CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

15.1 FERSMITEN Amendemint Fergaderstruktuer - FNP

Raadsvergadering 26 januari 2026, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Vergaderstructuur gemeenteraad (B)307 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

en er

Opsterlân

Amendemint Oanpassing ynfieringsdatum nije fergaderstruktuer en ynfloed nije ried Dit amendemint heart by agindapunt 15 Fergaderstruktuer Gemeenteried fan de riedsgearkomste fan

26 jannewaris. Foarstel

Wy freechje de ried om it foarstelde beslút te wizigjen troch beslispunt twa te wizigjen yn: 2. “de notitie vergaderstructuur na het zomerreces te beschouwen als aanpassing van het Reglement van Orde tot herziening van het Reglement van Orde.” en ta te heakjen in beslispunttrije: 3. Yn it earstfolgjende presidium nei de ferkiezingen fan 18 maart it nije presidium de gelegenheid jaan om fêst te stellen of sy akkoart gean mei de foarstelde gearkomstedei. Motivaasje Yn it foarlizzende foarstel wurdt de gemeenteried frege om akkoart te jaan op de fergaderstruktuer en de gearkomstedei fan de folgjende ried. Nettsjinsteande dat hjir neffens ferskate fraksjes soarchfâäldich

nei sjoen is binne yntsjinners fan miening dat hjirmei eins de aginda folt wurdt foarin nije gemeenteried en dat dizze ek meinaam wurde moat yn de foarkar foar in gearkomstedei. Derneist jout in útstel ta nei de simmer ek riedsleden dy't troch gean de kâns en ek mear tiid, om bygelyks mei

wurkroasters en oare ferplichtingen rekken te hâlden by in feroarjende gearkomstedei. Dit amendemint wurdt yntsjinne troch: Harm de Jong (FNP)

Yn te foljen troch de griffy: Dit amendemint is fersmiten yn de riedsvergadering fan 26 jannewaris 2026. Foar stimden:

de fraksjes FNP, GroenLinks, PvdA (acht stimmen).

Tsjin stimden:

de fraksjes Opsterlands Belang, CDA, ChristenUnie, VVD, D66 (trettjin stimmen).

De griffier,

De DN

1) Andries Bouwman

Alle riedsleden kinne in amendemint yntsjinje. Mei in amendemint kin de ried in foarsteld beslút oanpasse. Yn de riedsgearkomste stimme de riedsleden oer it amendemint. Stimt de mearderheid fan de ried foar it amendemint, dan feroaret de tekst fan it oarspronklike beslút. Neidat der oer de amendeminten stimd is, stimme de riedsleden foar of tsjin it oanpaste riedsfoarstel.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=3be64a08-b4e4-4b8e-ae01-1f1cb1932322