Ynterpellaasje gemeentewerven Holwerderwei 21 Dokkum
Tekst van het document
Ynterpellaasje gemeentewerven Holwerderwei 21 Ut namme fan de FNP-fraksje, Liberaal Noardeast Fryslân, PvdA en BBB freegje ik op grûn fan kêst 51 fan it Reglemint fan Oarder foar de gearkomsten fan de ried fan Noardeast-Fryslân om in ynterpellaasje oer de beslútfoarming oangeande de oankeap fan it pân oan de Holwerderwei 21 yn Dokkum, it proses om it sintralisearjen fan de gemeentewerven en de kar foar dizze lokaasje as foarnommen AZC-lokaasje. De partijen fine dat de gemeenteried ynsjoch hawwe moat yn it folsleine proses om dizze strategyske oankeap hinne en de beslútfoarming dy't dêrnei folge is. It giet hjir om de besteging fan publike middels, it behear fan gemeentlik besit en de kontrolearjende rol fan de gemeenteried. De partijen freegje it kolleezje om folsleine iepenheid te jaan oer de oarspronklike oankeap, de ûndersiken, de finansjele ûnderbouwing en de makke bestjoerlike ôfwagings. Wy fersykje om dizze ynterpellaasje te behanneljen yn de earstfolgjende gearkomste fan de gemeenteried dêr't dat mooglik is. Ut namme fan de yntsjinnende fraksjes, Jaap Postema ____________________________________________________________ Fragen FNP 1.
Op basis fan hokker ynformaasje, ûndersiken en finansjele ôfwagings hat it kolleezje yn desimber 2024 besletten ta de oankeap fan Holwerderwei 21 as strategyske oankeap? Hokker tasizzings binne dien foar it gefal dat sintralisaasje oan Holwerderwei net mooglik blike soe? 2. Wêrom hat de ried it rapport "Onderzoek alternatieve scenario's centrale gemeentewerf" fan 12 maaie 2026 pas nei in útdruklik fersyk fan in riedslid krigen? Wa hat wannear besletten it rapport net aktyf oan de ried te ferstrekken, en hokker reden lei dêr oan ten grûnslach? 3. It gemeentewerfrapport stelt Holwerderwei foar as foarkarsrjochting foar beslútfoarming troch de ried. Wêrom is de ried net earst yn de gelegenheid steld om dat rapport en de ôfwaging fan it kolleezje te besprekken? 4. It gemeentewerfrapport advisearret Holwerderwei as foarkarsenario. Wa hat it inisjatyf nommen foar de koerswiziging nei Betterwird: gie it om in amtlik advys of in selsstannige politike kar fan it kolleezje? Hokker nije feiten of oare ôfwaging ûnderbouwe it beslút fan 4 septimber 2026, wylst de romtlike beheiningen al bekend wiene? 5. Hokker folsleine finansjele ferliking lei foar de lokaasjekarren op tafel tusken in gemeentewerf oan Holwerderwei, ferkeap fan it pân en de kombinaasje fan in AZC oan Holwerderwei mei in gemeentewerf op Betterwird? Wannear is dy ferliking oan de ried jûn? 6.
Op hokker ûndersyksresultaten basearret it kolleezje de kar foar Holwerderwei as foarnommen AZC-lokaasje, wylst dit yn it Sweco-ûndersyk fan 2 oktober 2025 de measte negative beoardielingen hat? Hokker kritearia binne dêrby swierder woegen en wêr is dat fêstlein? 7. Hokker aktualisearre ûndersiken wiene foar de AZC-lokaasjekar beskikber oer de geskiktheid foar 214 persoanen, wylst Sweco útgie fan 123 opfangplakken? Binne de oanrikkemandearre risiko- en ferkearsûndersiken útfierd, en wannear hat de ried de útkomsten krigen? 8. Hokker aktuele ynformaasje oer stroomkapasiteit lei ten grûnslach oan de kar om Betterwird fierder te ûndersykjen, mei’t it gemeentewerfrapport in mooglike wachttiid fan fiif oant tsien jier neamt? Wannear is de ried ynformearre oer dy ûnwissichheid en de gefolgen dêrfan? 9. Wêrom hat it kolleezje de ried net earst it rapport en de ôfwaging foarlein, sadat de ried him útsprekke koe oer it foarkarsscenario, foardat de ûndersyksrjochting feroare waard? 10. Wannear hat it kolleezje it beslút nommen om Holwerderwei net langer as foarkarsscenario te beskôgjen en Betterwird fase III fierder te ûndersykjen? 11. Is dit beslút allinnich in feroaring fan ûndersyksrjochting of is der feitlik al in beslút nommen om de Holwerderwei ôf te skriuwen as lokaasje foar de gemeentewerven? 12.
Yn it AZC-lokaasjeûndersyk fan 2025 is Holwerderwei opnommen as op koarte termyn beskikbere lokaasje. Hoe is dy beskikberens beoardiele, mei’t de lokaasje ek yn byld wie foar de gemeentewerf? 13. Hoe kin it dat yn de brief fan 8 oktober 2025 oan de gemeenteried konkludearre waard dat der gjin geskikte lokaasje wie foar in AZC mei 100 persoanen, wylst no op basis fan itselde ûndersyksrapport de lokaasje oan de Holwerderwei 21 blykber wol geskikt achte wurdt foar in AZC mei 214 persoanen? Wat is der ynhâldlik feroare yn de beoardieling en hoe wurdt dit ferskil ferklearre? 14. Wannear is Holwerderwei foar it earst yntern en mei it COA as AZC-lokaasje besprutsen? Hat dy mooglike bestimming meispile by de koerswiziging foar de gemeentewerf nei Betterwird, en yn hokker advys of beslút is dy ôfwaging fêstlein? 15. Hokker besluten, ôfspraken en ferplichtingen binne sûnt de oankeap oangien oer de gemeentewerf en it AZC, en wannear is de ried dêroer ynformearre? Hokker besluten moatte noch oan de ried foarlein wurde en hokker ûnderlizzende stikken hat de ried noch net krigen? 16. Fynt it kolleezje dat de ried, dy't it kredyt beskikber steld hat foar de oankeap fan de Holwerderwei 21 foar it sintralisearjen fan de gemeentewerven, op dizze manier foldwaande ynfloed hân hat op it loslitten fan de oarspronklike doelstelling? Fragen Liberaal Noardeast-Fryslân 1.
Uit het rapport blijkt dat al bij het opstellen van het Programma van Eisen duidelijk werd dat het raadskrediet van € 5,7 miljoen “niet toereikend” zou zijn; de raming komt nu uit op € 20,7 miljoen. Wanneer wist het college dit, en waarom is de raad hierover niet direct actief geïnformeerd? 2. Het college wil na een positief onderzoek Betterwird III zélf aanwijzen als strategische voorkeurslocatie. Op grond van welke bevoegdheid beschouwt het college een locatiekeuze met een investering van ruim € 20 miljoen als collegebesluit, terwijl de raad het budgetrecht heeft en het krediet voor de Holwerderweg op een andere grondslag heeft verstrekt? 3. Op 11 juli 2024 heeft de raad besloten dat onderzocht moet worden of Gebietsteam Noard op de centrale werflocatie kan worden gehuisvest om dicht bij de Mienskip te zitten. Betterwird III ligt volgens het rapport “verder van centrum”. Hoe verhoudt het collegebesluit zich tot dit raadsbesluit, en waarom is dit niet aan de raad voorgelegd? 4.
Is het besluit om de Holwerderweg als werflocatie los te laten genomen omdat de locatie voor het AZC nodig was, of is de Holwerderweg als AZC-locatie gekozen omdat die door de koerswijziging vrijkwam? Was de Holwerderweg al als mogelijke AZC-locatie in beeld op het moment van: het raadsbesluit over de aankoop (19 december 2024); het Sweco-locatieonderzoek (2 oktober 2025); de onderzoeksopdracht voor de alternatieve scenario’s (maart 2026); het opleveren van het rapport (12 mei 2026)? 5. Het rapport dat de raad heeft ontvangen is versie 1.6. Zijn er eerdere versies geweest met andere conclusies? Is er vanuit het college of de portefeuillehouder invloed uitgeoefend op de inhoud of de conclusie van het rapport? 6. Uit het collegedossier blijkt: maandag medewerkers en OR informeren, dinsdag de raadsbrief versturen. Waarom is de raad, als budgethouder, pas na de organisatie geïnformeerd over het loslaten van de grondslag van zijn eigen besluit? 7. Dossier 9662 is als vertrouwelijk aangemerkt. Op welke grond, geldt die vertrouwelijkheid nog, en voor welke bijlagen? Welk belang van de gemeente wordt geschaad als de raad en de inwoners openlijk kennisnemen van een met publiek geld uitgevoerd onderzoek? 8. De € 50.000 voor nader onderzoek wordt onttrokken aan de algemene reserve met slechts een melding op de 3e Turap. Waar is dit precies te vinden in de 3e turap? 9.
Is het college bereid het besluit van 4 september 2026 op te schorten en de locatiekeuze, met het rapport van 12 mei 2026 en de volledige onderliggende stukken, als raadsvoorstel aan de raad voor te leggen voordat verdere kosten worden gemaakt? Fraach PvdA De PvdA skaarret him efter de boppesteande fragen en stipet it stribjen nei folsleine dúdlikens oer dizze saak. - Hat it hjoeddeiske kolleezje of it foargeande kolleezje der bewust foar keazen om relevante ynformaasje foar de gemeenteried efter te hâlden? Fragen BBB De BBB skaarret him ek efter de boppesteande fragen en stipet it stribjen nei folsleine dúdlikens oer dizze saak. 1. Wat was de insteek van dit college over de locatie Holwerderweg richting COA, welke toezeggingen zijn al hard gemaakt naar COA, wat ligt er al vast aan kostenstructuur ? 2. Aangaande beoogde locatie nu op Betterwird III , wat is er al aangekocht? Is het geen terpgrond? Oftewel archeologische grond? Hoe zeker is het dat die locatie daar wel zou kunnen komen?