CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B01 Riedsbrief beäntwurding fragen FNP oer sinnefjild Waarme Hoeke

Raadsvergadering 30 juni 2026, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)1.756 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Saaknûmer: 0086252594 1 / 4 Achte ried, De FNP-fraksje hat op 16 april 2026 skriftlike fragen steld oer Sinnefjild Waarme Hoeke. Mei dizze brief jouwe wy antwurd op de stelde fragen. In part fan dy fragen giet oer de proseduere fan de omjouwingsfergunning, dy fragen wurde ien foar ien beäntwurde. Dêrneist giet in oantal fragen oer de ynhâld fan de omjouwingsfergunningsoanfraach. De fergunningsoanfraach is noch net folslein, dêrom kin der noch gjin beoardieling fan dy oanfraach dien wurde. 1 Is it kolleezje yn steat om konkreet te ûnderbouwen hoe’t de sinneljedder tapast is by dit inisjatyf? Yn de riedsbrief fan 8 july 2025 wurdt oanjûn dat der binnen de beboude kom net genôch romte is, mar kin it kolleezje spesifisearje hokker alternativen (lykas dakken, ynfrastruktuer of dûbel romtegebrûk) ûndersocht binne en op basis fan hokker kritearia dy net foldwaande achte binne foardat keazen is foar lânbougrûn? De sinneljedder is in beliedsynstrumint dat brûkt wurdt om de romtlike ynpassing fan sinne-enerzjy sa sekuer mooglik ferrinne te litten. De sinneljedder bestiet út fjouwer treden. Treed 1: sinne op dakken en gevels, treed 2: grûn binnen besteand stedsk gebiet, treed 3: grûn mei in oare primêre funksje as lânbougrûn, lykas ôffalbulten en sânwinputten, treed 4: lânbou- en natuergebieten.

Dy útgongspunten binne derop rjochte om it lânskip en de natuer te beskermjen, wylst tagelyk soarchfâldich en effisjint omgien wurdt mei de beskikbere romte. Troch dêr dúdlike karren en prioriteiten oer fêst te lizzen, ûntstiet in helder ôfwagingsramt foar gemeenten, provinsjes en inisjatyfnimmers by romtlike enerzjyfragen. Foar de doarpen Terwispel en De Gordyk is ûndersyk dien nei de totale enerzjyfraach. Dy komt del op 15.000 MWh en 108.000 MWh. Sa'n 10% dêrfan kin op dakken en yn de beboude kom (de earste trije treden) opwekke wurde. Dat betsjut dat foar de restearjende opjefte romte socht wurde moat bûten it besteand stedsk gebiet. Wannear't de enerzjyfraach mei sinne-enerzjy opwekke wurdt, komt it foar De Gordyk del op 95 hektare sinnefjild. Foar Terwispel stiet it enerzjygebrûk gelyk oan 14 hektare sinnefjild. De konklúzje oan de hân fan de sinneljedder is dat der net genôch opwekjen mooglik is binnen de doarpen yn de treden 1, 2 en 3. Dêrom moat der ek útwykt wurde nei treed 4, yn it bûtengebiet, om enerzjy op te wekjen. It Sinnefjild Waarme Hoeke kin in part fan dy opjefte ynfolje. Oan de ried Jo skaaimerk: Jo brief fan: 16 april 2026 Us skaaimerk: 0086252594 Behannele troch: K. van Wieren J. van der Heide Telefoan: 0512 386 222 Bylage(n): 3 Underwerp: FNP-fraksje fragen Sinnefjild Waarme Hoeke Beetstersweach: 26 maaie 2026 Ferstjoerd op: 27 maaie 2026

Saaknûmer: 0086252594 2 / 4 2 Hoe beoardielet it kolleezje de kwaliteit fan it troch de inisjatyfnimmer útfierde partisipaasjeproses? Op basis fan hokker kritearia konkludearret it kolleezje dat dat proses foldwaande is? It ferslach fan it partisipaasjeproses is troch de inisjatyfnimmer noch net yntsjinne by de fergunningoanfraach. Dat hat de gemeente dus noch net beoardielje kinnen. 3 Kin it kolleezje ynsichtlik meitsje op hokker wize oft de ynbring fan omwenners konkreet ferwurke is yn it plan? Is der in oersjoch beskikber fan ynbrochte punten en hoe’t dy meiwoegen binne? Dat sil yn it partisipaasjeferslach en it lânskiplik ynpassingsplan komme te stean. Op it stuit is der gjin oersjoch beskikber fan de ynbrochte punten. Dy stikken binne noch net oanlevere troch de inisjatyfnimmer, om’t it partisipaasjetrajekt noch rint. Dêrtroch kin it kolleezje noch net ynsichtlik meitsje op hokker wize oft de ynbring fan omwenners ferwurke is. 4 Hoe is bepaald hokker omwenners oft ynformearre en belutsen binne by it partisipaasjeproses? Is it kolleezje derfan op ’e hichte dat der direkte omwenners binne dy’t net ynformearre of belutsen binne? Us is net bekend dat der direkte omwenners binne dy’t net ynformearre binne. Op basis fan in syksirkel om it plangebiet hinne is troch de inisjatyfnimmer in brief stjoerd nei de ynwenners en bedriuwen.

It betreft sirka 20 adressen yn de direkte omjouwing, 280 adressen op gruttere ôfstân en 150 bedriuwen. De hantearre syksirkel is foarôf ôfstimd mei Plaatselijk Belang Gorredijk en Verening Plaatselijk Belang Terwispel. Yn de brief oan de adressen om it sykgebiet hinne is oanjûn dat der mooglikheden wiene foar keukentafelpetearen. Yn de brief oan de bedriuwen is fermeld dat sy yn petear gean koene mei de inisjatyfnimmer. Yn de brief oan de yndirekte omwenners is ferwiisd nei de ynformaasjegearkomste dy’t op 22 septimber 2025 organisearre is. By dy gearkomste is in taljochting jûn op de stân fan saken fan it inisjatyf. Besikers krigen dêrby de gelegenheid om fragen te stellen en soargen te uterjen. Dêrneist is op dy jûn in oprop dien om diel te nimmen oan it ûntwerpteam (plan partisipaasje). 5 Is it kolleezje bekend mei de reden(en) wêrom’t Pleatslik Belang Terwispel him weromlutsen hat út it proses? Wat betsjut dit neffens it kolleezje foar it draachflak fan it projekt en de fierdere beslútfoarming? It antwurd is yn oerlis mei Plaatselijk Belang Terwispel: It bestjoer fan Pleatslik Belang hat in neutraal stânpunt ynnommen oer it plan foar it sinnepark. Om't sy der foar alle ynwenners wêze wolle, stiet it bestjoer fan Pleatslik Belang op it stânpunt dat, sjoen de ferskillende belangen, it beslútfoarmingsproses soarchfâldich ferrinne moat.

It docht lykwols bliken dat dit proses no mei in betide omjouwingsfergunningsoanfraach trochkrúst wurdt. Pleatslik Belang sjocht har betrouberens rjochting de ynwenners fan Terwispel hjirtroch oantaaste. Om dy reden wie it bestjoer net oanwêzich op de gearkomste fan 8 april mei de oanwenners dy’t organisearre wie troch de ynitiatiefnimmer. Pleatslik Belang hat nei oanlieding fan de betide omjouwingsfergunningsoanfraach in petear hân mei wethâlder Van Opzeeland en in reaksje stjoerd nei de ynitiatiefnimmer om har beswieren oer dit proses kenber te meitsjen. Sy ropt alle belutsen partijen op om dochs it petear mei de omjouwing oan te gean en it proses op in soarchfâldige en transparante wize fuort te setten.

Saaknûmer: 0086252594 3 / 4 6 Hoe is lokaal eigendom yn dit projekt konkreet foarmjûn? Yn de riedsbrief fan 8 july 2025 wurdt oanjûn dat 60% lokaal eigendom in betingst is neffens de provinsjale omjouwingsferoardering. Hoe ferhâldt dit him ta it persintaazje fan 50% dêr’t no oer praat wurdt, en op hokker grûnslach achtet it kolleezje dit foldwaande? Jildt dit ek foar de batterij en oare ûnderdielen fan it projekt, en hoe wurdt boarge dat ynwenners fan Terwispel ek wier dielnimme kinne? It lokaal eigendom is op dit stuit noch net konkreet foarmjûn. Petearen dêroer fine plak tusken de inisjatyfnimmer en de gemeente. By it bepalen fan de persintaazjes foar partisipaasje jildt de provinsjale Omjouwingsferoardering Fryslân en it gemeentlik belied. De provinsje hantearret in persintaazje fan 60% foar in selsstannich sinnepark, wylst yn it gemeentlik belied útgien wurdt te stribjen nei 50% partisipaasje. Yn it prinsipebeslút hat it kolleezje besletten dat dat jildt foar it folsleine projekt (sinnefjild én enerzjyopslachsysteem). Foar in neiere taljochting op de feroardering wurdt ferwiisd nei de brief fan 30 maart. Sadree’t de ûnderhandelingen ôfrûne binne, wurdt in foarstel oan de ried foarlein oer finansjele partisipaasje.

7 Kin it kolleezje taljochtsje hoe’t in soarchfâldige ôfwaging makke wurde kin, wylst essinsjele aspekten fan de batterij (lykas omfang, lokaasje en lûdsbelêsting) noch net konkreet útwurke binne? De soarchfâldige ôfwaging sil plakfine as de stikken kompleet binne. Dat is no noch net it gefal. De inisjatyfnimmer is fersocht om syn oanfraach oan te foljen mei de ûntbrekkende stikken. 8 Kloppet it dat it akoestysk ûndersyk basearre is op ûnderstellingen (lykas it type batterij, it gebrûk en de bedriuwsduer), en net op in definityf útwurke ûntwerp? Hoe beoardielet it kolleezje de betrouberens fan dy ûnderstellingen yn it ramt fan in soarchfâldige beslútfoarming? De beoardieling sil plakfine as de stikken kompleet binne. Dat is no noch net it gefal. 9 Yn it akoestysk ûndersyk wurdt oanjûn dat der mooglik sprake is fan tonaal lûd (in bromtoan). Hoe wurdt mooglike hinder foar omwenners dêryn meinaam, sjoen it feit dat dat type lûd yn de praktyk faak as ekstra steurend ûnderfûn wurdt? Dat wurdt ek meinommen yn de beoardieling – dy’t noch plakfine moat. Fanselssprekkend sil oan de jildende lûdsnoarmen foldien wurde moatte.

10 Hoe wurdt nei realisaasje kontrolearre oft de werklike lûdsbelêsting oerienkomt mei de útkomsten fan it akoestysk ûndersyk, en hokker maatregels wurde nommen as bliken docht dat de noarmen dochs oerskreaun wurde? As omwenners nei realisaasje yn de praktyk oerlêst ûnderfine, dan kinne sy dat melde by de gemeente. De gemeente kin dan de werklike lûdsbelêsting mjitte. Docht bliken dat der boppe de noarm útgien wurdt, dan kin dêr hanthavenjend tsjin optreden wurde.

Saaknûmer: 0086252594 4 / 4 11 Kin it kolleezje taljochtsje hokker stjoerings- en beslútmominten der foar de ried noch binne yn dit proses, ynklusyf it momint fan it binend advys fan de ried, en op hokker wize oft de ried dêr ynfloed op útoefenje kin? Der leit no in oanfraach foar in omjouwingsfergunning foar de bûtenplanske omjouwingsplanaktiviteit (BOPA). De oanfraach is noch net folslein en moat troch de inisjatyfnimmer earst oanfolle wurde. Dêrnei kin dy goed beoardiele wurde troch it kolleezje. De fergunning kin allinnich ferliend wurde as der sprake is fan in lykwichtige tadieling fan funksjes oan lokaasjes (ETFAL). Om’t it giet om de realisaasje fan in sinnepark, jout de ried earst in binend advys foar’t it kolleezje de fergunning ferliene kin. As de ried ôfwykt fan it advys fan it kolleezje, dan moat motivearre wurde dat der neffens de ried dochs gjin sprake is fan in ETFAL. Wy hawwe jo op 13 maaie in brief stjoerd dêr’t wy de troch te rinnen proseduere fierder yn taljochtsje. Yn dit gefal giet it om in plan dêr’t de gemeente mooglik finansjeel yn partisipearje sil. Dêroer rinne noch petearen tusken de gemeente en de inisjatyfnimmer Novar. Ferwachte wurdt dat dit jier noch in foarstel oan de ried foarlein wurde kin. Op dat momint kin dus oanjûn wurde oft jo wol of net meiwurkje wolle oan it sinnepark troch wol of net in budzjet ta te kennen.

In konseptoanfraach foeget dêrom no net folle ta. Nim by fragen kontakt op Wy fertrouwe derop dat jo fragen hjirmei beäntwurde binne. Foar fierdere fragen kinne jo kontakt opnimme mei J. van der Heide fia jitske.vander.heide@opsterland.nl. Mei freonlike groetnis, út namme fan de boargemaster en wethâlders, de gemeentesecretaris, Sandra van ’t Hooge de burgemeester, Andries Bouwman Bylage(n): Bylage 1: Skriftlike fragen Sinnefjild Terwispel Bylage 2: Raadsbrief ontwikkelingen Sinnefjild Waarme Hoeke (30 april) Bylage 3: Raadsbrief Procedure vergunningaanvraag Sinnefjild Waarme Hoeke (13 mei)

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://opsterland.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/79ca3de7-1080-4766-9fac-66b2bac7b101?agendaItemId=a18de465-0253-4f1f-8b31-5ad9953b11ed