CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Technyske fragen FNP mei antwurdbrief fan it kolleezje

It Debat 3 februari 2022, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Debat over vaststelling bestemmingsplan Fietspad Súd Ie550 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Oan de leden fan de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân Postbus 13 9290 AA Kollum

Us merkteken:

Z266622-2020

Behannele troch: E-mailadres: Datum:

D. Keegstra d.keegstra@noardeast-fryslan.nl 27-1-2022

Underwerp: it fytspaad Súd Ie (bestimmingsplan)

Achte ried, Op 26 jannewaris 2022 hat de fraksje fan FNP, op grûn fan artikel 53 Reglemint fan Oarder, skriftlike technyske spoedfragen steld oer it fytspaad Súd Ie (bestimmingsplan). Yn dizze brief jouwe wy antwurd op dy fragen. Fraach 1: Technyske fraach Súd Ie fytspaad projekt: 1. Hoe is it fytspaad projekt finansiere? Tink û.o. oan subsydzjes, ko- finansiering en eigen jild. Antwurd: It fytspaad projekt is in ûnderdiel fan faze 3 fan Programma Súd Ie & Wetterfront Dokkum. Foar faze 3 fan Programma Súd Ie hat de gemeente as pinfierder fan gearwurkjende partijen Súd Ie earder subsydzje(s) oanfrege by Waadfûns en Provinsje Fryslân. Dizze subsydzje-oanfraach is yn 2018 bekrêftige troch de ried. Nei takenning fan subsydzje(s) is yn juni 2019 de finansiering fan faze 3 Súd Ie troch de ried opnaam yn de begrutting. Yn de subsydzje-oanfraach is doedestiids rekken hâlden mei sa'n 3 miljoen oan kosten foar de oanlis fan it fytspaad. De finansiering fan it fytspaad Súd Ie is yn persintaazjes rûchwei as folget: Gemeente Noardeast-Fryslân: hast 16 prosint fan de dekking; Waadfûns: 40 prosint fan de dekking; Provinsje Fryslân mear as 44 prosint fan de dekking. Tusken partijen binnen ferfolgens yn 2019 ôfspraken oer gearwurking fêstlein yn in bestjoerlike gearwurkingsoerienkomst.

Hjirby is ôfpraat dat gemeente en provinsje mei-inoar foar elk de helte risikodragend binne foar ferskate projekten binnen faze 3 Súd Ie as it fytspaad. Foar oare dielprojekten fan oare partijen binnen faze 3 Súd Ie binne oare risikoôfspraken fan tapassing.

Fraach 2: Technyske fraach Súd Ie fytspaad projekt: 2. Stel it fytspaad soe net troch gean, wat binne dan de finansjele konsekwinsje? Hokker bedrach moat werombetelle wurde? Antwurd: Dit senario fan net troch gean is net foarsjoen tusken bestjoerlik gearwurkjende partijen Súd Ie. De subsydzjes freegje om hurde saneamde output. As in senario ûntstiet dat in partij net fierder wol mei it fytspaad projekt Súd Ie dan rint dy partij it risiko dat de makke kosten oan no ta foar rekken komme fan die partij. Der is mei ynset fan expertise fan partijen en buros de ôfrûne tiid in soad wurk ferset yn de tarieding fan de planútwurking fan it fytspaad Súd Ie. It giet dan ek om trajekten fan tarieding fan it bestimmingsplan, grûnoankeap en skealeasstelling yn ferfolg op it riedsbeslút oer it foarkarstrasee. Rûchwei skatte we op dit stuit in bedrach fan sa’n 0,4 oant 0,5 miljoen euro yn wêr dan rekken mei hâlden wurde moat. It fytspaad Súd Ie stiet fierder net los fan oare projekten fan Programma Súd Ie as de bygelyks de Wetterstekjes. Ek in te ferheegjen Saatsenbrêge krijt dan te meitsjen mei oanfoljende fertragingsfaktoaren mei mooglik oanfoljende risiko's foar mearkosten as gefolg. Koartsein in senario fan net troch gean mei it fytspaad sil ek sûnder mear gefolgen hawwe foar oare projekten Súd Ie. Dêrmei soe dit bedrach noch fierder oprinne kinne.

Heechachtsjend, Ut namme fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Noardeast-Fryslân,

H.J.C.M. Verbunt, MBA Sekretaris

mr. J.G. Kramer Boargemaster

–2–

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=9af620a3-aa97-4dc1-8248-3c4ad4ea6335