CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Ynlutsen moasje frjemd - Fertrouwensfergunning foar weromkommende eveneminten 261112

It Beslút 12 november 2026, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Ynlutsen moasje frjemd - Fertrouwensfergunning foar weromkommende eveneminten384 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Jiertal / saaknûmer: 2026-243956 MOASJE Art. 48 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 12 novimber 2026 Underwerp: Fertrouwensfergunning foar weromkommende eveneminten De ried, heard it beried, konstatearjend dat: • in soad ferieningen en (frijwilligers)organisaasjes alle jierren weromkommende eveneminten organisearje; • in grut part fan dizze eveneminten al jierren op deselde lokaasje en sûnder grutte problemen organisearre wurdt; • organisatoaren ek by in amper feroare evenemint alle jierren wer in folsleine fergunningsoanfraach mei byhearrende dokuminten yntsjinje moatte, ek as de aard, omfang en lokaasje fan it evenemint amper of net feroarje; • yn de APV neamd wurdt dat in evenemintefergunning foar ien evenemint jildt; • eardere ûnderfiningen mei in evenemint wol meinommen wurde by de risiko- yndieling, mar no net liede ta in ienfâldiger fergunningproseduere; oerwaagjend dat: • it hieltyd op ‘e nij oanleverjen en beoardieljen fan deselde gegevens ûnnedige administraasjelêst opleveret foar sawol organisatoaren as de gemeente; • fertrouwen yn organisatoaren dy't har jierrenlang bewiisd hawwe, net betsjut dat de feiligenseasken ferfalle; • mei in mearjierrige fergunning en in koarte jierlikse melding feroarings en risiko’s kontrolearre wurde kinne sûnder alle jierren de folsleine proseduere op ’e

nij troch te rinnen; • in ienfâldiger wurkwize bydraacht oan it yn stân hâlden fan doarpsfeesten en oare aktiviteiten dy't wichtich binne foar de mienskip; fersiket it kolleezje: • in regeling út te wurkjen wêrtroch organisatoren fan weromkommende eveneminten net mear alle jierren in folsleine fergunningsoanfraach hoege yn te tsjinjen;

• dêrby út te gean fan in mearjierrige evenemintefergunning, oftewol de “fertrouwensfergunning” mei in koarte jierlikse melding fan de datum, de kontaktpersoan en eventuele feroarings; • objektive kritearia op te stellen, wêrby’t yn elts gefal sjoen wurdt nei it oantal goed ferrûne edysjes, de organisator, de lokaasje, de aard en omfang fan it evenemint en it risikoprofyl; • te regeljen dat allinnich feroare gegevens en dokuminten op ’e nij oanlevere wurde moatte en dat by relevante feroarings, ynsidinten of nije risiko’s in nije beoardieling plakfynt; • de ried úterlik 1 febrewaris 2027 in konkreet foarstel foar te lizzen, mei dêrby oan te jaan hokker oanpassingen fan de APV en/of it Evenemintenbelied nedich binne om in mearjierrige evenemintefergunning mooglik te meitsjen, en giet oer ta de oarder fan de dei. Yntsjinne troch: Bouwina van Dellen (FNP), LNF, PvdA, BBB Moasje ynlutsen

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://noardeastfryslan.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/3e84bcef-540a-4b85-b4e5-16fca5cbfe3f?agendaItemId=2f56ce1f-c0ab-45ce-9033-fb28a0c4bd8f