15.1 AANGEKONDIGD Amendemint Fergaderstruktuer - FNP
Tekst van het document
Amendemint Oanpassing ynfieringsdatum nije fergaderstruktuer en ynfloed nije ried Dit amendemint heart by agindapunt 15 Fergaderstruktuer Gemeenteried fan de riedsgearkomste fan 26 jannewaris.
Foarstel Wy freechje de ried om it foarstelde beslút te wizigjen troch beslispunt twa te wizigjen yn: 2. “de notitie vergaderstructuur na het zomerreces te beschouwen als aanpassing van het Reglement van Orde tot herziening van het Reglement van Orde.” en ta te heakjen in beslispunt trije: 3. Yn it earstfolgjende presidium nei de ferkiezingen fan 18 maart it nije presidium de gelegenheid jaan om fêst te stellen of sy akkoart gean mei de foarstelde gearkomstedei.
Motivaasje Yn it foarlizzende foarstel wurdt de gemeenteried frege om akkoart te jaan op de fergaderstruktuer en de gearkomstedei fan de folgjende ried. Nettsjinsteande dat hjir neffens ferskate fraksjes soarchfâldich nei sjoen is binne yntsjinners fan miening dat hjirmei eins de aginda folt wurdt foar in nije gemeenteried en dat dizze ek meinaam wurde moat yn de foarkar foar in gearkomstedei. Derneist jout in útstel ta nei de simmer ek riedsleden dy’t troch gean de kâns en ek mear tiid, om bygelyks mei wurkroasters en oare ferplichtingen rekken te hâlden by in feroarjende gearkomstedei. Dit amendemint wurdt yntsjinne troch: Harm de Jong (FNP)
Yn te foljen troch de griffy: Dit amendemint is oannaam / fersmiten / ynlutsen yn de riedsvergadering fan 26 jannewaris 2026. Foar stimden: Tsjin stimden:
De griffier,
De foarsitter,
Laura Meijer
Andries Bouwman
Alle riedsleden kinne in amendemint yntsjinje. Mei in amendemint kin de ried in foarsteld beslút oanpasse. Yn de riedsgearkomste stimme de riedsleden oer it amendemint. Stimt de mearderheid fan de ried foar it amendemint, dan feroaret de tekst fan it oarspronklike beslút. Neidat der oer de amendeminten stimd is, stimme de riedsleden foar of tsjin it oanpaste riedsfoarstel.