CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Technyske fragen FNP mei antwurd kolleezje - parkeargaraazje Dokkum

It Beslút 18 december 2025, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Startnotitie Noordelijke stadsentree: Haalbaarheidsonderzoek ondergrondse parkeergarage Panwurklocatie723 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Technyske fragen FNP – ûndergrûnske parkeargaraazje Dokkum (Panwurk lokaasje) en parkearen binnenstêd It Beslút 18 desimber 2025 Nr 1.

Fraach Wat is de totaal rûzing fan de ynvestearring foar de ûndergrûnske parkeargaraazje, mei splitsing nei boukosten, technyk/ynstallaasjes, ûntwerp & tafersjoch, en risikoreserve? Wat bin hjir fan ûnderbouwde syfers?

Antwurd Op dizze fraach kin noch gjin ûnderboud antwurd jûn wurde om't dit ûnderdiel is fan it ûndersyk. De ynvestearring is bot ôfhinklik fan it ûntwerp en potinsjele risiko's dy't troch it ûndersyk ynsichtlik makke wurde moatte.

2.

Wat is de kostpriis fan in parkearplak yn de garaazje (€/plak) neffens de hjoeddeiske rûzing?

3.

Hoe wurdt de ynvestearring finansiere (reserves, liening, subsydzjes en wat bin de bydragen fan tredden)?

Hjirop kin noch gjin ûnderboud antwurd jûn wurde om't dit ûnderdiel is fan it ûndersyk dêr't budzjet foar wurdt frege. De ynvestearring is bot ôfhinklik fan it ûntwerp en potinsjele risiko's (dy't troch it ûndersyk ynsichtlik makke wurde moatte). De kostpriis it parkearplak is bot ôfhinklik fan de omjouwing dêr't de parkeargaraazje boud wurde moat, de foarsjennings yn de parkeargaraazje en ôfwurkingsnivo. Hjirop kin noch gjin ûnderboud antwurd jûn wurde om't dit ûnderdiel is fan it ûndersyk. Yn it ûndersyk nei de ynvestearrings - en eksploitaasjekosten sil dat in soad omtinken krije en sille ferskate finansieringsboarnen beskôge wurde.

4.

Wat binne de ferwachte kapitaal lêsten per jier (rinte + ôfskriuwing) en hokker rinte prosint en ôfskriuw termyn binne oannommen?

It is wichtich om alle fragen sa folslein mooglik te beäntwurdzjen, sadat der in goede basis komt te lizzen foar fierdere beslútfoarming. Dy folsleinens kin allinnich berikt wurde yn de yntegrale kontekst fan it ûndersyk dêr't de ried foar frege wurdt de middels frij te meitsjen.

Hjirop kin noch gjin ûnderboud antwurd jûn wurde om't dit ûnderdiel is fan it ûndersyk. Yn it ûndersyk nei de ynvestearrings - en eksploitaasjekosten sil dit in soad omtinken krije.

5.

Wat binne de ferwachte eksploitaasjekosten it jier (enerzjy, ûnderhâld, skjinmeitsjen, fersekering, behear)?

Hjirop kin noch gjin ûnderboud antwurd jûn wurde om't dit ûnderdiel is fan it ûndersyk. Yn it ûndersyk nei de ynvestearrings - en eksploitaasjekosten sil dit in soad omtinken krije. De eksploitaasjekosten yn it jier binne bot ôfhinklik fan: - Untwerp en kompleksiteit fan de garaazje (ienfâldige fs. lúkse garaazje mei ynstallaasjes) - Gebrûk (publike garaazje, drok besochte binnenstêd, 24/7 iepen, yntinsyf gebrûk) - Ûnderhâldsyklus en ûnderhaldstrategy - Behearorganisaasje — selsbehear vs. útbesteegje fan behear - Reserve foar ferfanggingen / renovaasjes

6.

Hokker ynkomsten (tariven, abonneminten) en hokker besettingsgraad binne brûkt yn ’e finansjele berekkening? En wat is it ferwachte parkear tarief.

Hjirop kin noch gjin ûnderboud antwurd jûn wurde om't dit ûnderdiel is fan it ûndersyk. Yn it ûndersyk nei de ynvestearrings - en eksploitaasjekosten sil dit mei klam omtinken krije.

7.

Yn hokker jier wurdt in posityf of negatyf eksploitaasjeresultaat ferwachte, en wat is de rûning fan it jierliks saldo?

8.

Is der in folsleine "businesscase" / finansjeel rekkenmodel beskikber, en kin dizze mei de ried dield wurde? It foarstel sil beseart wêze op besteande sifers en /of oannames, dit oanjaan.

Hjirop kin noch gjin ûnderboud antwurd jûn wurde om't dit ûnderdiel is fan it ûndersyk. Der binne noch gjin konkrete berekkeningen makke. Yn it ûndersyk nei de ynvestearrings - en eksploitaasjekosten sil dit in soad omtinken krije Dy is net beskikber. It opstellen fan in businesscase is ûnderdiel fan it ûndersyk dêr't jild foar frege wurdt.

9.

Wat is de kostpriis fan in parkearplak fan it eardere plan Panwurk my ferdjippe plakken. (2021)

Dy is net beskikber en is doe net ûndersocht.

10.

Wat bin de besikers tallen fan de toeristen yn de binnenstêd fan Dokkum fan de ôfrûnne jierren.

Der binne gjin spesifike sifers oer de oantallen toeristen dy't nei de binnenstêd komme. Wy wolle lykwols sizze dat de toeristen ‘mar’ ien fan ’e doelgroepen is dy ’t wy fasilitearje moatte mei genôch parkearplakken. Ekstra parkearkapasiteit is benammen bedoeld foar de minsken út de eigen regio dy't de binnenstêd besykje.

11.

Wat is it beleid by nei bouw fan apparteminten yn de binnenstêd en it meitsjen fan parkearplakken.

It belied is dat der ekstra parkearplakken bûten de binnenstêd realisearre wurde sille. De taname fan it tal wenienheden yn de binnenstêd is in wichtige boustien foar de yn totaal 350 ekstra parkearplakken dy't wy graach yn it jier 2035 hawwe wolle.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=88a851b1-0497-4446-a65c-f5e02ca9197b