CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Technyske fragen FNP 3e Turap 2026

It Beslút 26 november 2026, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Derde tussentijdse rapportage 2026592 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

FNP | Tredde Turap 2026 | 1 Technyske fragen tredde Turap 2026 FNP – A. Buwalda Rûnwei Wânswert 1 Wêr is de €3.043.000 oan bestege, útsplitst nei grûn, ûndersyk en oare tarieding? 2 Wat is de aktuele einraming fan de rûnwei yn ferhâlding ta it fêststelde kredyt fan €8.015.000, mei ynbegryp fan priisstigingen en risiko's oant de plande útfiering? 3 Wat binne de aktuele datums foar it traseebeslút, it begjin fan de oanlis en it opleverjen fan de rûnwei? 4 Hokker konkrete ôfspraken mei de provinsje ûntbrekke noch om it trasee fêststelle te kinnen? Parkearopbringsten Dokkum 5 Wat is de aktuele prognoaze fan de parkearopbringsten oer 2026 yn ferhâlding ta de wizige begrutting? 6 Hoe is de rûsde parkearbelesting fan €895.000 foar 2027 per lokaasje opboud, mei de dêrby brûkte yngongsdatum fan betelle parkearjen? 7 Wat bliuwt yn 2027 fan de rûsde €895.000 oer nei ôftrek fan alle gemeentlike kosten foar betelle parkearjen? 8 Hoefolle parkearopbringsten rint de gemeente mis as de noch net oansletten parkearmeters pas op 1 july 2027 yn gebrûk nommen wurde? 9 Hokker alternative betelmooglikheden binne útfierber salang't de parkearmeters net oansletten binne? Harddraverspark en parkearjen It kolleezje hat earder antwurde dat parkearfoarsjennings bûten de oanbesteging fan Harddraverspark falle.

De Turap neamt ôfspraken oer betelle parkearjen mei PKN en De IJsherberg dy't noch foar de bouteamfaze ôfrûne wurde moatte. Dêrom freegje wy om in dúdlike ôfbakening en finansjele oansluting. FNP | Tredde Turap 2026 | 2 10 Hokker ûntwerp- en útfieringskeuzes foar Harddraverspark binne ôfhinklik fan de útkomst fan it brede parkearûndersyk? 11 Hokker part fan de rûsde parkearbelesting fan €895.000 yn 2027 is ôfhinklik fan parkearplakken yn of by it Harddraverspark? 12 Wat is de aktuele einraming fan Harddraverspark yn ferhâlding ta it beskikbere projektbudzjet fan €9.431.000? Finansjeel byld en begrutting 2027 13 Hokker netto foardiel ûntstiet yn 2026 troch de €3.090.000 legere kapitaallêsten, nei ferrekkenjen mei reserves en foarsjennings? 14 Hokker berekkening ûnderbout dat de ekstra baten fan €1.769.000 foar BUIG en subsydzje foar leankosten ek de kommende jierren struktureel beskikber binne? 15 Hokker struktureel bedrach foar de yn de Turap neamde stiging fan €1.133.000 oan kosten foar jeugdsoarch is al yn de begrutting 2027 ferwurke? 16 Hoe is de dûbeltelling fan €200.000 by de eardere raming foar Wmo-begelieding ûntstien? 17 Hokker part fan it programmanadiel fan €367.000 giet om in werklike efterútgong yn de grûneksploitaasjes en hokker part om in boekhâldkundige korreksje? 18 Hokker flater hat laat ta de ferleging fan de rûsde ynkomsten út de tsjinstferliening oan

Dantumadiel mei €172.000? 19 Hokker personielsferplichting leit oan de basis fan de ekstra €130.000 foar in funksje bûten de fêststelde formaasje? Oare projekten en budzjetten 20 Wat is it aktuele ferwachte einsaldo fan Súd Ie as de ûnderwilens bekende kostestigingen meirekkene wurde? FNP | Tredde Turap 2026 | 3 21 Hoe ferhâlde de aktuele prognoazes fan it tal learlingen foar Campus Kollum har ta de prognoazes dêr't it oarspronklik takende kredyt op basearre is? 22 Hokker bystelling fan de plande útwreiding en it takende kredyt folget út eventuele ôfwikingen yn dy prognoazes? 23 Hokker needsaaklike ûnderdielen fan Scholenpark Dokkum falle bûten it kredyt fan €42.008.000? 24 Wat is de totale gemeentlike bydrage dy’t noch nedich is om it MFC Burdaard oant de plande beslútfoarming yn febrewaris 2027 iepen te hâlden? 25 Op hokker uterste datum moatte de maatregels útfierd wêze om de takende subsydzje fan €625.000 foar it mobiliteitsplan te behâlden? FNP | Tredde Turap 2026 | 4

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://noardeastfryslan.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/287467fc-0d65-4258-ae01-921bb0df3370?agendaItemId=a13fbf34-c65f-4c30-a6e8-13ca09e25de6