CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Ynsprektekst Logiesaccommodaties - komplete tekst 231005

It Petear 5 oktober 2023, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Inspreker en gelegenheid voor raad vragen te stellen1.209 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Ynsprekke Gemeenteried 5-10-2023 Beleidskader Logiesaccommodaties de komplete tekst fan ynsprekker út namme fan GastenGilde

Goejûn, achte riedsleden fan ús gemeente. Ik wol graach fanút GastenGilde wat ynbringe by dizze presentaasje. Allerearst soe ik beneidrukke wolle hoe wichtich it is as in gemeente sels aktyf de ferbliuwsrekreaasje, mei it bieden fan slieperij foar toeristen, goed fasilitearje wol. Dit nije beliedskader is dus al een goeie stap foarút. Op it foarblêd stiet Ontwikkelkader Logiesaccommodaties; en dêrûnder: Een praktisch beleidsdocument voor een evenwichtige verdeling en spreiding van logiesaccommodaties. Jo kinne ek wat oars sizze kinne: Een praktisch beleidsinstrument voor het faciliteren van een duurzame bedrijfsontwikkeling en continuïteit van de recreatiesector( in de gemeente Noardeast Fryslân ). In Haadstik 2 stiet de Analyse en Haadstik 3 en 4 oer Raakvlakken en haadstik 5 giet dan oer Ambitie en Beleid. Derin wurdt ûnderskied makke: ---Earst Rekreaasjebedriuwen lykas grutte kampearterreinen en bungalowparken men wol hoeden omgean om der samar nije de by te litten. --Dêrneist oer de Lytsskalige Logies. Dat is omskreaun as: : Een ondergeschikte nevenactiviteit bij een hoofdfunctie op een bouwperceel. Bijvoorbeeld Bed & Breakfast en Kamperen bij de Boer. No minsken, dat is wol hiel súnich sein… Hawwe jimme as Riedsleden no al wol in goed byld? Der is nammelik in grut ferskaat by ús groep fan lytsskalige akkommodaasjehâlders .

It giet dan oer lytse of grutte fakânsjewenten yn stêd of doarp of op ‘e romte, appartementen in of by gewoane hûzen, Groepsakkommodaasjes, Famyljehûzen, der binne sels oanpaste hûzen foar minsken mei beheinings en dat allegear neist dy neamde mini-kampings en de BenB’s . Der wurdt hiel makkelik sein dat hûzen yn ‘e doarpen net mear foar rekreaasje brûkt wurde meie. Dat de âlde rekreaasjefergunningen samar ferfalle kinne wylst de gemeente sels, jierren lyn, dêr fergunning foar ôfjûn hat om sokke hûzen út in wenningbestand te heljen. Dat is in ‘Onttrekkingsvergunning aan het woonbestand’. Want dy hûskes binne te lyts en net geskikt foar permanent bewenjen. Yn it ferline hiene sokke doarpen dus ek sels

kompensaasje freegje kinnen by gemeente en provinsje om as ferfanging fan dizze hûzen wer inkele nije hûzen te bouwen foar eigen minsken . Mar dat is allegear net bard. ---Paesens Moddergat hat op RTV NOF en Omrop Fryslân west en Anton Buwalda fan de FNP hat fragen stelt oan it Kolleezje en dy fragen haw ik doe alfêst mar beantwurde; sa’t ik dat fanút ús beleving seach. Want, dizze problematyk freget om folle mear nuansjearring. It is gewoan fiersten te koart om ‘e hoeke as met seit dat in rekreaasjeundernimmer de skuld kriget dat eigen minsken gjin hûs krije kinne en dat no de skoalle in Peasens ticht giet. Dy problematyk fan dizze ferfallen rekreaasjefergunnings kinne no ek best yn dit beliedskader oplost wurde. Dat hoeche jo der no net bûten te hâlden. ----------In it lêste stik fan dit document stean fanôf side 12 – 17 de ‘ Beleidsregels Logiesaccommodaties’ Dêryn stean ek noch saken dy’t ús net snoarje ûnder diel 3 “Beleid per onderdeel’; Bg. in bepaling dan yn in BenB keamer net yn keukenblokje wêze mei wylst dat wol bydrage kin oan in hegere kwaliteit en in hegere omset en minder wurk foar de ûndernimmer. De gasten kinne dat ek hiel goed wurdearje. De provinsje hat koartlyn soks ek noch subsidiëre, krekt hjirom. En dan sa’n bepaling fan maximaal 35% en 70 m2 gebrûksopperflak fan de wenning . Wy fine dit soart saken gewoan wat skiterich.

Hjir wringt ek dat der yn it gemeentehûs in protte personielswikselingen west hawwe. Der is in grut lek oan mienskiplike dossierkennis ûntstien troch de gemeentefúzje en dêrnei de Corona en no mei de ûntflechting. Alline Frederik Kamstra wit noch hoe’t ús akkommodaasjes der fan binnen útsjogge. Riedsleden, ambtners en wethâlders hawwe gjin byld mear fan wat er allegear al betocht en útfûn is yn it fjild yn ús eigen gemeente. Hoe heech de kwaliteit fan de akkommodaasjes hjir al is en hoe’t de lytskalige undernimmers harren eigen paad sykje en w6er’t dy minsken no allegear ferspraad oer de gemeente sitte.. Dan oan ‘e ein noch inkele saken Haadstik 6 giet oer ‘Uitvoering’ ‘Handhaving’ en ‘Evaluatie’. Wat dêr dan noch krekt mist is een extra stikje tekst oer ‘Facilitering’ en ‘Dienstverlening aan de ondernemers’

--- Is it no wol düdlik genoch wêr’t undernimmers te plak kinne; Soe der ek in ûndernimmersloket mooglik wêze? ---Of kinne de bedriuwskonsulenten fan de gemeente dit allegear wol oan? Soks is wol wichtich as jo dizze opkommende rekreaasjesector foarút helpe wolle. Op side 10 stiet wat oer ‘Herbestemming Erfgoed’ Der is wol maatwerk mooglik wannear’t der karakteristiek of monumentale hûzen binnen dy’t mooglik mei rekreaasje mear takomst hawwe om de jierlikse ûnderhâldkosten mei te beteljen. Sa’n ´Maatwerkkonstruktie´ soe ek noch inkeld ris brûkt wurde kinne foar lytse âlde hûskes yn it doarpsbyld. Op side 7 wurdt sein dat der ‘Slimme groei ‘ komme moat mei de 7 principes fan circulaire ekonomie Mar de gemeente soe ek ( as 8ste) ‘Kontinuïteit en Fêstichheit’ biede moatte foar in sûn ûndernimmersklimaat sa dat rekreaasjeundernimmers de ynfestearrings ek weromfertjinje kinne en yn e takomst ek oerdrage oan in nije rekreaasjeûndernimmer en der dan sels ek noch wat fan oer hâlde as jo fertsjinne pensioen. No sa, wy binne ree om by jimme fraksjes ús ideeen noch ris fierder út te lizzen as tarieding op it Debat en hoopje dat jimme ús noch wat temjitte komme wolle.

Danke wol ---------------------------------------------------------------------------------------------------(--- Mooglike diskusje: Mooglik soe der in adfysgroep komme kinne fan rekreaasje-undernimmers, mei in ambtner, dy’t kollegas stypje kinne om de goeie stappen te setten foar it krijen fan fergunning foar harren plannen.) ( Mooglike diskusje --- Wat dêr ek mist is dat der bedriuwen binne dy’t harren troch-ûntwikkelje fan lytskalig bedriuw nei in opskaalt bedriuw wêr’t no it haadiynkommen mei fertsjinne wurdt en der ek al ferskate oare minsken no yn meiwurkje ; dy hawwe wy hjirr ek yn ús gemeente. Bg in bedriuw as It Dreamlân yn Kollumerpomp en Schreiershoek yn Eastrum, tichtby Dokkum )

( --- mooglike oanfolling --- By Haadstikje 2 ‘Analyse’ Soe men ek noch skriuwe kinne: Velen hebben inmiddels dit gebied van Noordoost Friesland al ontdekt. De aanwezigheid van de grote verscheidenheid aan verblijfsaccommodaties die

zich zelf al lange tijd, wereldwijd via internet presenteren, hebben dit mogelijk gemaakt. Daar waar een grote speler als Esonstad in deze regio hun deel al hebben ingenomen, zit de groei toch vooral bij de kleinschalige accommodaties. )

( Mooglike diskusje:-- By Rekreaasje en Roerisme yn oerheidpublikaasjes en Toeristyske Fyzjes, wurdt faak sein: Speerpunten zijn het stimuleren van Dagrecreatie, Horeca en Verblijfsrekreatie. It wurd ‘Verblijfsaccommodaties’ stiet dan altyd efteroan. By Dagrecreatie giet it ek wol oer festivals, evenementen en oare grutte publiekslûkers sa as grutte hurdfytswedstiden of in kear Sinterklaas ynhelje. Mar It rendement fan Ferbliuwsrekreaasje is foar in regio folle heger omt dyselde minsken, ús gasten, meardere dagen efterelkoar hjir bliuwe en dêrom folle better mei ús gebied yn ‘e kunde komme. Der is mei dizze groep ek folle minder ferkearsdrokte. Minsken binne ferspreid oer it gebied. Se gean ek kuieren of fytsen of bliuwe by tichtby hûs. Se ‘priuwe’ it lânskip. Boppedat passe dizze toeristen hjir ek folle better. Oer it gehiel kin in gemeenten foar it ferbliuwstoerisme folle minder kosten meitsje per jier dan by ynsetten op folle mear Dagrecreatie . )

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=a635f1a9-673b-48e4-8a29-a93bdeb30b9f