CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

12.3 AANGEKONDIGD Amendemint Mear FTE- FNP-PvdA-D66

Raadsvergadering 2 maart 2026, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Taalbelied 'Mei-inoar Frysk' (B)370 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Amendemint Mear FTE Dit amendemint heart by agindapunt 12 Taalbelied Mei-inoar Frysk fan de riedsgearkomste fan 2 maart 2026.

Foarstel Wy freechje de ried om it foarstelde beslút te wizigjen troch oan beslispunt 12 ta te heakjen: 1. De ynset fan de Meartaligenskoördinator fêststeld wurdt op 0,4 fte; 2. De gemeente fan ôf 2026 struktureel 0,4 fte opnimt yn de gemeentlike begrutting; 3. De foar 2026 en (foar safier beskikber) 2027 en 2028 takende provinsjale subsydzje foar 0,2 fte ynset wurdt as dekking binnen dizze 0,4 fte; 4. By it net of net folslein beskikber wêzen fan provinsjale subsydzje de ried de folsleine nedige middels foar 0,4 fte struktureel beskikber stelt fia de perspektyfbrief en de begrutting. Wy drage it kolleezje op: 1. dit finansjeel te dekken út de algemiene middels dan wol by de earstfolgjende begruttingswiziging foar te lizzen.

Motivaasje Gemeente Opsterlân hat him yn it taalbelied útsprutsen foaroprinner te wêzen yn it sichtber meitsjen en ynsette fan it Frysk. Om konkrete, mjitbere doelen te berikken, is foldwaande útfieringskapasiteit nedich, wat net te realisearjen is mei in beheinde ynset fan 0,2 fte foar fiif domeinen fan it taalbelied. It it is net winsklik dat de ambysje fan de gemeente ôfhinklik is fan tydlike of ûnwisse provinsjale subsydzjes; strukturele ferankering freget strukturele finansiering. In útwreiding fan de ynset nei 0,4 fte sil bettere monitoaring en rapportaazje, aktive begelieding fan partners, fersterking fan de ynterne taalorganisaasje en it ynbringen fan ekstra subsydzjes en projekten mooglik meitsje. Dit amendemint wurdt yntsjinne troch: Mirjam Bergsma, FNP Joke Brouwer, PvdA Danny van der Weijde, D66

Yn te foljen troch de griffy: Dit amendemint is oannaam / fersmiten / ynlutsen yn de riedsfergadering fan 2 maart 2026. Foar stimden: Tsjin stimden: De griffier,

De foarsitter,

{{esl:Signer1:capture:size(200,50)}}

{{esl:Signer2:capture:size(200,50)}

Laura Meijer

Andries Bouwman

Alle riedsleden kinne in amendemint yntsjinje. Mei in amendemint kin de ried in foarsteld beslút oanpasse. Yn de riedsgearkomste stimme de riedsleden oer it amendemint. Stimt de mearderheid fan de ried foar it amendemint, dan feroaret de tekst fan it oarspronklike beslút. Neidat der oer de amendeminten stimd is, stimme de riedsleden foar of tsjin it oanpaste riedsfoarstel.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=90e1738e-5014-4c14-ad49-13d35d9f3f55