CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Technyske fragen FNP mei antwurden kolleezje - Riedsfoarstel Programma Dienstverlening

It Beslút 13 februari 2025, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Dekking kosten programma-organisatie Programma Dienstverlening357 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Technyske fragen – FNP – B. van Dellen Riedsfoarstel: Dekking kosten programma-organisatie Programma Dienstverlening It Beslút 13 febrewaris 2025

Op 4 februari 2025 hat B. van Dellen fan fraksje FNP, technyske fragen stelt n.o.f. riedsfoarstel agindearre foar 13 febrewaris 2025, oer Programma Tsjintferliening. Neifolgjend jouwe wy antwurd op dy fragen.

Fraach 1: Yn it riedsútstel wurdt oanjûn dat der asen sa'n €80.000 besparre wurde kin, as it werombeljen better ferrint. Yn de presintaasje by it Petear (dat op deselde jûn plakfynt), wurdt oanjûn dat eksakte besparringen noch net jûn wurde kinne. Kin it kolleezje oanjaan wêr't dizze besparring no op basearre wurdt? Antwurd: Yn it riedsfoarstel binne de lanlike sifers benut om in yndikaasje te jaan fan in mooglike besparring. Dy besparring is basearre op it folume fan it weromkommend telefoanferkear, dat foarkaam wurde kin. Dêrby binne ús gegevens (fan 2023) benut yn relaasje ta lânlike sifers. It programma tsjinstferliening sil earst útfierd wurde moatte om in eksakte berekkening te meitsjen fan de besparring foar de eigen organisaasje, Noardeast-Fryslan.

Fraach 2: De measte lûden dy't wy hearre oer saken dy't net alhiel soepel ferrinne, gean oer it kontakt mei de ôfdielingen. Wy binne nijsgjirrich hokker rol it KCC hjir yn spilet. Ha sy in regyfunksje yn it kontakt tusken amtner en boarger? Hoe wurdt der rapportearre oer de weromkeppeling rjochting ynwenners? Kin it kolleezje ús utlizze hoe't dit gewoanwei giet? Antwurd: It KKS spilet in wichtige rol yn it earste kontakt tusken bellers en de organisaasje. In soad fersyken wurde fuort ôfhannele. Mear kompleksere fragen en / of spesifike ynhâldlike fragen wurde trochspile nei de fakôfdielingen. It KKS bewekket oft der op'e tiid opfolging jûn wurdt oan belfersiken dy't by it KKS binnenkomme en dy't troch de fakôfdieling ôfhannele wurde moatte. Ut it KKS en it ynformaasjesysteem wei wurdt rappellearre. Neist de lûden oer berikberens binne der lykwols noch mear lûden dêr't it programma tsjinstferliening him op rjochtet. Dat giet benammen oer fynberens en brûkberens fan ynformaasje yn it algemien, om de tsjinstferliening ienfâldiger en tagonkliker te meitsjen, en dêrmei de selsredsumens fan ynwenners te stypjen.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=6bd1e375-3eed-4cf2-ba89-11edb625f181