CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Tekst ynspraak 'Het platform voor elkaar' - 10 oktober 2024

It Petear 10 oktober 2024, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Participatiebeleid434 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Wy wolle graach ús fyzje kenber meitsjen oer de ynfolling fan de Participatieraad/pool. Foardat wy djipper yngean op hoe wy nei de nije foarmjouwing fan de Participatieraad/pool sjen wolle, wolle wy earst útlizze wat ús Platform inhoudt. Ik wol graach begjinne mei de meerwaarde fan ús Platform yn de hjoeddeistige foarm. Tarieding Het Petear: 1. Wat is de meerwaarde fan Platform foar Elkoar? Wy litte it lûd efter de foardoar nei bûten komme. Wy as ervaringsdeskundigen jouwe advys út ús eigen ûnderfinings mei dêrby de gelûden fan de efterban dy normaal sprutsen efter de foardoar bliuwe. Wy hâlde by of der feitlik wat mei de gelûden en advizen dien wurdt. Wy meitsjen de ferbining tusken de boarger en ferskillende organisaasjes lykas: - De gemeente - Wenningbou - Tsjerklike gemeenschap(pen) - Ensfh. 2. Wat wolle wy dat der by de gemeenteried bliuwt hingje nei ús ferhaal en wannear binne wy tefreden? De besluten dy nommen moatte wurde.hawwe ynfloed op de ynwenners. Wy binne pas tefreden wannear de sinjalen fan de ynwenners serieus heard wurde en wannear der feitlik sichtber wat mei dien wurdt. In moai foarbyld hjirfan is it armoedebeleid. 3. Kommunisearje is hjirby slim wichtich. Troch kommunikaasje ûntstiet der fertrouwen en ferbining. Hjirtroch komt der fertrouwen yn in goed ferfolch en motivaasje om aktyf mei wille en grutsk belutsen te wêzen.

Goede (verbale) kommunikaasje kost tiid. Dat is tiid dysto letter werom krigest en sjochst. 4 De meerwaarde fan it Platform foar elkoar út him yn: De ervaringskennis beperkt him net allinne op it gebiet fan earmoed mar ek op oare gebieden lykas: - Wmo, Jeugdzorg, siken ensfh. De meerwaarde sit yn de brede kennis dy wy hawwe. Wy sjoche breder dan allinne earmoed. Wy sitte net yn in bubbel. As de ferskate panels apart fan elkoar bliuwe en der mar ien kear per 3 moannen in oerlis sil der neatbarre/ neat feroarje. Wy tinke dat it goed is, dat alle panels 1 kear per 3 moannen by elkoar komme. Hjirmei kinne de hjoeddeistige panels bestean bliuwe sadat dizze him ek spesifyk op har eigen ervaringskennis rjochtsje kinne en hjirtroch de kennis bondelje kinne.

Wy tinke dat it better is dat der in ‘participatieraad/pool’ foarme wurdt dy bestiet út ervaringsdeskundigen. ús Platform bestiet net allinne út ervaringskennis op ferskillen vlakken mar út ervaringsdeskundigheid. Dat is de meerwaarde fan it Platform foar elkoar. 5. Hoe sjogge wy de útwurking fan de Participatieraad/pool? Wy sjen in participatieraad/pool mei ervaringsdeskundigen om't dy't yn stiet syn lotgenoten, ûndersikers, organisaasjes of beliedsmakkers te helpe. Namens het platform voor elkaar wol ik jim tige tank seze

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=71bbb40f-8a40-4b73-b6a1-72866ae13851