CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Ynlutsen - Moasje frjemd - Netkongestje 230413

It Beslút 13 april 2023, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: INGETROKKEN - Moasje frjemd FNP-CDA-GBNF-S!N-VVD - Netkongestje300 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Jiertal / saaknûmer: 2023-088079 MOASJE Art. 49 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 13 april 2023

Underwerp: Netkongestje

De ried, heard it beried, konstatearjend dat: • de FNP-fraksje skriftlike fragen steld hat oer de (driigjende) netkongestje yn ús gemeente; • it byld dat it kolleezje yn harren antwurd sketst tige soarchlik is; • de CDA-fraksje mûnling fragen steld hat oer dit ûnderwerp; • it kolleezje seit op dit stuit gjin dúdlike mooglikheid / oplossing te hawwen om netkongestje oan te pakken; • de (amtlike) kapasiteit fan de gemeente Noardeast-Fryslân op dit mêd op dit stuit net foldwaande is; yn beried nimmend dat: • netkongestje bedriigjend is foar de ekonomyske ûntwikkeling yn Noardeast-Fryslân (wêrûnder bygelyks de oanlis en/of útwreiding fan bedriuweterreinen); • netkongestje bedriigjend is foar de enerzjytransysje yn Noardeast-Fryslân; • op dit stuit ûndernimmers mei in grutferbrûkersoansluting net útwreidzje kinne en/of harren nij fêstigje kinne yn Noardeast-Fryslân; • enerzjyprojekten lykas sinneparken op dit stuit net fan de grûn komme kinne yn Noardeast-Fryslân; • ek lytstere bedriuwen, wenningbouprojekten en it weromleverjen fan stroom troch partikulieren mooglik yn gefaar komme kin; • it wichtich is dat de gemeente Noardeast-Fryslân foldwaande (amtlike) kapasiteit hat om dit probleem oan te pakken; • fanút it Ryk CDOKE jilden beskikber steld wurde dy't brûkt wurde kin foar de (amtlike) kapasiteit fan de gemeente op dit mêd; ropt it kolleezje op: • op koarte termyn in konkreet

plan fan oanpak te meitsjen om de netkongestje yn goeie banen te lieden; • as gemeente te soargjen foar foldwaande (amtlike) kapasiteit op dit mêd;

•

de gemeenteried oer boppesteande te ynformearjen foar 1 july 2023,

en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: J.D. van der Schaaf (FNP), CDA, GB, S!N, VVD

Moasje ynlutsen

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=e4f7cb77-186f-40d7-85ee-7b0d65a9a578