Ynspraaktekst - Ynsprekker Projectgroep (tsjerken)
Tekst van het document
achte foarsitter, kolleezje en ried.
Ik wol mij graach earst ferdiedigje tsjin in ûnwiere opmerking, utere troch xxx (aginda behearder MFC) bij it ynsprekken op 14 desimber 2023, har wurden rjochting horeka, middenstân en tsjerke wiene: “Wat makket it harren út oft dit gebou stean bliuwt of dat der in nij gebou komt? It makket harren neat út omt sy der gjin gebrûk fan meitsje.” Ik sil myn ferdiediging koart hâlde, mei mar twa foarbylden. Oktober 2023, twa moanne foar de útspraak, hat de tsjerke de grutte saal ôfhierd fan it MFC, foar in optreden fan Bastiaan Ragas. Mear as 300 besikers. Juny, krekt lyn, hat de tsjerke de grutte seal fan it MFC ôfhierd foar de slot-snein. De grutte seal wie fol, der moasten noch stuollen bij.
Mar no! Yn it foarste plak tank oan it amtlik apparaat dat altyd ree stie foar de projektgroep mei help, stipe en adfys.
De opmerking 12 jannewaris 2023 nammers de VVD-fraksje makke, wol ik dat as reade tried brûke: De gemeente gaat het betalen dan komt het wel goed. Dat is noch nooit gebeurd. Het vele geld gaat naar het gebouw en niet naar de inwoners van Burdaard. De politike ôfwaging. ik stel fragen mar der is mij op wezen dat ik jim hjir bij freegje wol dizze fragen mei te nimmen yn it debat fan nije wike. • De projektgroep is fan start gien mei de kaderstelling sa as wethâlder Soepboer dy gearfetten hat, 8 senario’s, dy moasten ûndersocht wurde nei opmerkingen fan út de ried 12 jannewaris 2023. De ried, jimme fraksjes, binne de opdrachtjouwers west. It heechste orgaan, sei de wethâlder.. 1
Mei dy opdracht út de ried is de projektgroep oan de slach gien. En net as slopers, sa as sommigen de yndruk jaan wolle. Einresultaat: adfys en einrapportaazje op basis 1000 A4 siden . Wat wiene de kaders? • Draach flak moat der wêze! Hjir foar wie de heechst foarm fan partisipaasje yn gemeente lân keazen: koprodusearre. *Hoe sjocht de ried it adfys, dat mei draachflak op boud is en no yn it laat leit? *Wethâlder Soepboer hat 12 jannewaris 2023 oer it idee “fan werynrjochting en herstrukturearing sein, dat dit bûten de 8 senario’s foel. Toch sjoche wij, dat it demisjonêre kolleezje dochs in ôfwiisd senario as belied meitsje wol?
Kader! • Hypoteek lêsten nei beneden en enerzjy kosten nei ûnderen. *De Christen Unie helle terjochte oan, dat der al in protte euro’s oan it MFC yn Burdaard bestege is. In gemeente as eigner en “vastgoed makelaar” styng net yn de opdracht. Hoe sjocht jimme as fraksjes, mei it each op kaderstelling yn 2023 en finânsjes, de takomst as it kolleezje dizze taak op har nimt? Wer kin de ried stjûre as it oan it kolleezje is? Kader! • Gemeente moat de saak net draaiende hâlde It tema fan dit ferhaal is de sin dy de VVD fraksje útsprutsen hat. Is jim yndruk dat it jild nei it doarp giet as nei it gebou MFC? Kader! • In doarpshûs del sette, dat him sels oerein hâlde kin. *Dit hat alles te krijen mei it doarp de rezjy. De fraach oan dizze fraksje: Hoe sjoche jim dit as fraksje foarm krijen yn it nij útstel fan it kolleezje?
2
Kader ! • Net de selde flater te meitsjen as doe des tiids . *”Keppelkânsen”, seit it kolleezje. Hoe fier sjoche de oare fraksjes hjir in partij-politike ynfulling? Der bij. . . . . . sjoche de fraksjes hjir gjin werhelling fan flaters út it ferline? Kader! • In soarchfâldig proses del rinne dy’t maatskiplik hiel swier weegt. Yn de brief oan de ried is hjir al oandacht oanjûn. De CDA-fraksje hat yn okotber 22 hjir nei frege wurdt it borge. Us gefoel is as it rapport yn it laat leit en der net oer praten is dan sette wij der in fraachteken bij. • Feroaring bestimmingsplan: Yn it útstel wurdt foar bij gien oan it feroarjen fan it bestimmingsplan. Sosjaal en maatskiplik bestimming. De gemeente Ferwerderadiel hie der sels in straf klausule yn fan 2 ton, fan sûnder tusken komst fande rjochter. Hjoed mear rjochting de 3 ton. It bestimmingsplan “Sosjaal en maatskiplik bestimming” is tige wichtig Ûntsiet der in frije merk?
It doarp mei syn MFC “ont-zorgen” stiet yn it útstel fan hjoed. Dat betsjut pleisters plakke. Dat is al mear as 14 jier bart. De pasjent moat opereerd wurde. Tanke wol
3