CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Oannaam - Moasje Tydlike wenningbou 220707.docx

It Beslút 7 juli 2022, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Perspectiefnota 2023-2026358 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

2022-100443 MOASJE Art. 49 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 10 yn de riedsgearkomste fan 7 july 2022

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 7 juli 2022

Underwerp: Tydlike wenningbou

De ried, heard it beried, oerwaagjend dat: ➢ der yn Noardeast-Fryslân, lykas yn hiel Nederlân, sprake is fan in tekoart oan betelbere wenningen, foar ûnder oare jongeren, allinnichsteanden, statushâlders en âlderen; ➢ de realisaasje fan betelbere tydlike wenningen de druk op 'e lokale wenningmerk ferljochtsje kin; ➢ yn oare gemeenten tydlike wenningen delset wurde foar in perioade fan maksimaal 15 jier; ➢ de ried de Woonvisie 2020-2025 fêststeld hat; ➢ de fêststelde Wenfyzje 2020 -2025 him allinne mar rjochtet op tydlike wenten mei soarch binnen hânberik; mear oerwaagjend dat: ➢ Noardeast-Fryslân alle helbere mooglikheden ûndersykje moat om de druk op de lokale wenningmerk te ferlichtsjen; ➢ tydlike (duorsume) wenten, lykas Tiny Houses, kontenerwenten, demontabele wenten en miskien oare foarmen, dêr in bydrage oan leverje kinne; ➢ der mooglik ien of mear lokaasjes geskikt binne foar tydlike wenningbou; ➢ wannear ‘t permaninte wenningbou op in lokaasje mooglik is, dit foar tydlike wenningbou giet; fersiket it kolleezje: 1. te ûndersykjen oft op ien of meardere lokaasjes tydlike wenningen realisearre wurde kinne; 2. dit ûndersyk mienskiplik mei direkt belutsenen, lykas doarpsbelangen, út te fieren; 3. studinten fan hegeskoallen en/of universiteiten te belûken by oplossings foar passende tydlike wenfoarsjenningen; 4.

de gemeenteried uterlik 1 novimber 2022 in foarstel te dwaan foar dy lokaasje(s),

en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: H. Jouta (FNP), S!N, GBNF

Stimming

Foar: FNP, S!N, GBNF, CU, PvdA (22)

Tsjin: CDA, BVNL, VVD (7)

Moasje oannnaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 7 july 2022. De ried niisneamd, de griffier,

de foarsitter,

{{Signer1}}

{{Signer2}}

mr. S.K. Dijkstra

mr. J.G. Kramer

Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 11/07/2022 11:34:23 CEST ID: 8151756e-516a-442e-98aa-65a5e0cbcd03 Auth: Scribble

Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 11/07/2022 11:36:49 CEST ID: 8151756e-516a-442e-98aa-65a5e0cbcd03 Auth: Scribble

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=ddb671a1-ade3-4f98-9505-7d6bbba76995