CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B01 Bijlage 1 Skriftlike fragen FNP oer Sinnefjild Waarme Hoeke

Raadsvergadering 30 juni 2026, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)572 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

SKRIFTLIKE FRAGEN (Artikel 39 Reglemint fan Oarder) Datum: 15-04-2026 Fraachsteller: Johnny Voskuilen Underwerp: Sinnefjild Terwispel Taljochting: Yn Terwispel spilet op dit stuit in inisjatyf foar in sinnefjild mei batterijopslach. Ut petearen mei omwenners en beskikbere dokuminten blykt dat der noch in soad fragen binne oer it proses, de partisipaasje en de ynhâldlike útwerking fan it plan. Sa liket it dat net alle direkt omwenners ynformearre of belutsen binne en is ûndúdlik hoe’t ynbring fan omjouwing ferwurke wurdt. Ek binne der noch wichtige ûnwissichheden oer ûnder oaren de batterij en lokaal eigendom.

Foar FNP Opsterlân is it fan belang dat it proses soarchfâldich ferrint Fragen: It kolleezje wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen: - Is it kolleezje yn steat konkreet te ûnderbouwen hoe’t de sinne-ladder tapast is by dit inisjatyf? Yn de raadsbrief fan 8 july 2025 wurdt oanjûn dat der binnen de beboude kom net genôch romte is, mar kin it kolleezje spesifisearje hokker alternativen (lykas dakken, ynfrastruktuer of dûbel romtegebrûk) ûndersocht binne en op basis fan hokker kritearia dizze net foldwaande achte binne foardat keazen is foar lânbougrûn? - Hoe beoardielet it kolleezje de kwaliteit fan it troch de inisjatyfnimmer útfierde partisipaasjeproses? Op basis fan hokker kritearia konkludearret it kolleezje dat dit proses foldwaande is? - Kin it kolleezje ynsjochlik meitsje op hokker wize de ynbring fan omwenners konkreet ferwurke is yn it plan? Is der in oersjoch beskikber fan ynbrochte punten en hoe’t dizze meiwage binne? - Hoe is bepaald hokker omwenners ynformearre en belutsen binne by it partisipaasjeproses? Is it kolleezje derfan op ’e hichte dat der direkte omwenners binne dy’t net ynformearre of belutsen binne? - Is it kolleezje bekend mei de reden(en) wêrom’t Pleatslik Belang Terwispel him weromlutsen hat út it proses? Wat betsjut dit neffens it kolleezje foar it draachflak fan it projekt en de fierdere beslútfoarming? - Hoe is lokaal eigendom

yn dit projekt konkreet foarmjûn? Yn de raadsbrief fan 8 july 2025 wurdt oanjûn dat 60% lokaal eigendom in betingst is neffens de provinsjale omjouwingsferoardening. Hoe ferhâldt dit him ta it persintaazje fan 50% dêr’t no oer praat wurdt, en op hokker grûnslach achtet it kolleezje dit foldwaande? Jildt dit ek foar de batterij en oare ûnderdielen fan it projekt, en hoe wurdt boarge dat ynwenners fan Terwispel ek wier dielnimme kinne? - Kin it kolleezje taljochtsje hoe’t in soarchfâldige ôfweging makke wurde kin, wylst essinsjele aspekten fan de batterij (lykas omfang, lokaasje en lûdsbelesting) noch net konkreet útwurke binne? - Klopt it dat it akoestysk ûndersyk basearre is op oanames (lykas it type batterij, it gebrûk en de bedriuwsduer), en net op in definityf útwurke ûntwerp? Hoe beoardielet it kolleezje de betrouberens fan dizze oanames yn it ramt fan in soarchfâldige beslútfoarming? - Yn it akoestysk ûndersyk wurdt oanjûn dat der mooglik sprake is fan tonaal lûd (in bromtoan).

Hoe wurdt mooglike hinder foar omwenners hjiryn meinaam, sjoen it feit dat dit type lûd yn de praktyk faak as ekstra steurend ûnderfûn wurdt? - Hoe wurdt nei realisaasje kontrolearre oft de werklike lûdsbelesting oerienkomt mei de útkomsten fan it akoestysk ûndersyk, en hokker maatregels wurde nommen as bliken docht dat de noarmen dochs oerskreaun wurde? - Kin it kolleezje taljochtsje hokker stjoerings- en beslútmominten der foar de ried noch binne yn dit proses, ynklusyf it momint fan it binend advys fan de ried, en op hokker wize de ried dêr ynfloed op útoefenje kin? Undertekening en namme: Johnny Voskuilen, FNP Opsterlân

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://opsterland.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/b78c84ce-70a1-4737-bdae-aa2b1d2cc03b?agendaItemId=a18de465-0253-4f1f-8b31-5ad9953b11ed