3.1 OANNAAM Moasje frjemd FNP-CDA - Oanpassing sinnefjilden enerzjyvisie
Tekst van het document
Wizige mMoasje frjemd Oanpassing sinnefjilden enerzjyvisie Dizze moasje heart net by ien fan de agindapunten, mar is frjemd oan de aginda fan de riedsgearkomste fan 8 july 2024.
Foarstel Wy stelle foar dat it kolleezje sich yn de reaksje hurd makket foar sinnepanielen op daken fan partikulieren, lykas bedriuwspanden, foardat sy sjogge nei sinnefjilden op lânbougrûn. Derneist wolle wy de provinsje oproppe om sich hurd te meitsjen it electriciteitsnet/opslach yn oarder te krijen sadat it foar partikulieren en bedriuwen oantreklik makke wurd om werom te leverjen oan it net.
Motivaasje In soad daken yn ús gemeente binnen noch net benut wer it sinnepanielen oanbelanget, derfoar is ynspanning nedich fan de oerheid om dat foar inoar te krijen. Foar it opwekken fan duorsume enerzjy binne wy ôfhinklik fan beskikbere romte op it elektrisiteitsnet. Yn it koälysje-akkoart wurdt útsprutsen dat wy der by de netbehearder en oare belutsen organisaasjes op oantrune om dy romte sa gau mooglik te fergrutsjen.
Dizze moasje wurdt yntsjinne troch: Mirjam Bergsma Bareld van der Meer
__________________________________________________________________________ Yn te foljen troch de griffy: Dizze moasje is sûnder stimming oannaam / fersmiten / ynlutsen yn de riedsgearkomste fan 8 july 2024. Foar stimden: ……………………………………………………………………………………………………. Tsjin stimden: ……………………………………………………………………………………….....................
Griffier,
Foarsitter,
Laura Meijer
Andries Bouwman
__________________________________________________________________________
In moasje is meastentiids in fersyk oan it kolleezje. Alle riedsleden kinne in moasje yntsjinje yn de riedsgearkomste. Yn dy riedsgearkomste stimme de riedsleden oer de moasje, dan wurdt hy oannaam (de mearderheid stimt foar de moasje) of fersmiten (de mearderheid stimt tsjin de moasje).