CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Parseberjocht Noardeast-Fryslân bliuwt folop yn ûntwikkeling

It Beslút 13 juli 2023, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Vaststellen Kadernota 2024-2027 Noardeast-Fryslân479 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Dokkum, 15 juny 2023

Noardeast-Fryslân bliuwt folop yn ûntwikkeling Yn de kadernota foar 2024 sketst it kolleezje fan Noardeast-Fryslân in finansjeel byld mei twa gesichten: posityf foar de earstkommende jierren en somber fan 2026 ôf. Dochs bliuwt it kolleezje bot ynsetten op ûntwikkeling en op de ferbining mei de mienskip. It kolleezje wol dat ûnder oare dwaan troch ekstra jild yn it ûntwikkelfûns te setten. Op dy wize is der dúdlikheid foar projekten dy 't ynvestearringen op de langere termyn freegje. Wentebou, ferduorsuming en bestriding enerzjy-earmoede bliuwt hiel belangryk Fansels bliuwt der fokus op it rapper mooglik meitsjen fan wentebou en bedriuweterreinen, it ferduorsumjen fan wenningen en doarpsakkommodaasjes en it bestriden fan enerzjy-earmoede. Ek bliuwt der de kommende jierren ekstra jild foar de fiering fan âld en nij. Yn 2024 wol it kolleezje de bannen mei de doarpsbelangen en wykrieden sterk hâlde. Dêrby wurde der doarpsbiografyen en in doarpeaginda makke. Dêrneist wurdt stevich ynset op de ‘mienskipsoanpak’ Moetsje en beweegje foar ynwenners fan alle leeftiden, mei aktiviteiten út de mienskip wei, steane dêrby foarop. Oangeande de Jeugdsoarch leit de klam op de ferbining tusken soarch en ûnderwiis. Soarch tichtby en stipe op skoalle steane dêrby sintraal.

It kolleezje freget de ried om foar 2024 it ûntwikkelfûns oan te foljen mei €10 miljoen Yn 2019 waard in ûntwikkelfûns ynsteld mei 16,4 miljoen út de ferkeap fan Eneco-oandielen. Dêr waarden ûnder oare moaie projekten as Bruisend Hart Hallum en de ferheging fan de Molenkampsbrug yn Kollum út betelle. Yn it ûntwikkelfûns is ek jild reservearre foar de projekten Holwert oan See en de Noordelijke Stadsentree. Troch €10 miljoen út de algemiene reserve ta te heakjen oan it ûntwikkelfûns wol it kolleezje ek oare projekten en ûntwikkelings mooglik meitsje de kommende jierren. Sa waard koartlyn dúdlik dat ekstra jild nedich is foar it Hurddraverspark It giet om de werynrjochting fan de Hurddraver mei rekreaasje, sport en parkearjen. Dêrneist wurde der ek kosten ferwachte om in oplossing te finen foar MFC Burdaard. Ek dy kosten kinne út it ûntwikkelfûns betelle wurde. Dêrmei wol it kolleezje dúdlikheid jaan oan alle belutsenen dat de plannen aanst ek finansiere wurde kinne. Yn it fûns sit dêrneist jild foar oare projekten dy 't de kommende jierren noch opstarten wurde. Perspektyf foar gemeente Noardeast-Fryslân is twaliddich It perspektyf is posityf foar de koarte termyn, mar nei 2026 wurdt it soarchlik. Fan dy tiid ôf koart it Ryk de gemeenten finansjeel. Gemeenten liede mei syn allen by it Ryk dêrfoar de needklok.

It kolleezje leit de kadernota oan de ried foar Dy is tige bepalend foar de begrutting foar it kommende jier. De kadernota wurdt yn de ried behannele op 6 july. De ried wurdt frege de kadernota fêst te stellen op 13 july.

EIN PARSEBERJOCHT Neiere ynformaasje by Ienheid Kommunikaasje til. (0519) 29 87 52, e-mail: pers@noardeast-fryslan.nl

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=e51d9a54-0fca-4d74-9270-c03b41c206eb