Oannaam - Moasje Húsfesting Museum Dokkum 220707.docx
Tekst van het document
2022-100443
MOASJE Art. 49 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 10 yn de riedsgearkomste fan 7 july 2022
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 7 july 2022
Underwerp: Húsfesting Museum Dokkum
De ried, heard it beried, oerwaagjend dat: • Museum Dokkum in krappe húsfesting hat op dit stuit; • der stadich oan mear en moaier oparbeide wurdt tusken de ferskate musea yn ús gemeente; • der in soad ambysje en inisjatyf is by dizze partijen; ropt it kolleezje op: • mei te tinken mei it bestjoer fan it museum oer de húsfesting fan Museum Dokkum; • aktyf te bemiddeljen by de syktocht nei in oar plak foar Museum Dokkum; • mei te tinken yn de mooglikheden om as musea yn Noardeast-Fryslân gear te wurkjen, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: H.Jouta (FNP), S!N, GBNF
Stimming
Foar: FNP, S!N, GBNF, CDA, CU, VVD, PvdA (27)
Tsjin: BVNL (2)
Moasje oannaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 7 july 2022. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
mr. S.K. Dijkstra
mr. J.G. Kramer
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 11/07/2022 11:34:25 CEST ID: 8151756e-516a-442e-98aa-65a5e0cbcd03 Auth: Scribble
Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 11/07/2022 11:36:50 CEST ID: 8151756e-516a-442e-98aa-65a5e0cbcd03 Auth: Scribble