Ynlutsen Moasje frjemd - Statushâlders yn Noardeast-Fryslân 240620 en 240704
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2024-135496 MOASJE Art. 48 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 20 juny 2024 en 4 july 2024
Underwerp: Statushâlders yn Noardeast-Fryslân
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: • Nederlân te krijen hat mei in asylkrisis; • Nederlân te krijen hat mei in huzekrisis; • út it draachflakûndersyk blykt dat in grutte mearderheid gjin permanint AZC yn ús gemeente wol; • ungefear 19.600 statushâlders yn in AZC ferbliuwe, dit san 30% fan alle plakken yn AZC's binne; • gemeenten fanút it Ryk in ferplichte opjefte hawwe foar de opfang fan statushâlders en it kolleezje earder oanjûn hat net oan’e taakstelling foldwaan te kinnen; • it COA oanjûn hat, wannear’t de statushâlders trochstreame, besteande AZC's brûkt wurde kinne dêr’t se foar bedoeld binne; yn beried nimmend dat: • gemeenten op ferskate wizen de asylketen ûntlêste kinne; • it húsfesten fan statushâlders neffens it Ryk ien fan de mooglike bydragen hjiroan is; • tydlike wenningbou bydraacht oan it foldwaan fan húsfesten fan statushâlders en mooglik ek by de huzekrisis; • tydlike wenningbou op koarte termyn realisearre wurde kin; • tydlike wenningbou yn oerlis mei doarpsbelangen en wykrieden nei aard, skaal en karakter mooglik is; • de statushâlders fanút in eigen wenning better yntegreare kinne yn ’e mienskip;
sprekt út: • ek sjoen de útslach fan it draachflakûndersyk, ôf te sjen fan it foarnimmen fan de bou fan in permanint AZC yn de gemeente Noardeast-Fryslân; ropt it kolleezje op: • in ûndersyk te dwaan nei wat er maksimaal oan statushâlders yn Noardeast-Fryslân húsfeste wurde kin en dit ûndersyk oan ’e ried te presintearjen, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: J. Postema (FNP), GBNF, BVNL, VVD Moasje ynlutsen