14.1 OANKUNDIGE Moasje frjemd Net opnij meldingsplicht karbidsjitten - FNP-VVD
Tekst van het document
Moasje frjemd Net opnij opnimme meldingsplicht foar karbidsjitten yn APV Dizze moasje heart net by ien fan de agindapunten, mar is frjemd oan de aginda fan de riedsgearkomste fan 2 maart 2026.
Foarstel Wy freegje it kolleezje om: 1. de meldingsplicht foar karbidsjitten yn de gemeente Opsterlân yn de takomst net wer op te nimmen in de APV.
Motivaasje Eaststellingwerf hat der bewust foar keazen om gjin meldingsplicht foar karbidsjitten te hanthavenjen. Karbidsjitten wurdt dêr sjoen as in kulturele tradysje dy’t meastal yn lyts ferbân en op eigen terrein plakfynt, en net as in evenemint. De gemeente giet út fan fertrouwen yn de eigen ferantwurdlikens fan ynwenners, yn kombinaasje mei dúdlike algemiene feiligensregels en hanthavening op basis fan besteande APV-bepalingen. Der binne gjin oanwizingen dat it ûntbrekken fan in meldingsplicht yn Eaststellingwerf liedt ta strukturele feiligensproblemen. Dit lit sjen dat karbidsjitten ek sûnder meldingsplicht op in ferantwurde wize plakfine kin. Wy wolle hjir yn Opsterlân graach by oanslúte. Dizze moasje wurdt yntsjinne troch: Mirjam Bergsma, FNP Hielke de Vries, VVD
Yn te foljen troch de griffy: Dizze moasje is oannaam / fersmiten / ynlutsen yn de riedsgearkomste fan 2 maart 2026. Foar stimden: Tsjin stimden:
De griffier,
De foarsitter,
{{esl:Signer1:capture:size(200,50)}}
{{esl:Signer2:capture:size(200,50)}}
Laura Meijer
Andries Bouwman
In moasje is meastentiids in fersyk oan it kolleezje. Alle riedsleden kinne in moasje yntsjinje yn de riedsgearkomste. Yn dy riedsgearkomste stimme de riedsleden oer de moasje, dan wurdt hy oannaam (de mearderheid stimt foar de moasje) of fersmiten (de mearderheid stimt tsjin de moasje).