CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Untslachbrief De Graaf

It Beslút 1 september 2021, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Ofskie wethâlder P.H. de Graaf – Van der Meer250 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Ternaard, 27 july 2021

Oan de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân.

Achte foarsitter fan de ried,

Hjirby lit ik jimme witte dat ik nei 10 jier wethâlderskip per 1 septimber 2021 myn ûntslach yntsjinje. 28 maart 2021 stie de wrâld foar my op kop, opname yn it sikehûs en de diagnose krije fan in CVA. It like yn earste ynstânsje ta te fallen en it herstel begûn him al aardich yn te setten. Mar geandewei de herstelperioade kaam ik der efter dat it herstel net sa hurd gean soe as ik wol woe. En dat betsjutte dat ik net oan it wurk koe. Ik bin tankber dat ik de mooglikheid krige om my 16 wiken lang troch Fedde Breeuwsma ferfange te litten . Hy hat dat op in treflike wize oppakt. It wurdt sa stadichjesoan dúdlik dat it herstel noch in moai skoft duorje sil en in eindatum is net te jaan. Dêrom haw ik it drege beslút naam om myn ûntslach yn te tsjinjen per 1 septimber 2021. 10 jier lang haw ik wethâlder west, prachtige projekten hawwe ik oan meiwurke, mei moaie minsken kontakten lein, mei loyale amtners gearwurke en mei kollegiale kolleezjeleden en riedsleden wurkje mochten, en dat alles yn tsjinst fan de mienskip fan earst Dongeradeel en letter Noardeast-Fryslân.

Ik wol jimme allegear tige tank sizze foar de freonskip, it gearwurkjen en winskje jimme alle goeds ta foar de takomst.

Bliuw sûn, it giet jimme goed.

Mei freonlike groetnis

Pytsje de Graaf van der Meer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=c79a1853-2cee-4690-9d7b-24fe2ab554a1