CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B03 Riedsbrief Beäntwurdzjen skriftlike fragen oer geitehâlderijen yn Opsterlân - FNP

Raadsvergadering 2 maart 2026, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)1.193 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Saaknûmer: 0086240157

1/3

Oan de gemeenterie

Jo skaaimerk:

Jo brief fan:

Us skaaimerk:

Behannele troch:

Telefoan:

Bylagen:

-

18 desimber 2025

0086240157

Aize Kramer

(0512) 386 222

2

Underwerp: Beäntwurdzjen skriftlike fragen oer geitehâlderijen yn Opsterlân

Beetstersweach, 27 jannewaris 2026 Ferstjoerd op: 29 jannewaris 2026

Achte rie, Op 18 desimber 2025 krigen wy in oantal skriftlike fragen (bylage 1) fan riedslid H. Hofstee (FNP) oer geitehâlderijen yn Opsterlân. Dy fragen binne steld nei oanlieding fan it nijsberjocht fan 8 desimber 2025 oer it advys dat de Gezondheidsraad útbrocht hat yn ferbân mei geitehâlderij en gefoelige bestimmings oan de ministers fan VWS (Volksgezondheid, Welzijn en Sport) en LVVN (Landbouw, Visserij, Voedselzekerheid en Natuur)1. Taljochting ûndersyk Gezondheidsraad2 Ut ûndersyk binnen it programma Veehouderij en Gezondheid Omwonenden (VGO) komt in ferbân oan it ljocht tusken it wenjen yn de buert fan geitehâlderijen en longûntstekkings. Yn july 2025, yn in earste dieladvys, konkludearre de sûnensriekommisje Veehouderij en Gezondheid dat dat ferbân nei alle gedachten de oarsaak is en dat dat foldwaande oanlieding is om op basis fan it foarsoarchbegjinsel maatregels te treffen. Yn it twadde dieladvys ûnderstreket de kommisje de needsaak foar maatregels. Binnen in wenôfstân fan 1 kilometer fan in geitehâlderij blike minsken in oanmerklik heger risiko te rinnen as minsken dy’t net yn ’e buert fan in geitehâlderij wenje. Ferlike mei it bleatstellen oan oare boarnen fan luchtfersmoarging of oare skealike miljeufaktoaren is dat risiko neffens de neamde kommisje tige grut.

De Gezondheidsraad advisearret op grûn fan boppeneamde it folgjende oan de oerheid: • Ofstân: Nije geitehâlderijen en gefoelige bestimmings (wenningen, skoallen, ensfh.) moatte op syn minst 1 km út inoar lizze, út foarsoarch; • Emisjereduksje: Ferminderje de útstjit fan de boarne mei bettere ôfsûging en stâlbehear; • Monitoarje: Folgje hokker maatregels it meast effektyf binne om sûnensrisiko’s te ferminderjen; • Oanpak: Pak it probleem oan troch sawol ôfstân te hâlden as de útstjit te ferminderjen.

1 Op 25 maaie 2021 (skaaimerk: 0086166969) is jo rie earder troch ús ynformearre nei oanlieding fan skriftlike

fragen oer geitehâlderij yn Opsterlân. (Opnaam as bylage 2) 2 Sjoch ek: https://www.gezondheidsraad.nl/adviesonderwerpen/omgeving/gezondheidsrisicos-rondveehouderijen-2025-deel-ii.

Saaknûmer: 0086240157

2/3

Beäntwurdzjen skriftlike fragen: Fraach 1)

Binne jo op de hichte fan de sûnensrisiko's oangeande geitehâlderijen, neamd troch de sûnensrie?

Wy binne op de hichte fan de sûnensrisiko’s dy’t grutskalige geitehâlderijen mei harren meibringe. Wy hâlde de ûntwikkelingen oangeande lanlike ûndersiken nei de sûnensrisiko’s, regeljouwing en de lokale fraach nei it fêstigjen fan grutskalige geitehâlderijen dan ek sekuer yn de gaten. Fraach 2)

Binne der yn Opsterlân bedriuwen dy’t bedriuwsmjittich geiten hâlde?

Bedriuwen dy’t harren bedriuwsfiering inkeld op de geitehâlderij rjochte hawwe (om de 700 stik melkgeiten hinne) kenne wy yn ús gemeente net. De geitehâlderij is yn Opsterlân benammen in hobby-aktiviteit of njonkenfunksje by oare (agraryske) aktiviteiten. It grutste oantal geiten dat op it stuit by in spesifike bedriuwslokaasje yn Opsterlân op basis fan fergunde rjochten hâlden wurde mei, is 253. Fraach 3)

Wêr húsmanje dy bedriuwen?

Op basis fan earder troch ús útfierd ûndersyk komme wy by it neikommende oersjoch, dêr’t it by giet om ús bekende bedriuwslokaasje dêr’t geiten as ûnderdiel fan de bedriuwsmjittige feesteapel hâlden wurde kinne (it giet dêrby dus om in njonkenfunksje by de besteande haadaktiviteit): Plak bedriuwslokaasje:

Tal geiten (fergund/akseptearre op basis fan miljeuregeljouwing):

Sigerswâld Oerterp Wynjewâld Tynje Langsweagen

25 12 10 10 3

De neiste lokaasje by in doarpskearn is de bedriuwslokaasje by Langsweagen (by benaderjen in heale kilometer). It giet op dy lokaasje om in tige beheind tal bisten. De rest fan de bedriuwslokaasjes is op romme ôfstân fan de doarpskearnen fêstige. Fansels wurde der hjir en dêr noch geiten foar de hobby holden. Op it stuit binne der gjin ûntwikkelingen yn Opsterlân op it mêd fan geitehâlderijen dy’t no foar de needsaak soargje om akute maatregels te nimmen. Fansels monitoarje wy de sitewaasje allegeduerigen. Fraach 4)

Hoefolle geiten hawwe dy bedriuwen?

Sjoch antwurd op fraach 3. Fraach 5)

Hawwe dy bedriuwen maatregels nommen op it mêd fan folkssûnens? En watfoar maatregels binne dat?

3 Yn 2024 wienen der yn Nederlân 648 geitehâlderijen mei gemiddeld 741 geiten. Fan dy bedriuwen binne

likernôch 370 profesjonele melkgeitehâlderijen. It grutste part dêrfan hat tusken de 600 en 1.600 melkgeiten (Boarne: Rapport Gezondheidsrisico’s rond veehouderijen 2025: deel II fan de Gezondheidsraad). De grutste oantallen geiten binne yn it easten en midden fan Nederlân te finen. Yn de gemeente Alphen-Chaam steane 141 geiten de kante kilometer, it grutste oantal de kante kilometer yn Nederlân. De oare gemeenten mei mear as 100 geiten de kante kilometer binne Renswoude, Culemborg, Beuningen, Maasdriel en Maashorst. Yn ús gemeente steane dêrfoaroer 0,66 geiten de kante kilometer (Weststellingwerf 13,27 de km2 en Eaststellingwerf 4,25 de km2).

Saaknûmer: 0086240157

3/3

Ut de foargeande beäntwurding fan de fragen hat al bliken dien dat wy gjin iensidige bedriuwsmjittige geitehâlderijen yn Opsterlân hawwe. De hjoeddeistige (ûnderhearrige) geitehâlderij giet no op yn de gebrûklike agraryske bedriuwsfiering op de bedriuwen dêr’t de dêrta gebrûklike algemiene miljeuregels op fan tapassing binne. Der binne op it stuit gjin oanfoljende easken of maatregels fan tapassing. Fraach 6)

Wat is it belied oangeande bedriuwsmjittige geitehâlderijen dy’t harren fêstigje wolle yn Opsterlân?

De geitehâlderij beheint him yn Opsterlân benammen ta it hâlden fan hobbybisten. Oant no ta binne wy net konfrontearre mei de oanfragen foar it grutskalich hâlden fan (melk)geiten. By sokke oanfragen komt de fraach op oft it giet om oan grûn bûne of yntinsive bedriuwen (net oan grûn bûn). Oer it algemien wurdt in (melk)geitehâlderij oantsjutte as in yntinsyf agrarysk bedriuw. Yn dat gefal kin it fêstigjen fan in nij bedriuw yn ús gemeente allinnich op de tige sparsume agraryske bedriuwsperselen (sa’n 23 stik) mei in yntinsive oantsjutting of as in beheinde twadde tûke (as njonkenfunksje mei in oerflakte fan maksimaal 250 m2, of de besteane oerflakte as dy grutter is) op reguliere agraryske bedriuwsperselen. Ien en oar is regele yn ús bestimmingsplan Buitengebied 2014 (no ûnderdiel fan ús tydlike Omgevingsplan). Yn foarkommende gefallen kin mei in spesifike ûnderbouwing faaks oantoand wurde dat it giet om in bedriuw dat oan grûn bûn is. It fêstigjen op in regulier agrarysk bedriuwsperseel is dan mooglik, as der fansels yn dat gefal ek in fergunning op basis fan natuerregeljouwing (stikstof) ferliend wurde kin.

In geitehâlder moat dan al oantoane kinne dat der sprake wêze sil fan in grutte hoemannichte oan: - beweidzjen op de hûskavel of tichtby lizzende grûn; - dongôfset fan it eigen bedriuw benammen op eigen grûn; - foarsjen yn it ferlet fan foer mei produkten fan pleatslike eigen grûn. Al mei al kinne wy stelle dat de fêstigingsmooglikheden fan grutskalige geitehâlderijen op basis fan de hjoeddeistige planologyske regeling yn it bestimmingsplan Buitengebied tige beheind neamd wurde kinne. Fragen? By eventuele fragen kinne jo kontakt opnimme mei de hear Aize Kramer (Team Wonen en Werken) fia it e-mailadres aize.kramer@opsterland.nl of fia it algemiene telefoannûmer (0512) 386 222. Wy fertrouwe derop dat de fragen hjirmei foldwaande beäntwurde binne.

Mei freonlike groetnis, boargemaster en wethâlders, de gemeentesekretaris,

de boargemaster,

Sandra van ’t Hooge

Andries Bouwman

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=836422ae-5486-4ed4-ba36-fe7cc294bd75