12.2 AANGEKONDIGD Amendemint Grutter projekt opnimme - FNP-PvdA-D66
Tekst van het document
Amendemint Grutter projekt opnimme Dit amendemint heart by agindapunt 12 Taalbelied Mei-inoar Frysk fan de riedsgearkomste fan 2 maart 2026.
Foarstel Wy freegje de ried om oan beslispunt 6 ta te heakjen: Yn it Frysk taalbelied by haadstik 6. Hoe boargje wy de oanpak? in allinea mei projekten ta te heakjen wêryn de folgende tekst stiet: 1. Yn de perioade 2026-2030 wurde op syn minst twa gruttere, domein-oerstigende projekten útfierd, dy’t rjochte binne op it sichtber en fanselssprekkend fersterkjen fan it Frysk yn Opsterlân. Dizze projekten hawwe in dúdlike publike en mienskiplike komponint, wêrby’t bygelyks ynwenners, ûnderwiis, bedriuwen, ferienings en/of kulturele partners aktyf belutsen wurde. Foar elk fan dizze projekten wurdt in apart projektplan opsteld mei dúdlike doelstellingen, in planning, finansjele dekking en mjitbere resultaten. It projektplan wurdt foarôfgeand oan de útfiering oan de ried foarlein foar beslútfoarming.
Motivaasje It Frysk taalbelied is yn syn gehiel rjochte op it fersterkjen fan de taal yn ús mienskip. Per domein wurde doelen formulearre en wurdt wurke oan in strukturele ynbêding fan it Frysk. Dat is de basis. Tagelyk tinke wy dat it goed is om njonken dy strukturele ynset ek te kiezen foar in tal gruttere, domein-oerstigende projekten. Net omdat it belied oars net goed genôch is, mar omdat sokke projekten ekstra fokus en sichtberens jaan kinne. In grutter projekt bringt enerzjy, ferbynt ferskillende partijen en makket it Frysk op in konsintrearre en werkenbere wize sichtber yn de mienskip. It soarget foar in mienskiplike ûnderfining en kin as in soarte fan katalysator wurkje foar wat wy struktureel al ynsette. Troch derfoar in apart projektplan op te stellen mei dúdlike doelen, planning en finansjele dekking, soargje wy dat it net by in goed idee bliuwt, mar dat it doelbewust en effektyf útfierd wurdt. Sa kombinearje wy de trochgeande strukturele ynset mei in tal sichtbere en ferbinende projekten dy’t it Frysk ekstra krêft en oanwêzigens jouwe yn Opsterlân. Dit amendemint wurdt yntsjinne troch: Mirjam Bergsma, FNP Joke Brouwer, PvdA Danny van der Weijde, D66 Yn te foljen troch de griffy: Dit amendemint is oannaam / fersmiten / ynlutsen yn de riedsvergadering fan 2 maart 2026. Foar stimden: Tsjin stimden:
De griffier,
De foarsitter,
{{esl:Signer1:capture:size(200,50)}}
{{esl:Signer2:capture:size(200,50)}
Laura Meijer
Andries Bouwman
Alle riedsleden kinne in amendemint yntsjinje. Mei in amendemint kin de ried in foarsteld beslút oanpasse. Yn de riedsgearkomste stimme de riedsleden oer it amendemint. Stimt de mearderheid fan de ried foar it amendemint, dan feroaret de tekst fan it oarspronklike beslút. Neidat der oer de amendeminten stimd is, stimme de riedsleden foar of tsjin it oanpaste riedsfoarstel.