Ynspraak fanút De Trije Terpen AZC 240515 - ynsprekker 9
Tekst van het document
Myn namme is XXX en ik stean hjir fanút de wykrie fan de Trije Terpen, dêrmei fertsjinwurdigje ik op dit stuit de hiele wyk, mei 200 wenningen en 700 ynwenners. Om de miening fan de hiele wyk te krijen ha we in enquête útset en in ynlaste ledefergadering hâlden.
Earder ha wy in brief nei de fraksjes skreaun mei de gedachten fan de wyk oer in AZC yn de Trije Terpen, dêryn ha jim lêze kinnen dat der gjin foarsjinnings binne en dat de Trije Terpen al plak biedt oan 100 Oekraïnse flechtelingen.
Wy merke dat der in striid losbarsten is tusken de wyken yn Dokkum. Sa binne der yn de stikken in protte dy’t prate oer de Trije Terpen. Fanút de Trije Terpen gean wy net mei yn dizze striid en bliuwe by ússels, wol jou ik it lûd út de trije terpen oer dizze suggesties.
Der wurdt suggureart dat der gjin oerlêst te ferwachtsjen is yn de Trije Terpen. Dat is net wier, de koartste route fan it lange ein nei in supermarkt giet dwars troch de wyk, fia de Woudhorne en rûnwei West nei de LIDL. En dat is neffens google maps 23 minuten stappen. Dus dêr is like goed oerlêst te ferwachtsjen as yn de oare wyken. De route nei it sintrum giet oer de ienige ynfalswei fan de Trije Terpen, al it ferkear moat oer dy iene wei, dus ek dêr is dyslefde oerlêst te ferwachtsjen. En wêr sille se rûnhingje as se sich ferfele, op it selde plek wêr’t no ek al rûnhinge wurdt, op it skoalleplein fan de Pionier, midden yn de wyk.
Fierders wurdt oanjoen dat der draachflak wêze soe yn de trije terpen en de soargen net grutte binne. Op de ynrin jûn soene mar 7 fan de 44 opmerkingen negatyf wêze fanút de trije terpen, self tel ik toch echt 22 fan de 24 opmerkingen. Dêrby blykt út ús enquête en de ledegearkomst dat der gjin draachflak is en grutte soargen binne. Sa stiet 86% negatief tsjinoer in AZC en 9% posityf. Dizze enquête is representatief en ha wy mei de fraksjes en de gemeente dielt.
In soad minsken ha grutte soargen oer de feilighyd; diefstal, oerlêst, rûnhingje of lêstich falle. Net selden binne dizze soargen ynjûn troch negatieve erfarings mei it foarige AZC, fammen doarden dêr net mear del te fytsen of net mear nei it swimbad omdat se dêr lêstich fallen binne.
Mei grutte ferbazing ha wy dan ek it advys fan de plysje lêzen. Dêr kloppet op alle punten neat fan. It punt oer de bushalte kloppet net, want de tichtsbysteande is by Haaima Hylkema neffens google maps is dat júst fierder dan by de oare twa lokaasjes. Dêrby freegje wy ús ôf sinds wannear de plysje oer it iepenbier ferfier giet, dat selde jild foar de oanwezichens fan sportfoarsjinnings. Dêr giet de plysje ek net oer. Wêrom wurde dit as posityve punten foar de Trije Terpen neamt. By de oare lokaasjes wurdt taname fan winkeldiefstal yn it sintrum as neidiel neamt, mar dat jild like goed foar de Trije Terpen, de bewenners fan it AZC sille toch dat hiele ein nei it sintrum moatte foar hun guod. Sterker noch de lokaasje Trije Terpen soarget foar in hegere kapsiteitsfraach fan handhavers omdat ferdielt wurde moat oer it sintrum en Súderskâns tagelyk. (2 winkelgebieden ypf 1) Fierder is de nabijheid fan it plysje buro in moai ferhaal, mar plysjes binne op de dyk, dy binne dêr wêr’t handhaving nedich is en sitte net te wachtsjen op it plysjeburo. It meast opmerkelijke yn it plysje rapport is wol dat de Trije Terpen net neamt wurdt as wyk ‘met vooral koopwoningen en jonge gezinnen’ sa as de oare buert. De Trije Terpen is de jongste wyk fan Dokkum, 34% fan de ynwenners sit yn de leeftyd 0-15, en it oantal keapwennings sit op 91%. Yn de weeshúslannen is dat 17% en 79%.
Wêrom wurdt dit dan net as neidiel foar de Trije Terpen neamt en wol foar de oare wyk? Dit plysje rapport seit ús twa dingen 1. De feiten yn it rapport binne onvolledig, dus de konkluuzje en it advys kloppe net en kinne we neat mei. Dit rapport moat dan ek fan tafel. 2. Wat dit rapport wol seit is, dat de plysje gjin kapisiteit hat
En dan komme we precies by de soargen dy’t de minsken ha. No al komt de plysje net opdagen as der melding dien wurdt oer oerlêst fan hanggroepjongerren. No al wurde ús fammen lestich fallen en fiele harren net feilich. Hoe komt dit aarns mei in AZC yn dizze foarm, it COA hat tidens de ynrin jûn oanjoen dat op dit stuit 90% fan de flechtelingen allinich reizigjende mannen binne, precies de kategorie wêr’t de meast oerlêst fan te ferwachtsjen is. Wy hâlde ús hert fêstkomt as dit klear? Fanút de Trije Terpen tinke wy hiel dúdlik fan net.
In oar punt wat ik meitsje wol giet oer de útwreidingsplannen Trije Terpen súd as ûderdiel fan de woondeal. Ús jongerein ha wenningen nedich, as starter is dat op dit stuit hiel dreech en jongerein dy’t ynskreaun steane foar in huurwenning sjogge faak wenningen oan hun neus foarby gean. Yn de stikken kinne wy lêze dat der plannen binnen foar 160-170 wenningen yn it plan Trije Terpen súd, ek foar sosjale wenningbou, lege ynkomens en starters. Dizze útwreidingslokaasje komt dan deun neist it AZC. Dat hat in effekt op de ferkeapberhyd fan dizze wenningen. Binne der dan noch projektûntwikkelaars te finen dy’t it finansjele risiko rinne wol om te ynfestearen yn in nije wenwyk neist in AZC. Dus dizze wenningen dy we echt nedich ha komme der dan net. Wêr kin ús jongerein dan wenje.
Krekt ha ik al falle litten dat de Trije Terpen al 100 Oekraïnse flechtelingen opfangt. En ondanks dat it mei Oekraïners yn de regel frij goed giet levert dat al wol in bepaalde asieldruk op de wyk. In AZC yn dizze foarm makket dat noch folle heecher. De wyk kin dat net oan. Dêrby liket it as wy flechtelingen sa fier mooglik fuort stopje om der mar gjin lêst fan te hawwen, úteinlik is der neat foar de bewenners yn de Trije Terpen en moatte se foar hun boadskippen elke dei it hiele ein nei in supermarkt. Dat kinne we de flechtelingen toch ek net oan dwaan? En hoe is de interaksje tusken de Oekraïnse flechtelingen en dy yn it AZC? Levert dat noch problemen op?
Oer it spanningsnet kinne wy koart wêze, de brief fan Alliander is dúdlik en sy binne de ekspert. Dêr skoart de Trije Terpen better omdat de stroom in heal jier earder realiseare wurde kin. Mar úteinlik makket dit punt neat út, want de totale planûntwikkeling oant oplevering is langer dan 1,5 jier. Dus de problemen op it spanningsnet spylje gjin rol fan betekenis.
It lêste punt wat ik meitsje wol giet oer it proces, de kommunikaasje en burgerpartisipaasje. Wat dêroer yn de stikken te lêzen is foar de wettertoerbuert, dat jild natuerlik ek foar de Trije Terpen. Der is te min dien om draachflak te krijen en goeie burgerpartisipaasje yn te regeljen. Sterker noch der wurde 3 wyken yn Dokkum tsjin elkoar opset oer sa’n emosioneel beladen ûnderwerp. Bêste riedsleden, miskyn liket it jûn wol sa, mar ik lieuw echt net dat elk hjir xenofoob en tsjin opfang fan minsken op de flecht foar oarloch is. It giet oer de foarm fan opfang en it proces. Elke kear wurdt wer dúdlik dat it om dizze foarm fan opfang giet en neat oars. Dat is it riefoarstel sa’t it der leit. En as wy dan sjogge, dat der gjin draachflak is, grutte soargen oer feilighyd net fuort naam wurde, de plysje net thús jout en it proces net goed ynrjochte is, dan kin ik jim mar ien ding freegje, Stop alsjeblieft dit proces net allinich foar de Trije Terpen mar foar hiel Dokkum en lústerje nei de minsken.