CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

AANGEKONDIGD 9.3 Moasje Berne-opfang - FNP

Raadsvergadering 10 november 2025, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Startnotitie Fries taalbeleid (B)309 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Moasje Berne-opfang Dizze moasje heart by agindapunt 9 Startnotysje Frysk taalbelied fan de riedsgearkomste fan 10 novimber 2025.

Foarstel Wy fersykje it kolleezje om de folgende punten mei te nimmen yn it Frysk taalbelied: 1. Fryske of twatalige (Frysk en Nederlânsk) berne-opfanglokaasjes te stypjen mei ekstra middels en begelieding; 2. Aktyf belied om de sprieding, tal lokaasjes en kwaliteit fan twatalige berne-opfang te ferbetterjen; 3. Yn oerlis mei GGD Fryslân (tafersjochhâlder) te ferkennen oft de gemeente (bygelyks yn gearwurking mei SFBO of Cedin) ynformaasje- of kennissesjes oanbiede kin oer de foardielen en effekten fan twatalichheid en it brûken fan it Frysk yn de berne-opfang.

Motivaasje Pjutten sitte midden yn harren taalûntwikkeling en kinne maklik it Frysk as twadde taal leare, mar ek maklik it Frysk as earste taal ferlieze as dy bûten de thússituaasje net genôch oanbean wurdt. It Ryk, de provinsje en gemeenten wolle alle bern dy’t yn Fryslân opgroeie de kâns biede om meartalich op te groeien. Yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer wurd folop op it fierder tanimmen en de sprieding fan de twatalige berne-opfang ynset, wêrby’t gemeenten, as earstferferantwurdlik bestjoersorgaan, frege wurd har ferantwurdlikheid te nimmen. Mei dizze moasje pakke wy as gemeente hjiryn ús ferantwurdlikheid en soargje wy derfoar dat alle bern yn ús gemeente de kâns krije om meartalich op te groeien. Dizze moasje wurdt yntsjinne troch: Mirjam Bergsma

Yn te foljen troch de griffy: Dizze moasje is oannaam / fersmiten / ynlutsen yn de riedsgearkomste fan 10 novimber 2025. Foar stimden: Tsjin stimden: De griffier,

De foarsitter,

Laura Meijer

Andries Bouwman

In moasje is meastentiids in fersyk oan it kolleezje. Alle riedsleden kinne in moasje yntsjinje yn de riedsgearkomste. Yn dy riedsgearkomste stimme de riedsleden oer de moasje, dan wurdt hy oannaam (de mearderheid stimt foar de moasje) of fersmiten (de mearderheid stimt tsjin de moasje).

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=0ca2279d-1de6-4e4d-a0dd-25a089853021