CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B02 Brief kolleezje - Tasizzing parkearjen sintrum De Sweach

Raadsvergadering 15 december 2025, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)262 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Zaaknummer: 0086233940

1/1

Oan ‘e ried

Jo skaaimerk:

Jo brief fan:

Ús skaaimerk:

Behannele troch:

Telefoan:

Taheakken(n):

0086233940

Hendrik Hoekstra

(0512) 386 222

Gjin

Ûnderwerp: Tasizzing parkearjen sintrum Beetstersweach

Beetstersweag, 4 novimber 2025 Ferstjoerd op: 5 novimber 2025

Achte ried, Yn de riedsgearkomste fan 27 jannewaris 2025 hat frou Oosterwoud fan Opsterlands Belang, fragen steld oer it útfierde parkearûndersyk yn it sintrum fan Beetstersweach. Nei oanlieding dêrfan is tasein om de ried op'e hichte te bringen fan eventuele ferfolchaksjes. Hjirûnder lêze jo wat der sûnt dy tiid dien is. Maatregels foar fierder ferbetterjen parkearje De resultaten fan it parkearûndersyk binne besprutsen mei pleatslik belang en de ûndernimmersferiening. Der is ôfpraat dat de grutte parkearplakken better oanjûn wurde fan de Haadstrjitte ôf. Hjirfoar binne yntusken op ferskate plakken nije buorden pleatst. Dêrneist hat de direksje fan ‘e gemeentlike organisaasje it personiel oproppen om net langer te parkearjen oan de Vlaslaan en Skoalleane. Dit om de ûnderfine oerlêst troch de minsken dy't hjir wenje te ferminderjen. As lêste aksje wurdt it parkearterrein achter it gemeentehûs wat útwreide. Tusken it fytsehok en de notariskoepel wurde acht griene parkearplakken oanlein foar heaks parkearjen. De wurksumheden hjirfoar binne al úteinset. Wy beskôgje it tasizzen dêrmei as ôfhannele. As jo dochs noch fragen hawwe oer it parkearjen yn Beetstersweach, dan kinne jo kontakt opnimme mei ús ferkearskundige Rico Bade. Hy is te berikken op 06 10 99 05 21 of oer de e-mail; rico.bade@opsterland.nl. Mei freonlike groetnis, boargemaster en wethâlders, de gemeentesekretaris,

de boargemaster,

Sandra van ’t Hooge

Andries Bouwman

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=524bbe11-a8be-4213-a2a7-f06866af935a