Technische vraag CDA met beantwoording college - Verpachting agrarische grond
Tekst van het document
ID
Titel
Agendapunt
Toezegging
248
Skriftlike reaksje op fraach tal hektares braaklizzend gemeentegrûn
It Beslút 0210-2025 5. Aanpassing Programma Grondbeleid m.b.t. verpachting en biodiversiteit
Wethâlder Koonstra seit ta dat hy mei in skriftlike reaksje komme sil op de troch dhr. Lammering (PvdA) stelde fraach oer it tal hektares braaklizzende gemeentegrûn.
Portefeuilleh Deadline ouder B. Koonstra
Datum afdoening
13 oktober 2025
Antwurd: Der binne ferskate definysjes foar braaklizzend terrein: (i)Braaklizzend betsjut ûnbeboud of net-brûkt lân dat net de beëage funksje ferfollet, lykas lânbougrûn dy't net beboud is of in stik terrein dat yn ôfwachting is fan in nije bestimming. It kin ek tsjutte op grûn dy't net ûnderholden wurdt. (ii)Yn lânboukontekst: Braaklegging: is in praktyk wêrby't lânbougrûn foar in bepaalde perioade ûnbeboud bliuwt, om it lân werstelle te litten en de fruchtberens te ferbetterjen. Yn prinsipe binne alle grûnen yn de gemeente yn gebrûk of ferpacht. Der binne yn relaasje mei de definysje fan braaklizzend terrein op dit stuit twa perselen lânbougrûn net yn gebrûk. Dat giet om ca 4,5 ha grûn yn Kollum dat mids 2026 bouryp makke wurdt foar de útwreiding fan it bedriuweterrein en der is ca 7 ha by Hallum dat oankocht is as ruilgrûn. De ferwachting is dat dêr yn oktober / novimber 2025 oerienstimming oer berikt wurdt. Sa net, dan wurdt it ferpachte. De gemeente hat gjin grûnen as bedoeld ûnder (ii).