra van ’t Hooge Andries Bouwman Taheakken: Skriftlike fragen - Steat fan ûnderhâld bushalten Opsterlân

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://opsterland.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/14ab224a-9692-4ba0-81ee-0a952b974ec9?agendaItemId=a18de465-0253-4f1f-8b31-5ad9953b11ed