Algemene beschouwingen fractie PvdA .docx
Tekst van het document
Algemiene skôgings PvdA by Perspektyfbrief 2021 Foarich jier sette ik myn algemiene skôgings útein mei it ferhaal dat ús kolleezje mei in trekker en in boerewein ûnderweis wiene om yn Den Haag te demonstrearjen. It hat fertuten dien. It arbitraazjeproses fan de VNG hat ek meiholpen. Der komt ekstra jild foar de Jeugdsoarch. Foarlopich insidenteel mar it nije Kabinet kin der net omhinne dit struktureel te meitsjen. Yn it foarste plak om’t it moreel net kin om de binende útspraak fan de arbitraazjekommisje te negearjen en derneist wit elts en ien yn Den Haag dat de earste ferkiezingen dy’t no komme de ferkiezings foar de gemeenterieden binne. Mar los fan dizze takomstfoarsizzing betsjut it foar Opsterlân wol dat de ôfspraak yn it koalysjeakkoard om in dizze perioade de ynkomsten en útjeften binnen it sosjaal domein yn balâns te bringen, helle wurde kin. En dat komt net allinne troch Den Haag mar ek troch de ynset fan Opsterlân sels om te besunigjen op WMO en Jeudgsoarch en troch de wize wêrop de ried yn dit proses meitinke koe yn de Klankbordgroep sociaal domein. Wat yn de Perspektyfbrief it meast yn it each springt is de ûnwissichheid foar de middenlange termyn. Om dat te tekkeljen sil wurke wurde moatte oan in Plan B. Dêr is hjir yn de ried troch meardere fraksjes al earder nei frege.
It kolleezje daget de ried út om mei suggestjes te kommen op grûn wêrfan it kolleezje skenario’s oan de ried foarlizze kin om ta in slútend mearjierrenperspektyf te kommen. Hjirby de suggestjes fan de PvdAfraksje: 1. Om de soarch yn te takomst betelber te hâlden sille we trochgean moatte mei oanpassingen yn it sosjaal domein. Soms kin dat om Opsterlân te fergelykjen mei oare gemeenten en op grûn fan in oare noarmering (bygelyks húshâldelyke help yn de thússoarch) ta minder kosten te kommen om’t de famylje of de mienskip byspringt. Dêrnest sille wy troch snoade ynkeap fan soarch, kontraktmanagement, data-analyse en strangere tagong en it trochûntwikkeljen fan it dashboard de kosten omleech bringe moatte. Dit alles fanút it útgongspunt dat elts en ien rjocht hat op goede soarch. En it kin ek bêst wêze dat it ûndersyk fan de Rekkenkeamer nei de Gebietsteams noch brûkbere suggestjes opleveret. 2. Wy freegje it kolleezje te ûndersykjen of in langere ôfskriuwingstermyn by nije skoallen dy’t no ENG en BENG bouwt wurde, ferhege wurde kin fan 40 nei 50 jier. Dêrtroch kinne wy miskien binnen it IHP it ferskil opfange tusken de VNGnoarmfergoeding en de werklike boukosten.
3. Wy witte dat it kolleezje meikoarten komt mei in útstel om in Gemeentlik Enerzjybedriuw op te rjochtsjen. As enerzjycowboys –ek al ha hja op papier noch sokke griene doelstellings- maklik miljonair wurde kinne, dan moat dat foar ús gemeente dochs jierliks ek tonnen struktureel opsmite kinne? Dermei kinne wy ynvestearje yn de leafberens fan ús doarpen en besteande en noch kommende foarsjennings yn stân hâlde. Want it soe sûnde wêze om by dizze lege rintestân út benaudens op ús hânnen sitten te gean. 4. Yn it koalysjeakkoard skriuwe wy oer it “voor wat hoort wat principe”. As de gemeente kwaliteit levert en mienskipsfoarsjennings op it mêd fan sport, kultuur en leafberens mei yn stân hâldt, werom jildt dêr dan ek net it prinsipe fan “voor wat hoort wat” by it sykjen nei gruttere ynkomsten foar de gemeente? Kinst dêrby tinke oan hegere eigen bydragen by foarsjennings, leges of in gruttere selswurksummes. 5. Fanselssprekkend moatte wy ek altyd nei ús sels en ús eigen organisaasje sjen. As wy ús ambysjes ôfskale dan moat dat gefolgen ha foar de organisaasje, mar it omkearde jildt dan ek. By mear ambysjes heart in passende organisaasje. Oars holje wy ús sels fan binnen út.
Foarsitter, De takomst is ûnwis. Om dêr foar ús boargers goede beslúten yn te nimmen is de ferantwurdelykheid fan de hiele ried. Wy hoopje dat wy yn de takomst mear los komme fan it “wy-sy gedrach” tusken koalysje en opposysje. It mei inoar timmerjen oan in riedsprogramma soe dêrby yn de takomst helpe kinne. En it artikel yn de SA fan foarige wike oer de dilemma’s by dielnimmingsprosessen en “right to challenge” moat ús oan it tinken sette oer hoe wy in goede balâns fine tusken oerheidshanneljen en de kreft fan de mienskip. As wy dat goed oanpakke, kinne wy as gemeente Opsterlân miskien – krekt as by it trendûndersyk nei wenjen fan it FSP- in nye trend sette. Wy gien dêr foar!