CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Parseberjocht 20230601 Noardeast-Fryslân sette yn 2022 fol yn op mienskip wenningbou en ferduorsuming

It Petear 22 juni 2023, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Presentatie Jaarstukken 2022353 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Dokkum, 1 juni 2023

Noardeast-Fryslân sette yn 2022 fol yn op mienskip, wenningbou en ferduorsuming It ôfrûne jier hat it kolleezje fan Noardeast-Fryslân har benammen ynset op ferduorsuming, it bestriden fan enerzjy-earmoed, it fersneld bouwe kinnen fan wenningen yn doarpen en de ûntwikkeling fan bedriuweterreinen. De wethâlders hawwe boppedat by alle doarpen en wiken west en aksjepunten ophelle. De doarpe- en wikefûnsen hawwe ekstra jild krigen. De akkountant is te sprekken oer de jierrekken fan Noardeast-Fryslân. De gemeente toant fearkrêft en sit mei har jierrekken yn in beweging fan goed nei better! In soad personiele ynset gie nei de opfang fan flechtlingen út Oekraïne Tagelyk frege de wenopjefte fikse kapasiteit. Ek in goed ferrin fan âld en nij hie bygelyks de nedige oandacht. Nettsjinsteande personiele krapte binne foar wichtige ûntwikkelingen en plannen dochs stevige fundearringen lein yn 2022. De fundearring leit, no sille wy bouwe It is no tiid foar de útfiering fan de projekten en ûntwikkelings. Lykas de ‘mienskipsoanpak’ foar jong en âld, wêrby ’t moeting in wichtige rol spilet. Dêrneist wurde soarch en stipe tichterby organisearre. Tagelyk wurdt der hurd wurke oan in doarpe - en wykaginda mei byhearrende doarpsbiografyën. Fierder wurde bedriuwen yn stelling brocht foar it isolearjen fan besteande wenten. Ek it duorsumer meitsjen fan doarpshuzen en sportkantines kriget sichtber stal.

Dêr wurdt flink op ynset. Gemeente fersterket algemiene reserve yn maatskiplik ûnrêstige tiden Krekt as in soad oare gemeenten slút Noardeast-Fryslân de jierrekken dik yn de plus. Fan de € 11,4 miljoen giet der € 7,4 miljoen nei de algemiene reserve, sa wurdt it útstel oan ‘e ried. Guon budzjetten waarden net as minder oansprutsen, omdat ynset op krisissaken needsaaklik wie. Lykas de opfang fan flechtlingen, enerzjy-earmoed en coronamaatregels. It Ryk stelde dêrfoar jild beskikber. By de Wet maatschappelijke ondersteuning (Wmo) bleau ek jild oer, omdat minder minsken oanspraak op de Wmo diene. Mei it oanfoljen fan de algemiene reserve hâldt de gemeente ek rekken mei de koartingen út it Ryk wei fan 2026 ôf.

EIN PARSEBERJOCHT Neiere ynformaasje by Ienheid Kommunikaasje til. (0519) 29 87 52, e-mail: pers@noardeast-fryslan.nl

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=c970ef98-c6fc-4779-bab8-6aa24e525f99