Raadsvoorstel - Fêststelle Verordening voor het toekennen en uitreiken van de gemeentelijke Onderscheiding ‘Stjer fan Noardeast-Fryslân’
Tekst van het document
Riedsfoarstel Foarstel oan de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân Jier + saaknûmer
:
2026-014824
Riedsgearkomste op
:
5 maart 2026
Portefeuillehâlder
:
J.G. Kramer
Programma
:
(2) Mienskip
Programmaûnderdiel
:
Kluster
:
Yntern Advys en Stipe
Underwerp
:
Fêststelle Verordening voor het toekennen en uitreiken van de gemeentelijke Onderscheiding ‘Stjer fan Noardeast-Fryslân’
Begruttingswiziging
:
Nee
Foarsteld riedsbeslút De taheakke Verordening voor het toekennen en uitreiken van de gemeentelijke Onderscheiding ‘Stjer fan Noardeast-Fryslân’ fêst te stellen. Ynlieding Op 7 maart 2024 is troch de ried de moasje mei as ûnderwerp ‘De Stjer fan Noardeast-Fryslân’ oannaam. De gemeenteried hat mei dizze moasje it kolleezje frege te kommen ta de ynstelling fan in gemeentlike earepinning. Mei dizze moasje sprekt de ried de winsk út om ynwenners of oaren dy't har op bysûndere wize ynset hawwe foar de gemeente, op in passende wize ûnderskiede te kinnen. Foarlizzend foarstel jout útfiering oan dy moasje troch it fêststellen fan in feroardering dêr't de gemeentlike earepinning formeel yn ynsteld wurdt. Beëage effekt Troch it fêststellen fan de feroardering wurde dúdlike regels en kritearia fêstlein foar it ûntwerp fan de gemeentlike earepinning, it proses oangeande oanfraach, beoardieling en beslútfoarming; en de útrikking fan ’e earepinning. Dêrmei ûntstiet in transparant en soarchfâldich ramt foar it takennen fan de gemeentlike earepenning. Arguminten 1.1 Troch it fêststellen fan in feroardering wurdt de takenning fan de earepinning objektyf, soarchfâldich en toetsber regele. 1.2 De feroardering draacht by oan it fersterkjen fan de bân tusken de gemeente en ynwenners dy't har op útsûnderlike wize ynset hawwe foar de lokale mienskip.
Dit past binnen it belied en de rol fan de gemeente op it mêd fan bestjoerlike wurdearring en erkenning fan maatskiplike belutsenens. It kin pleatst wurde binnen it programma Mienskip, wêryn't omtinken bestiet foar bestjoerlike represintaasje, wurdearring en belutsenens. 1.3 Hjirmei wurdt der ynfolling jûn oan in eksplisite winsk fan de ried. De gemeenteried hat op 7 maart 2024 unanym ynstimd mei taheakke moasje frjemd (2024-055037). Dêryn wurdt it kolleezje fersocht De Stjer fan Noardeast-Fryslân as earepinning yn te stellen. Toetsing Omjouwingsfyzje De Ster fan Noardeast-Fryslân past binnen de Omjouwingsfisy 1.0 gemeente Noardeast-Fryslân, fêststeld troch de ried op 10 july 2024. De Omjouwingsfisy beneamt it belang fan sosjale gearhing, belutsenens en mienskipssin. De gemeentlike earepinning draacht dêr oan by troch it erkennen en wurdearjen fan bysûndere maatskiplike ynset. Kanttekeningen en risiko’s As it ynstrumint te frekwint of sûnder dúdlike motivaasje ynset wurdt, kin dat ôfbrek dwaan oan'e betsjutting derfan. De wearde fan de gemeentlike earepinning stiet of falt mei in soarchfâldige en weromhâldende tapassing. De feroardering befettet dêrom dúdlike kritearia en in soarchfâldich beslútfoarmingsproses.
1
Finânsjes De kosten foar it ûntwerpen en oanskaffen fan de gemeentlike earepinning binne sa opboud: • Untwerpkosten earepinning: likernôch € 2.200, -- eksklusyf btw; • Oanskaf minimaal 6 sulveren earepenningen: sirka € 1.800, -- eksklusyf btw. De totale kosten bedrage dêrmei sa’n € 4.000, -- eksklusyf btw. Dy kosten wurde dutsen út de post represintaasjekosten B&W, lykas fêststeld by kolleezjebeslút fan 22 april 2025. Ek takomstige kosten foar útreikingen of oanfoljende earepenningen wurde út dizze post betelle. Ferfolch en planning Nei beslútfoarming troch de ried wurdt de feroardering publisearre op Overheid.nl. De dei nei publisearring giet de feroardering yn wurking. De ried wurdt op'e hichte brocht fan de takenning fan in ûnderskieding. Kommunikaasje + Partisipaasje Foar it gearstellen fan û.o. de feroardering is in advyskommisje yn it libben roppen, dêryn namen twa riedsleden sitting. By de útfiering fan de Stjer fan Noardeast-Fryslân sil ek in advyskommisje belutsen wêze. Elkenien (ynwenners en minsken fan bûten Noardeast-Fryslân) kin fia de gemeentlike webside ien foardrage foar de gemeentlike ûnderskieding ‘ Stjer fan Noardeast-Fryslân’, lykas beskreaun yn de feroardering. Der sil fia de gemeentelike kanalen geregeld omtinken wêze foar de Stjer fan Noardeast-Fryslân. Taheakken 1.
Riedsbeslút: Verordening voor het toekennen en uitreiken van de gemeentelijke Onderscheiding ‘Stjer fan Noardeast-Fryslân’; 2. Moasje frjemd d.d. 7 maart 2024. Dokkum, 10 febrewaris 2026 Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Noardeast-Fryslân,
de sekretaris, H.J.C.M. Verbunt MBA
de boargemaster, mr. J.G. Kramer
2
V1.0