AANGEKONDIGD moasje Perspectiefbrief - FNP OB VVD CU PvdA CDA - Stipe kulturele aktiviteiten
Tekst van het document
Moasje Stipe optochten Dizze moasje heart by agindapunt Perspectiefbrief fan de riedsgearkomste fan 10 july 2023.
Foarstel Wy freegje it kolleezje om mei in foarstel te kommen om kulturele aktiviteiten, organisearre troch frijwillichersorganisaasjes (finansjeel) te stypjen safier't harren bestean bedrige wurdt troch nije of sterk ferswierende besteande rigeljouwing.
Motivaasje Foar ús is ús plattelânskultuer in wichtige saak, it jout libben yn de mienskip. Optochten yn de doarpen mei fersierde weinen hearre hjirby. Dit jild ek foar doarpsfeesten, optredens en oare kulturele eveneminten. Minsken yn de doarpsmienskippen wurkje meiïnoar gear en dat soarget foar in sterke ûnderlinge bining. Yn in tal doarpen koe de optocht, mei fersierde wein, dit jier net trochgean, of stiet de organisaasje hjirfan faai, omdat de kosten foar it organisearjen sa omheech gien binne, dat hja it net mear opbringe koenen. Yn oare gefallen spilet de oanskerpe rigeljouwing, yn it ramt fan bygelyks de natoerwet en oare organisaasjes parten: der is in soad jild nedich om de fereaske ûndersiken te bekostigjen. Wy fine it wichtich dat kultureel erfguod, dy’t soarget foar ús plattelanskultuer, bestean bliuwt. Wy hawwe te krijen mei oanskerpe rigeljouwing. Organisaasjes moatte hjir opnij harren draai yn sjen te finen. Wy wolle dat sy gemaklik telâne kinne by de gemeente mei fragen en oare (finansjele) stipe.
Dizze moasje wurdt yntsjinne troch: Mirjam Bergsma Jan van Dalen Wanda Geertsma Oebele van der Veen Anja Wiersma Martin de Vries
__________________________________________________________________________ Yn te foljen troch de griffy: Dizze moasje is oannaam / fersmiten / ynlutsen yn de riedsgearkomste fan [datum]. Foar stimden: ……………………………………………………………………………………………………. Tsjin stimden: ……………………………………………………………………………………….....................
Griffier,
Foarsitter,
Laura Meijer
Lex Roolvink
__________________________________________________________________________ In moasje is meastentiids in fersyk oan it kolleezje. Alle riedsleden kinne in moasje yntsjinje yn de riedsgearkomste. Yn dy riedsgearkomste stimme de riedsleden oer de moasje, dan wurdt hy oannaam (de mearderheid stimt foar de moasje) of fersmiten (de mearderheid stimt tsjin de moasje).