CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B03 Beäntwurdzjen fragen oer Utwreiding wolvegebiet - FNP

Raadsvergadering 26 mei 2025, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)550 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

ver

Saaknûmer: 0086216213 1/2

gemeente

Opsterland Oan ‘e ried

Jo skaaimerk:

Jo brief fan:

Us skaaimerk:

Behannele troch:

Telefoan:

31 maart 2025

0086216213

Marieke Tiekink

(0512) 386 222

Ünderwerp:

Taheakke:

Beetstersweach, 22 april 2025

Beäntwurdzjen riedsfragen fan hear Hans Hofstee fan FNP Opsterlân oer Utwreiding wolvegebiet’

Ferstjoerd op: 24 april 2025

Achte ried, Op 31 maart 2025 hat de fraksje FNP Opsterlân skriftlike fragen steld oer Utwreiding wolvegebiet. Mei dizze brief beäntwurdzje wy dy fragen. 1.

Binne by it kolleezje al meldingen bekend fan dat de wolf him ek noardlik fan de A7 yn Opsterlân of oars yn Fryslân al sjen litten hat? Antwurd

Ja, dit is by it kolleezje bekend. Wethâlder Durksz hat woansdei 2 april ek al by in skieppehâlder

yn Nij Beets op besite west en hat mei him praat oer de mooglike skea by in wolve-oanfal en wat it mei him en syn famylje docht. 2.

Kin it kolleezje der by Deputearre Steaten op oantrune dat it ‘wolvegebiet’ oanpast wurdt en yn

elts gefal ek it noardlik part fan de gemeente Opsterlân omklammet? Sa ja, hoe?

Antwurd It is it kolleezje fan Opsterlân bekend dat yn de subsydzjeregeling fan Fryslân it “‘wolvegebiet”

beheind is ta it gebiet súdlik fan de A7. It kolleezje hat der by it reguliere wolve-oerlis mei de pro-

vinsje op oantrúne om dat gebiet út te wreidzjen. 3.

Soe it kolleezje dan ek by Deputearre Steaten der op oantrune kinne dat dit ‘wolvegebiet’ út en froch op ‘e nij ikere wurdt oan de hân fan de útwreiding fan de wolf?

Antwurd Dit nimt it kolleezje ek mei yn boppesteand oerlis.

Postbus 10.000

Hoofdstraat 82

T (0512) 386 222

E

9244 ZP Beetsterzwaag

9244 CR Beetsterzwaag

F

L_www.opsterland.nl

(0512) 381 875

_gemeente@opsterland.nl

IBAN NL82 BNGH 028.50.06.606 BTW NL001950149B01

er

Saaknûmer: 0086216213 2/2

gemeente

Opsterland 4.

Is ek bekend by it kolleezje wêrom der in spesifyk ‘wolvegebiet’ oanwezen is? Wêrom is net hiel Fryslân, of yn elts gefal Opsterlân, ‘wolvegebiet’, om te soarchjen dat eltse feehâlder syn skea fergoede krijt?

Antwurd Dit is net bekend by it kolleezje. Yn Nederlân en dus ek yn Fryslân wurdt 100% temjitte kaam foar wolveskea. Dat rintfia Bij12 (https://www.bij12.nl/onderwerp/wolf/wolvenschade-melden/). Yn de kommende wiken wurdt de subsydzjeregeling besjoen troch de provinsje en tsjin it ljocht holden (evaluearre) om te kommen ta in ferfolch op de subsydzjeregeling. It kolleezje hat oanjûn by de provinsje om it gebiet út te wreidzjen en ek it nedige bedrach op in goede hichte te bringen. Binnen it oanwiisde wolvegebiet is in subsydzjeregeling aktyf om de oanskaf fan wolfkearende maatregels te stimulearjen. Subsydzje foar it nimmen fan wolfkearende maatregels wurdt allinnich jûn yn it troch de provinsje oanwiisde wolvegebiet. It is foar GS mooglik om dêr in útsûndering op te meitsjen foar situaasjes dêr't previntive maatregels reedlikerwize net yn útfierd wurde kinne. Wy fertrouwe derop jo hjirmei foldwaande ynformearre te hawwen. Mei freonlike groetnis,

boargemaster en wethâlders, de gemeentesekretaris,

de boardemaster

Sandra van 't Hooge

Andries

N

LL

Bouwman

Postbus 10.000

Hoofdstraat 82

T

(0512) 386 222

E

_gemeente@opsterland.nl

9244 ZP Beetsterzwaag

9244 CR Beetsterzwaag

F_

(0512) 381 875

L_wwwopsterland.nl

IBAN NL82 BNGH 028.50.06.606 BTW _NL001950149B01

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=3fb49a7a-f6ff-4f5e-a4ab-ea9e42f70d3b