CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Riedsfoarstel Fryske plaknamme - beslút oanpast nei amendering

It Beslút 8 juli 2021, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Fryske plaknammen - ûtfieringsplan inklusyf finansjes668 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Riedsfoarstel Foarstel oan de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân Jier + saaknûmer

: 2021/Z301043-2021

Riedsgearkomste op

: 8 juli 2021

Portefúljehâlder

: F. Breeuwsma

Programma

: (2) Mienskip

Programma-ûnderdiel

: Behâld en fuortsterkjen fan de meartaligens

Opsteller

: A. Dijkstra (E-mail: au.dijkstra@noardeast-fryslân.nl)

Underwerp

: Fryske plaknammen

Begruttingswiziging

: ja

Gearfetting Mei yngong fan 2023 foar 25 doarpen Fryske plaknammen yn te fieren. Beslút De ried beslút: 1. Yn te stimmen mei it taheakke en sa tekene ynfieringsplan Fryske plaknammen. 2. Yn te stimmen mei it foarstel fan it kolleezje om de plaknammen fêst te stellen sa as oanjûn op de taheakke en sa tekene list ”Fêst te stellen plaknammen 1-1-2023” en de doarpen hjiroer te ynformearjen. 3. De kosten foar 2021-2027 ad € 408.000 beskikber te stellen fanút de ûntfongen weryndielingsfergoeding en de finansjele effekten te ferwurkjen yn de 17e begruttingswiziging 2021. Motivearring fan it beslút De gemeenteried hat yn de riedsfergadering fan 20 septimber 2020 in amendemint oannaam oer de ynfiering fan Fryske plaknammen. De bestjoeren fan doarpsbelangen binne frege om foar 1 maaie in reaksje te stjoeren at se de foarkar ha foar in histoaryske namme. De reaksjes binne sammele en ferwurke. De kommissje nammejouwing en de Topografyske wurkgroep Fryslân ha advyzen útbrocht. Der leit no in ynfieringsplan ynklusyf finansjele paragraaf. It foech om plaknammen te wizigjen leit op grûn fan de Verordening Naamgeving en Nummering (adressen) 2019 by it kolleezje. Omdat it inisjatyf foar de ynfiering fan de Fryske plaknammen fan de gemeenteried komt, wurde de foarstellen ta it wizigjen fan de plaknammen earst foarlein oan de gemeenteried.

Hokker programmadoel wurdt hjirmei tsjinne? It behâld en fuortsterkjen fan de meartaligens. Wat bart der as we it net dogge? Dan wurdt it amendemint dat de ried yn septimber 2020 oannommen hat net útfierd. Finansjele aspekten It ynfieren fan de Fryske plaknammen kostet totaal € 448.000. Dit bedrach bestiet ûnder oaren út kosten fan de ynfiering yn de gemeentelike systemen en it ferfangen fan de buorden. In diel fan de kosten wurdt betelle út subsydzje fan de provinsje en besteande budzjetten. € 408.000 wurdt ten lêste brocht fan de werferdielingsfergoeding. Sjoch foar in fierdere útwurking it Ynfieringsplan. Kommunikaasje en partisipaasje Sjoch it ynfieringsplan. Bylagen 1. Ynfieringsplan Fryske plaknammen (mei bylagen 1, 2.1, 2.2, 3.1, 3.2 en 4) 2. List mei fêst te stellen plaknammen 1-1-2023

1

Dokkum, 8 juni 2021 Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Noardeast-Fryslân,

de sekretaris, H.J.C.M. Verbunt MBA

de boargemaster, mr. J.G. Kramer

2

V1.0

Riedsbeslút 2021/ Z301043-2021

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân, lêzen it foarstel fan boargemaster en wethâlders fan 8 juni 2021;

Beslút: 1. 2.

3. 4.

Yn te stimmen mei it taheakke en sa tekene ynfieringsplan Fryske plaknammen. Yn te stimmen mei it foarstel fan it kolleezje om de plaknammen fêst te stellen sa as oanjûn op de taheakke en sa tekene list ”Fêst te stellen plaknammen 1-1-2023”, mar it útstelde “De Lytse Jouwer” Hiaure te litten, it útstelde “Waaksens” Waaxens te litten en it útstelde “Ealsum” Aalsum te litten en de doarpen hjiroer te ynformearjen. De kosten foar 2021-2027 ad € 408.000 beskikber te stellen fanút de ûntfongen weryndielingsfergoeding en de finansjele effekten te ferwurkjen yn de 17e begruttingswiziging 2021. It kolleezje iepen te kommunisearjen te litten mei ús boargers oer it wêrom fan dizze harmonisaasje, de ôfspraken oangeande it Frysk taalbelied yn in weryndielingsgemeente en benammen ek de finânsjes dy’t mei dit útstel muoit binne.

Sa besletten troch de ried yn syn iepenbiere gearkomste fan 8 july 2021. De ried niisneamd, de griffier,

de foarsitter,

Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> {{Signer1}} 09/07/2021 11:59:39 CEST

Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> {{Signer2}} 12/07/2021 11:54:23 CEST

ID: 0c10cd81-a1ab-4b0e-a961-12596c045014 Auth: Scribble

ID: 0c10cd81-a1ab-4b0e-a961-12596c045014 Auth: Scribble

mr. S.K. Dijkstra

mr. J.G. Kramer

3

V1.0

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=fcbfc2ec-5e48-441a-82bd-a10776e2752a