Oannaam - Moasje Untflechting Noardeast-Fryslân en Dantumadiel 220707.docx
Tekst van het document
2022-100443 MOASJE Art. 49 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 10 yn de riedsgearkomste fan 7 july 2022
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 7 july 2022
Underwerp: Untflechting Noardeast-Fryslân en Dantumadiel
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: • yn de riedsgearkomste fan 23 juny 2022 unanym besletten is om definityf de amtlike organisaasje fan Noardeast-Fryslân en Dantumadiel te ûntflechtsjen; • troch in ûnôfhinklik akkountant en ekstern adviseur de kosten fan de ûntflechting bepaald wurde sille middels in opheffingsplan; • de brief fan it kolleezje oer de ûntflechting d.d. 19 april 2022, nr. 2022-085751 troch de hiele ried stipe wurdt; (sjoch taheakke brief en impaktûndersyk of link: Collegebrief aan raad - toelichting op impactonderzoek ontvlechting noardeastfryslan - iBabs RIS (bestuurlijkeinformatie.nl);
oerwaagjend dat: • der yn ús eagen twa partijen út elkoar gean wolle en dêrby lykwicht yn de kosten wêze moat; • der gjin sprake wêze kin, dat de ferdieling fan de kosten fan hjoeddeistich personiel, by de ûntflechting brûkt wurde sil; • de ferdieling fan kosten sa lykweardich mooglik ferdield wurde moat; • der gjin kosten yn rekken brocht wurde kin foar it opsetten fan in nije gemeenteorganisaasje troch Dantumadiel; ropt it kolleezje op: • om de kosten fan de ûntflechting fan de amtlike organisaasje sa folle mooglik yn rekken te bringen fan de feroarsaker fan de ûntflechting (de winsk fan in eigen koers fan Dantumadiel hat dêryn bepalend west); • alle prikken yn it wurk te stellen om de ferdieling fan de kosten fan de ûntflechting sa lykweardich mooglik te ferdielen tusken beide gemeenten, op syn minst 50%-50%; (bygelyks kosten fan personiel dêr’t direkt gjin funksje foar beskikber is); • de gemeenteried periodyk, dochs op syn minst elts fearnsjier, te ynformearjen oer de resultaten fan de ûntflechting,
en giet oer ta de oarder fan de dei. 220420 Collegebrief 220407 aan raad - toelichting Impactonderzoek op impactonderzoek ontvlechting ontvlechting.pdf Noardeast-Fryslan en Dantumadiel AVG-proof.pdf
Yntsjinne troch: H. Jouta (FNP), S!N, GBNF, BVNL, VVD
Stimming
Foar: FNP, S!N, GBNF, BVNL, VVD, CDA, CU, PvdA (29)
Tsjin: -
Moasje oannnaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 7 july 2022. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
mr. S.K. Dijkstra
mr. J.G. Kramer
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 11/07/2022 11:34:25 CEST ID: 8151756e-516a-442e-98aa-65a5e0cbcd03 Auth: Scribble
Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 11/07/2022 11:36:51 CEST ID: 8151756e-516a-442e-98aa-65a5e0cbcd03 Auth: Scribble