CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

AANGEKONDIGD 9.2 Moasje Goed foarbyld docht goed folgjen - FNP-CDA

Raadsvergadering 10 november 2025, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Startnotitie Fries taalbeleid (B)273 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Moasje Goed foarbyld docht goed folgjen Dizze moasje heart by agindapunt 9 Startnotysje Frysk taalbelied fan de riedsgearkomste fan 10 novimber 2025.

Foarstel Wy freegje it kolleezje om yn de startnotysje Frysk taalbelied neist wetlike kaders in kop mei de folgende kaders/útgongspunten fan it Frysk taalbelied foar Opsterlan ta te heakjen: 1. Frysk en Nederlansk binne lykweardich; 2. Wy kieze foar in dûbeltalige oanpak (en/en) yn stee fan in twatalige (of/of); 3. De gemeente hat in foarbyldrol: se brûkt en stimulearret it Frysk aktyf; 4. De gemeente draacht it Frysk sichtber út en noadiget ynwenners út om de taal te brûken; 5. De gemeente skept in omjouwing dêr’t ynwenners kommunisearje kinne yn it Frysk of it Nederlânsk, neffens harren foarkar.

Motivaasje Yn de startnotysje wurde de wetlike kaders en it bilang dêrfan goed dúdlik. Troch dêrneist oan de foarkant dúdlike útgongspunten foar it Fryske taalbelied fan Opsterlân fêst te stellen, wurde de kaders en ambysjes fan it belied helder. Dizze útgongspunten kinne yn it fierdere proses brûkt wurde om mei belutsen partijen te oerlizzen, te toetsen en dêr’t nedich oan te passen. Dizze moasje wurdt yntsjinne troch: Mirjam Bergsma Martin de Vries

Yn te foljen troch de griffy: Dizze moasje is oannaam / fersmiten / ynlutsen yn de riedsgearkomste fan 10 novimber 2025. Foar stimden: Tsjin stimden: De griffier,

De foarsitter,

Laura Meijer

Andries Bouwman

In moasje is meastentiids in fersyk oan it kolleezje. Alle riedsleden kinne in moasje yntsjinje yn de riedsgearkomste. Yn dy riedsgearkomste stimme de riedsleden oer de moasje, dan wurdt hy oannaam (de mearderheid stimt foar de moasje) of fersmiten (de mearderheid stimt tsjin de moasje).

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=2bbcefbc-7a22-4649-ae39-7ce8a537c46e