Amendemint FNP en GL oer de Wenfyzje - De Opjefte en spearpunten fan Opsterlan oan te passen
Tekst van het document
Amendemint De Opjêfte en spearpunten fan Opsterlân oan te passen Dit amendemint heart by agindapunt Woonvisie fan de riedsgearkomste fan 18 september 2023.
Foarstel Wy freechje de ried om de Wenfyzje oan te passen troch by 1.4 ûnder de kop opjeften de lêtste sin van de alinea : “In het Deltaplan......adaptief te programmeren” te ferfangen troch: “De Provinciale Staten van Fryslân heeft in haar coalitieakkoord het Deltaplan voor het Noorden losgekoppeld van de Lelylijn. De gemeente Opsterland wil bij het proces, waarbij gesproken wordt over de mogelijke realisering van een Lelylijn met of zonder een Deltaplan, zichzelf een anticiperende en adaptieve rol aanmeten door gesprekken te voeren met betrokken partijen en overheden. Om zo desgewenst op alternatieven te kunnen sturen voor infrastructurele en landschappelijke uitdagingen, alsook kansen en zorgen namens inwoners, bedrijven en organisaties over te kunnen brengen gedurende diverse fases die in het proces worden doorlopen.”
Motivaasje It koälysje-akkoart Mei-inoar Foarút seit dat grutskalige ferstedsking fan ús gemeente net it doel wêze moat fan it ferbetterje fan berikberens. De provinsje hat yn harren akkoart it Deltaplan fan it Noarden loskeppele fan in eventuele Lelyline. Winsken fan ynwenners en bedriuwen yn Opsterlân binne net foldwaande ûndersocht, yn stee derfan is der in lanlik ûndersyk west dy’t net sjen lit hoe ús ynwenners der oer tinke. Derom soe de gemeente yn it foar tiidens besprekkingen oan tafel sitte moatte om antisipearjend en adaptyf mei te praten oer ynhâld, útfiering, alternativen, bedrigingen en kânsen. Dizze hâlding moat de gemeente yn stelling bringe as ferbiner en oerbringer fan de mienskip oangeande har tinken oer de plannen en de gefolgen foar mienskip en lânskip.
Dit amendemint wurdt yntsjinne troch: Harm de Jong (FN) Johan Sieswerda (GroenLinks)
__________________________________________________________________________ Yn te foljen troch de griffy:
Dit amendemint is oannaam / fersmiten / ynlutsen yn de riedsvergadering fan 18 septimber 2023. Foar stimden: …………………………………………………………………………………………………….. Tsjin stimden: …...…………………………………………………………………………………….................
Griffier,
Foarsitter,
Laura Meijer
Lex Roolvink
Alle riedsleden kinne in amendemint yntsjinje. Mei in amendemint kin de ried in foarsteld beslút oanpasse. Yn de riedsgearkomste stimme de riedsleden oer it amendemint. Stimt de mearderheid fan de ried foar it amendemint, dan feroaret de tekst fan it oarspronklike beslút. Neidat der oer de amendeminten stimd is, stimme de riedsleden foar of tsjin it oanpaste riedsfoarstel.