Oannommen amendemint Noardeast - Majeure projekten apart oan de ried foarlizze 261105
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2026-239190 AMENDEMINT Kêst 47 RfO Agindapunt: 6 (Begrutting 2027 en Mearjierrerûzingen 2028–2030) Underwerp: Majeure projekten apart oan de ried foarlizze De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 5 novimber 2026 beslút: 1. De punten 6 en 7 (oer de majeure projekten) te skrassen en te ferfangen troch: 6. De besteande, troch de ried fêststelde list fan majeure projekten en de dêrby hearrende rapportaazjeplichten bliuwe fan krêft oant de ried dêroer apart beslút. It kolleezje leit earst de wurkwize en de easken oan ynformaasje, risikobehearsking, rapportaazje en kontrôle oan de auditkommisje foar. Dêrnei folget in apart riedsfoarstel, mei it advys fan de auditkommisje. De politike ôfwaging en de beslútfoarming bliuwe by de ried. 2. It oarspronklike beslútpunt 8 te ferfangen troch in nij punt 7: De taheakke en as sadanich merke Begrutting 2027 mei de bylagen en de beslútpunten 1 oant en mei 6 foar 2027 fêst te stellen. De foarnommen wizigingen fan de list fan grutte projekten falle bûten dit beslút. De bylagen 4 en 5 en de dêrmei gearhingjende passaazjes yn de begrutting jilde net as beslút om projekten oan dy list ta te foegjen of derfan ôf te heljen.
Taljochting: Algemien De notysje fan de foarsitter fan de auditkommisje fan 8 oktober 2026 makket dúdlik dat de foarstellen oer de majeure projekten al yn it begruttingsfoarstel opnommen wiene foardat de kommisje har advisearjende rol ferfolje koe. Ut de behanneling op 7 oktober kin gjin ynstimming mei dy foarstellen ôflaat wurde. Dit amendemint hellet it oanwizen fan de útfiering fan de Spriedingswet, it behear fan kapitaalguod en it enerzjyprogramma, en it ôffieren fan Súd Ie en it gemeentlik mobiliteitsprogramma, út de begruttingsbeslútfoarming. Sa wurdt de folchoarder wer dúdlik: earst advisearring troch de auditkommisje oer de wurkwize en de kontrôle, dêrnei in apart beslút troch de ried. Dat slút oan by de notysje en de op 20 novimber 2025 fêststelde wurkwize.
Finansjele gefolgen Dit amendemint feroaret gjin budzjetten of krediten en hat gjin gefolgen foar it begruttingssaldo. Besteande útfieringsbesluten wurde net ynlutsen. Yntsjinne troch: A. Buwalda (FNP), BBB, PvdA, LNF, S!N, CU Stimming Foar: FNP, BBB, PvdA, LNF, S!N, CU, CDA, GBNF, VVD (28) Tsjin:- Amendemint oannaam Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 5 novimber 2026. De ried niisneamd, de griffier, de foarsitter, {{Signer1}} {{Signer2}} mr. S.K. Dijkstra mr. J.G. Kramer