CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

oannommen - Moasje - FNP - Akwatermy yn Noardeast-Fryslân

It Beslút 18 februari 2021, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Moasje FNP - Akwatermy yn Noardeast-Fryslân399 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Z276687-2020 MOASJE Art. 49 RfO

Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 7 yn de riedsgearkomste fan 18 febrewaris 2021

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op tongersdei 18 febrewaris 2021

Underwerp: Akwatermy yn Noardeast-Fryslân

De Ried, heard it beried, oerwaagjend dat: - de RES-opjefte foaral út sinne- en wynenerzjyopbringsten bestiet; - akwatermy sawol mei oerflakte-, drink-, ôffal- en rioelwetter opwekke wurde kin; - akwatermy mooglik yn 60% fan de regionale waarmtefraach yn Fryslân foarsjen kin; - Noardeast-Fryslân in wetterryk gebiet en dus in gaadlik opwekgebiet is; - akwatermy stadichoan posityf omearme wurdt troch sawol provinsje as wetterskip; - it binnen de enerzjyambysjes fan de riedsaginda Noardeast, it koalysjeakkoart Noardeast en it bestjoersakkoart provinsje Fryslân past; - it (lokale) bedriuwslibben de potinsje fan akwatermy yn Noardeast ek sjocht; fan miening dat: - akwatermy goed yn it Fryske lânskip mei har plattelânskarakter passe kin; - akwatermy oanslút by de winsken fan de mienskip; - akwatermy in gaadlik alternatyf is foar ierdgas; - akwatermy it elektrisiteitsnetwurk minder belêstet en der net folle romteopslach yn de beboude omjouwing nedich is; - de ûntwikkelingen fan akwatermy in positive ympakt ha kinne op ûnderwiis, wurkgelegenheid en ynnovaasje; - it positive ekologyske effekten op it wettersysteem hat; - akwatermy helber, betelber en technysk trochûntwikkele is;

fersiket it kolleezje: - te ûndersykjen hokker mooglikheden der yn Noardeast-Fryslân binne om akwatermy te ûntwikkeljen; - te besjen oft der yn Noardeast-Fryslân mooglikheden binne om, as earste Fryske gemeente, in pilot út te rôljen; - as gemeente dêrby safolle as mooglik de gearwurking mei ANNO-gemeenten, provinsje, wetterskip, bedriuwslibben, ûnderwiis en ekspertizesintrum ECW te sykjen; - de ried hjiroer te ynformearjen, en giet oer ta de oarder fan de dei

Yntsjinne troch: B. Koonstra (FNP), S!N, VVD, ELP-NEF, CU, PvdA en GROEN nof

Stimming

Foar: FNP (5), S!N (4), VVD (3), ELP-NEF (1), CU (4), PvdA (1), GROEN nof (1) =, GBNF (2) = 21

Tsjin: CDA (7), ALL (1) = 8

Moasje oannommen

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 18 febrewaris 2021. De ried niisneamd, de griffier,

de foarsitter,

{{Signer1}}

{{Signer2}}

mr. S.K. Dijkstra

mr. J.G. Kramer

Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 22/02/2021 11:35:32 CET ID: d3366f2a-60f0-46a3-948d-1c465e5aba45 Auth: Scribble

Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 22/02/2021 17:52:39 CET ID: d3366f2a-60f0-46a3-948d-1c465e5aba45 Auth: Scribble

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=d1e6f21b-076a-4cd0-8a4d-b42bfbdf2586