Technyske fragen FNP - 1e Turap 2025 mei antwurden
Tekst van het document
Technische vragen 1e Turap 2025 Noardeast-Fryslân It Beslút 3 juli 2025
Nr. 1
Programma Nummer / Onderwerp Mienskip
Bladzijde Fractie
Vraag
26
Fasilitearje ûndersyk nei skoallen yn de Noardeasthoeke.
203.1 -1 C
FNP A. Buwalda
Der is ûndersyk dien nei de takomstbestindigens fan skoallen yn de Noardeasthoeke fan de gemeente Noardeast - Fryslân. De gemeente hat in subsydzje jûn om ûndersyk út te fieren troch skoalbestjoer Arlanta.
Antwoord college
De resultaten wurde dield mei de gemeenteried tidens de behanneling fan it ûnderwiishúsfestingsplan.
Fraach: Wat wie de hichte fan de subsydzje? Wat binne de resultaten fan it ûndersyk? 2
Soarch en Wolwêzen
33
FNP A. Buwalda
303.1
Bevorderen van Gezondheid en Welzijn middels een gemeenschapsaanpak Wy sitte op skema mei de útfiering fan de aksjepunten. Fraach: Wat is it skema yn tiidspanne útdrukt?
3
Soarch en Wolwêzen 305.1 A
35
FNP A. Buwalda
Bevorderen en door ontwikkelen Aanpak armoede Uitvoering van actieprogramma planning
It projekt fan de lokale ynklúzjeaginda rint oant en mei 2026. De aktiviteit 'trochûntwikkeljen fan it gearwurkingsplatfoarm' rint oant en mei 2025. Beide tema’s bliuwe fansels aktueel en sille yn ’e tiid trochrinne. It aksjeplan Integraal en kindgericht armoedebelied rint oant 2026. It aksjeplan bestiet út 48 aksjepunten. In grut part fan
Yn 2025 ferwachtsje wy in grut part fan de aksjepunten ôfrûnje te kinnen. Fraach: Hokker aksjepunten wurde ôfrûne yn 2025?
dizze aksjepunten binne ein 2025 ôfrûne en going konsern. Dêr't bygelyks, mei-inoar belied meitsje (aksjepunt 1 oant en mei 6), De aksjepunten oangeande enerzjy earmoede (9 oant en mei 12, sjoch ek programma 5). Kommunikaasje (aksjepunt 26) en de ambysjes foar gemeentlike skuldhelpferliening (fan aksjepunt 31 ôf). Sjoch ek foar it aksjeplan: Document noardeastfryslan Bijlage 1 - Actieplan Integraal en Kindgericht armoede- en schuldenbeleid 2022-2026 iBabs Publieksportaal
4
Soarch en Wolwêzen
39
FNP A. Buwalda
Mear minsken yn de bystân kaam. Yn ús gemeente sjogge we just it tsjinoerstelde: der komme mear statushâlders yn de bystân, mar hjir krijt de gemeente net genôch jild foar fan it Ryk. Fraach: Hoefolle statushâlders sitte der yn ús gemeente yn de bystân? Hokker kosten binne hjir mei muoid? Wat sil it kolleezje deroan dwaan om dizze groep út de bystân te krijen?
5
Wurk, Bedriuw en Rekraasje
51
FNP A. Buwalda
Voorbereiding en uitvoering van het project Op Paad lâns it Waad.
Om dizze fraach (oantallen) beäntwurdzje te kinnen, hawwe wy mear tiid nedich. It kolleezje brûkt de reguliere ynstruminten fan ynboargering, taallessen en wer-yntegraasje om minsken út de bystân te hâlden. Dat jildt ek foar dizze groep. Koartlyn hawwe we nei lang wachtsjen tekeningen en in rûzing krigen foar it projektdiel
404.1
Planning: Ein april 2025 hopet it wetterskip de ûntwerpen en raminen klear te hawwen foar it diel Peazens-Moddergat. Fraach: Binne de ûntwerpen en rûzingen ûnderwilens klear?
6
Wenjen en Omjouwing
62
FNP A. Buwalda
Prinslokaasje De kommende tiid sil in anterieure oerienkomst ôfsletten wurde? Fraach: no't der gjin húsfêstingsferoardering fêststeld is, is in anterieure oerienkomst it middel om ús eigen ynwenners foarrang te jaan by it krijen fan in wenning. Kin it kolleezje tasizze dat dit tige wichtige item meinaam wurdt yn de noch te sluten anterieure oerienkomst?
fan Ternaard-PeazensModdergat (TPM). We hawwe der noch wol de nedige opmerkingen en fragen oer. Dy hawwe we it we it wetterskip mei faasje kenber makke. Yn de earste wyke fan July hawwe we in ferfolchpetear der oer Dy riedsfraach slút oan by de aktualiteit. De ûntwikkeler RV&O wol ek graach op safolle mooglik lokale tawizings stjoere. RV&O is fan doel in behoarlik oandiel fan de oanbeane ferskate merksegminten mei foarrang yn de merk te setten foar ynwenners fan de gemeente NoardeastFryslân en gadingmakkers mei in ekonomyske bining mei de gemeente Noardeast-Fryslân. Koartsein wy kinne yn antwurd op dizze fraach befêstigje dat de ynstek is om hjir yn de kosteferhaaloerienkomst konkrete ôfspraken oer te meitsjen. Oandachtspunt is wol dat der úteinlik foldwaande animo foar wêze sil. By de lettere útjefte sil blike hoefolle gebrûk
fan dizze foarrangsposysje makke wurdt.