4.1 FERSMITEN Moasje frjemd FNP - Oanpassing wynenerzjy enerzjyvisie
Tekst van het document
Moasje frjemd Oanpassing wynenerzjy enerzjyvisie Dizze moasje heart net by ien fan de agindapunten, mar is frjemd oan de aginda fan de riedsgearkomste fan 8 july 2024.
Foarstel Wy stelle foar dat it kolleezje de reaksje oanpast en hjirby harren weromlûkt yn de winsk om yn te setten op wynenerzjy op it fêste lân, oars as de no al mooglike bou van lytse wynmûnen (net grutter as 15 meter masthichte). Ynstee hjirfan roppe wy op om yn te setten op wynenerzjy op see.
Motivaasje Yn it koälysje-akkoart wurdt útsprutsen dat lytse wynmûnen allinnich bout wurde sille der’t sy lanlik ynpasber binne en dat sa’n wynmûne allinnich op de buorkerij op de bedriuwsterreinen fan A7 en Overtoom mooglik binne. Wy wolle ynsette op wyn enerzjy op see sadat Fryslân it iepen lânskip behâld.
Dizze moasje wurdt yntsjinne troch: Mirjam Bergsma
__________________________________________________________________________ Yn te foljen troch de griffy: Dizze moasje is oannaam / fersmiten / ynlutsen yn de riedsgearkomste fan 8 july 2024. Foar stimden: FNP (trije stimmen) Tsjin stimden: Opsterlands Belang, ChristenUnie, VVD, CDA, PvdA, GroenLinks en D66 (17 stimmen).
Griffier,
Foarsitter,
Laura Meijer
Andries Bouwman
__________________________________________________________________________
In moasje is meastentiids in fersyk oan it kolleezje. Alle riedsleden kinne in moasje yntsjinje yn de riedsgearkomste. Yn dy riedsgearkomste stimme de riedsleden oer de moasje, dan wurdt hy oannaam (de mearderheid stimt foar de moasje) of fersmiten (de mearderheid stimt tsjin de moasje).