Technyske fragen FNP met antwurden kolleezje - oankeap grûn Dokkumer Nieuwe Zijlen
Tekst van het document
Technyske fragen agindapunt 6 – Aankoop grond Dokkumer Nieuwe Zijlen It Beslút 16 jannewaris
Fragen FNP De FNP hat in tal fragen oer it riedsfoarstel 2023-184525 oangeande oankeap fan grûn yn Dokkumer Nije Silen. Leit foar beslútfoarming op 16 jannewaris oan ús foar. 1
Is it sa dat it giet oer it stik grûn wat read oanjûn is op tekening. Sa ja dan kloppet de oankeappriis per m2 net. (227.500/9250) It diel bedriuwenterrein komt mear yn de rjochting (227.500/6050). Graach hjiroer dúdlikheid.
2
Wenst is dat by oerdracht fan wegen en grien in ôfkeapsom (basis 20 jier?) betelle wurdt. Dit is foar de ôfkeap fan it ûnderhâld. Hjir stiet neat oer yn it stik. Werom net?
3
Wer wurdt dizze grûn út betelle? Miskien algemiene reserve of post rekreaasje? Graach ferdúdlikje. En mei namme freegje we ús ôf wat dan oerbliuwt. Nei ús witten moatte we yn de algemiene reserve minimaal in % fan ús begrutting oanhalde en hoefier sitte we fan dizze ûndergrins?
De oankeap giet oer it reade flak. Foar de ferkeap is lykwols alinne it bedriuwsdiel meirekkene (5994m² x 37,50 = € 224.775 ôfrûne € 225.000.) It oare part is iepenbier terrein en komt yn de takomst net yn oanmerking foar ferkeap. Dêrom is hjir finansjeel net mei rekkene Omdat it grien en de wei ûnder it reguliere ûnderhâld falle sille en de kosten op jierbasis sa leech binne dat dy út de besteande budzjetten betelle wurde kinne, is dat fierder net yn it riedsfoarstel beneamd. De betelling foar de oankeap fan dizze grûnen komt net út in budzjet foar "algemiene reserve" of "rekreaasje" Omdat it hjir om in ynvestearring giet, fynt de finansiering plak troch in beskikber steld kredyt. Dit kredyt is troch de ried goedkard en makket ûnderdiel út fan de reguliere ynvestearringsmiddels fan de gemeente. De bestimming fan de grûnen is rjochte op takomstige ûntwikkelings, lykas wenningbou of oare beliedsdoelen. Yn it earste fearnsjier fan dit jier komt it kolleezje mei in nij grûnbelied nei de ried. Hjiryn wurdt fierder taljochte hoe't wy as gemeente omgean mei de oankeap fan grûnen, benammen yn it ramt fan wenningbou en oare romtlike doelen. De fraach liket betrekking te hawwen op de finansjele romte nei dizze ynvestearring. It kredyt foar dizze ynvestearring is earmerke en goedkard binnen de begrutting. It hat gjin direkte ynfloed op de algemiene reserve.
Hjirop wurdt gjin berop dien Mei it nije grûnbelied dat yn it earste fearnsjier presintearre wurdt, sil noch mear útlein wurde hoe't de gemeente strategysk omgiet mei grûnbelied en ynvestearringen dêryn, en hokker effekten dit hat op de finansjele romte en reserves. It minimale persintaazje dat yn de algemiene reserve oanhâlden wurde moat, is keppele oan it wjerstânfermogen fan de gemeente. Dit wurdt jierliks berekkene op basis fan de ynskatte risiko's en taljochte yn de jierrekken. Dit betsjut dat de gemeente by steat is om finansjele risiko's op te fangen sûnder dat de
stabiliteit fan de begrutting yn gefaar komt. De ynvestearring yn dizze grûnen foarmet dan ek gjin risiko foar de algemiene reserve. Ja, dat wurdt eigendom fan de gemeente en bliuwt iepenbier.
4
Wat bart mei it partikulier gebrûk fan it oer te nimmen grien? Mei namme de jeudeboulebaan en parkeerterreintsje. Is de gemeente hjirfoar dan ek ferantwurdelik?
5
Yn it stik oer de risico's fine we neat oer de kosten fan de needsakelike nije beskoeiing werom. Wer wurde dizze ferfangingskosten op rûst en werút wurdt dat betelle?
It herstel fan de wâlbeskoeiïng kin betelle wurde út it reguliere budzjet foar keunstwurken. Dêr is noch foldwaande budzjet beskikber.
6
Dekt it rintekomponent yn de ferhier de werkelike oankeapkosten?
De opbringst oan jierlikse hier is gelyk oan de jierlikse lêsten