Oannaam - Moasje Grienfûns 220707.docx
Tekst van het document
2022-100443
MOASJE Art. 49 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 10 yn de riedsgearkomste fan 7 july 2022
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 7 july 2022
Underwerp: Grienfûns
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: • yn it Beslút fan 16 desimber 2021 it Groenstructuur- en Biodiversiteitsplan’ fêststeld is; • yn it akkoart fan de hjoeddeistige koalysje stiet dat bioferskaat fanselssprekkend is en dat de gemeente him ynsette wol op ûnder oare útstelde meandata, ekologysk bermbehear en in stimulearringsfûns grien yn doarpen en wiken; • it riedsfoarstel mei it ûnderwerp ‘Voor- en nadelen bomenverordening en grenzen bebouwde kom Wet Natuurbescherming’ op 9 juny 2022 oannaam is; • de moasje fan S!N fan 9 juny 2022 mei it ûnderwerp ‘Bescherming beeldbepalende bomen’ oannaam is en dat dêrmei it kolleezje de opdracht krigen hat om ûndersyk te dwaan nei in mooglik fûns foar it ûnderhâld fan monumintale beammen; • yn de perspektyfnota 2023-2026 150.000 euro ynsidintele mutaasje opnaam stiet foar ‘maatregelen groenstructuurplan 2023-2026'.
oerwaagjend dat: • bioferskaat essinsjeel is foar it wolwêzen foar alle natuer en alle minsken yn ús gemeente; • it wichtich is dat alle ynwenners fan ‘e gemeente de eigen omjouwing fergrienje kinne; • de gemeente mei in grienfûns ynwenners stypje kin om griene maatregels te nimmen lykas Operatie Steenbreek, Natuer mei de Mienskip, flinterydilles, geveltunen, ûnderhâld monumintale beammen en noch folle mear, om sa it bioferskaat te fergrutsjen; • de 150.000 euro foar de ‘Maatregelen groenstructuurplan 2023-2026' mooglik net genôch finansjele romte jout foar in goede útfiering fan it ‘Groenstructuurplan 20232026' en útfieringsmaatregels lykas it ekologysk bermbehear (sûnder klepeljen en
mei de mooglikheden om it meande bermgers te brûken foar saken lykas bokashi / kompost); ropt it kolleezje op: • foar 1 april 2023 in grienfûns foar de boarger yn te rjochtsjen en mei in útstel dêrfoar nei de ried te kommen; • (fierdere) útfiering te jaan oan it grienstruktuerplan, mei ûnder oare ekologysk bermbehear; • ûndersyk te dwaan nei de mooglikheid foar in strukturele bydrage yn de begrutting foar it grienfûns, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: H. Jouta (FNP), S!N, GBNF
Stimming
Foar: FNP, S!N, GBNF, CU, PvdA, VVD (23)
Tsjin: CDA, BVNL (6)
Moasje oannnaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 7 july 2022. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
mr. S.K. Dijkstra
mr. J.G. Kramer
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 11/07/2022 11:34:25 CEST ID: 8151756e-516a-442e-98aa-65a5e0cbcd03 Auth: Scribble
Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 11/07/2022 11:36:52 CEST ID: 8151756e-516a-442e-98aa-65a5e0cbcd03 Auth: Scribble