CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

VERWORPEN - Moasje - Húsfestingsferoardering

It Beslút 4 november 2021, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Moasje Húsfestingsferoardering362 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

2021 / Z330425-2021 MOASJE Art. 49 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 7 yn de riedsgearkomste fan 4 novimber 2021

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 4 novimber 2021

Underwerp: Húsfestingsferoardering

De ried, heard it beried, oerwaagjend dat: - in húsfestingsferoardering en oare feroarderingen lykas in doelgroepenferoardering wetlike ynstruminten binne om de kearntaak “folkshúsfesting” te stjoeren; - Noardeast-Fryslân op dit stuit net sokke feroarderings hat; - der alle reden ta is om op koarte termyn foar de gemeente Noardeast-Fryslân in húsfestingsferoardering en oare feroarderingen dy’t te krijen ha mei húsfêsting fêst te stellen; - de gemeente hjirmei de hjoeddeiske krappe wenningmerk folle better stjoere kin; we tinke hjirby ûnder oare oan maatwurk foar tawizing hierwenningen, tawizing kavels, ekonomyske of maatskiplike bining ynwenners, betingsten en hanthaving rekreative ferhier (nije wet toeristische verhuur woonruimte), twadde wenningen, doelgroepen (sa as starters, trochstreamers), selsbewenning, wenromtefoarried, opkeapbeskerming, besettingsnoarm en prestaasje-ôfspraken mei wenningkorporaasjes; - der net allinnich alle reden ta is mar ek de tiid ryp is foar in húsfestingsferoardering yn Noardeast-Fryslân, sjoen de grutte krapte en de hege prizen dy’t de wenningmerk ûnder grutte druk sette; jout it kolleezje de opdracht om :  foar 1 juny 2022 alle wetlike ynstruminten oan te gripen en te kommen ta in húsfestingsferoardering en mooglike oare feroarderingen om yn elk gefal ûndersteande saken yn te regeljen en oan de ried foar te lizzen: o Maatwurk by de tawizing

hierwentes; o Maatwurk by de tawizing kavels (mooglike erfpachtkonstruksje wêryn’t ek de opstallen meibewege mei it ynkommen) ynklusyf finansjele útwurking; o Mooglikheden foar in foarrangskonstruksje foar minsken mei in sosjaalekonomyske bining oan it gebiet (sjoch model Zaanstad) ynklusyf finansjele útwurking; o Betingsten en hanthaving foar de reakreative ferhier; o Twadde wentebesit en selsbewenningsplicht;

o o o o

Opkeapbeskerming; Wenromtefoarried en oanbod foar alle doelgroepen; Besettingsnoarm; Prestaasje-ôfspraken mei wenningkorporaasjes,

en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: B. Koonstra (FNP), SIN, AL, PvdA

Stimming

Foar: FNP, S!N, AL, PvdA (11)

Tsjin: CU, CDA, VVD, BVNL, GB (17) Moasje net oannaam

Boarnen: -

https://vng.nl/nieuws/wijziging-vng-model-huisvestingsverordening https://cms.fnp.frl/cms/bijlagen/Oanfalsplan_Wenjen.pdf https://www.betaalbarekoopwoningen.nl/

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=f54e9a03-7d8c-4f19-8b12-5410f63ea3ab