CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Oannaam - Moasje Slûske en Opfearten 240711

It Beslút 11 juli 2024, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Kadernota 2025-2028431 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Jiertal / saaknûmer: 2024-105262 MOASJE Art. 48 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 13 yn de riedsgearkomste fan 11 july 2024

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 11 july 2024

Underwerp: Slûske en opfearten

De ried, heard it beried, konstatearjend dat: • der in rapport ‘Masterplan opfearten’ makke is; • der in opmars is oan fraach nij geskikt wetter om op te suppen, kanojen en te farren mei sloepkes; oerwaagjend dat: • de Noordervaartsluis yn ferfal is; • it Slûske in kaairol spilet yn befarber meitsjen en ferbinen fan it efterlân mei Dokkum; • allinne it slûske opknappe, net genôch is om in rûte farre te kinnen; • der dêrom twa dûkers yn de Ealsumerfeart ek oanpast wurde moatte; • der koppelkânsen lizze om tagelyk de opfeartwallen natuerfreonlik yn te rjochtsjen; • der noch 116.000 euro beskikber is foar it opknappen fan it slûske en der mooglikheden bin foar sa’n 250.000 euro oan subsydzje; fierder oerwaagjend dat: • it kolleezje dit mei faasje oppakke soe, sa as tasein is troch wethâlder Soepboer; • om it masterplan opfearten fierder te helpen, it opknappen fan it slûske en ferheegjen fan de 2 dûkers yn de Ealsumer feart in earste stap is; • as it Slûske klear is en de 2 dûkers oanpast, men fierder gean moat mei it realisearjen fan it befarber meitsjen fan de rest fan it trajekt; • de baten fan it befarber meitsjen fan de opfearten in positive ekonomyske ympuls jaan sille foar de gemeente; fersiket it kolleezje: • € 650.000,- te reservearjen yn de Begrutting 2025, sa mooglik út it Untwikkelfûns, om de Noordervaartsluis op te knappen en fan de 2 dûkers yn de Ealsumerfeart de

hichte oan te passen; • dit projekt sa gau mooglik te realisearjen;

•

de ried op de hichte te bringen fan wat der fierder noch nedich is, technysk as/en finansjeel om it befarber meitsjen fan de opfeartenrûte Dokkum-Wierum-Ternaard,

en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: A. Buwalda (FNP), GBNF, PvdA, VVD, BVNL

Stimming

Foar: FNP, PvdA, VVD, BVNL, CU, S!N, CDA (25)

Tsjin:-

Moasje oannnaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 11 july 2024. De ried niisneamd, de griffier,

de wnd. foarsitter,

{{Signer1}}

{{Signer2}}

Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 17/07/2024 17:01:34 CEST ID: 5d508fcc-f6ce-4430-9fb9-e8aa0456bd5f Auth: Scribble

mr. S.K. Dijkstra

Signed By: van der Staal van der, Marije <m.vanderstaal@noardea 17/07/2024 17:29:58 CEST ID: 5d508fcc-f6ce-4430-9fb9-e8aa0456bd5f Auth: Scribble

M. van der Staal

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=f7a9b355-a6a7-4169-a371-291eca4da22b