CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

Algemiene skôgings fraksje FNP.docx

Raadsvergadering 5 juli 2021, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Perspectiefbrief 2021 (B)537 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

It is no 2021. Wy binne wer in jier fierder, koroana hat ús by tiden lam lein, dochs giet de polityk gewoan troch, ek al is it efter in skermke. Hieltyd mear beynfloedzje krêften fan bûten de gemeente ús belied. De FNP hat der foarich jier yn har skôging noch foar warskôge dat it kolleezje har steande hâlde moat tsjinoer guon Haachske lûden. Ek bygylyks, koalysjepartij de PVDA gie doetiids op de barrikaden en joech har karakteristike reade lûd, sy sprutsen oer in sosjale kealslach, foar de FNP lijt der noch in kealslach yn it foarútsjoch, de kulturele kealslach. Dermei doele wy natuerlik net op it ûntbrekken fan keunstfoarwerpen lykas in poarte fan Drachten, nee wy doele op de Fryske mentaliteit en harren noarms en wearden. Wy binne fan de skouders derûnder, fan net te folle wurden, ommers: dy’t folle seit moatte folle wiermeitsje. De Opsterlanners binne net frjemd fan dizze kultuer, doarpen, beurten, , freonegroepen, âlderein, sportferienigingen, it lêste jier haw sy harren fokust op perspektyf, fan it wer fuotbaljen, kuierjen en it wer nei skoalle gean. Fan koarte termyn tinken oant perspektyf op ‘e lange termyn, wenten foar doarpsgenoaten yn Terwispel, in doarpshûs foar alle Gordyksters of in takomst wêrby de stekker de peteroalje hat ferfong, it kolleezje, of de ried kin dit betinke mar wy sitte ek yn in lúkse posysje, dat ús ynwenners nea efteroer hingje.

Wy hawwe it it oer in right2challenge, wêrby it kolleezje de ynwenners freget as sy it better kinne as harren sels, dit is net nij, ek al hat in hippe namme krigen yn spân mei de moade fan 10 jier tebek om ek ik it Hollânsk te feringelskje. Foar de FNP hoecht sa'n namme net, guon Friezen lykas mysels haw al muoite genôch om net Bokwerds te praten. Wy wolle it kolleezje dan ek meijaan dat jo altyd mei de boarger yn petear moatte, en dan it leafst yn harren memmetaal, en net allinnich yn petear moatte mar ek harkje. It kolleezje bestiet by de graasje fan de ried, de ried bestiet by de graasje fan de ynwenner. Sa bin wy ferbûn en sa moatte wy ús rol ynnimme. As boarger moatte je no mear wach wêze as oars foar plannen dy’t yn Haachske kopkes begjinne te buorreljen en dy’t yn it span mei wethâlders út it neat in toeristysk spoarke ombûgje ta in megalomaan Deltaplan. In plan dat wy graach utopysk neame mar wêrfan’t de eagen fan guon kolleezjes op begjinne te ljochtsjen. Je moatte wach wêze op de oerheid, foar’t jo in kear mei de eagen knippere hawwe, wenje jo bygelyks yn Nij-Amsterdam. De hân moat op ‘e knip, dat is neat nijs, mar wy meie hoopje dat dat net is om de nijste hobby’s fan keamerleden fier fan hûs te bekostigjen. De bêste ideeën komme fan minsken dy’t fakentiids al generaasjes lang belutsenheid toand ha mei harren doarp en gemeente.

Dêr mei Den Haach en al hielendal ús kolleezje net oan foarby gean. Wy moatte it mei-inoar dwaan, mei Opsterlanners en net mei strikken en pakken dy’t 200 kilometer yn harren tsjinstauto sitte om troch de Deelen te kuierjen. Bliuw baas op eigen hiem!

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=ac944fe7-9de1-46a7-a0f7-84d03f45e06a